Koos Tiemersma – Quist

In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan ’e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa’t er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie.

No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: ‘De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.’ Nee, dat hie er better net sizze kind…

Quist is in Faustiaanse fertelling dy’t boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.

Mei De ljedder makke Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952) in suksesfol debút yn de Fryske literatuer, dat yn 2003 bekroand waard mei de earste Rink van der Veldepriis. Dêrnei folgen mear boeken, lykas De mjitte,Under wetter en Einum, dêr’t er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis foar takend krige. Syn wurk falt op troch de orizjinele styl en opset, ferhalen dy’t net sûnder humor ferteld wurde. De roman Quist is syn tsiende boek.

Utjouwerij: Het Nieuwe Kanaal

Facebooktwittermail

Hinke Veenstra – Heit en ik

Heit en ik is in unyk boekwurkje: in bondel fersen fan in heit en syn dochter. It binne Sipke Veenstra en Hinke Veenstra.
 
Sipke waard yn 1924 berne yn Garyp. Yn syn libben spilen klanken, kleuren en wurden in hiele grutte rol. Hy wie muzikus (wurke oan muzykskoalle ‘De Wâldsang’ yn Bûtenpost) en dirigent, keunstskilder en dichter/skriuwer. Fjouwer kear brocht er in bondel út: Hjoed… (1985), Grien Ljocht (1987),  Wat ik sizze wol (1991) en Myn taal (1997). Yn syn fersen spylje de leafde foar Fryslân en it Frysk in grutte rol. Mar ek de natuer, de nostalgy en it leauwe binne wichtige eleminten. Yn 20o2 ferstoar Sipke Veenstra.
 
Dochter Hinke waard yn 1958 yn Garyp berne. Op dit stuit wennet se yn Drachten. It miljeu dêr’t se yn opgroeide hat gâns ynfloed op har hân. Krekt as by har heit waard de memmetaal har hieltiden dierberder. Ek grypt se nei de pinne om no en dan in fers of koart ferhaal te skriuwen. Se skilderet en fotografearret. Yn 2015 debutearre se mei de fersebondel Lang om let.
 
De titel fan dizze bondel is: Heit en ik. Links stiet in fers fan Sipke en rjochts fan Hinke. Beide beskriuwe hja libbenstema’s út har eigen perspektyf wei.
 
Utjouwerij: Eigen behear

Facebooktwittermail

Simon Oosting – DC … en tichterby / DC … en dichterbij

Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC … en tichterby/DC … en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Sjoerd Bottema – De grize oer de grouwe: duvelske streken

Goeie ferhalen meie altyd wer op ‘e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

‘In skriuwer fan formaat.’ (Jelle Krol)

‘In fakman.’ (Henk van der Veer)

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Mindert Wijnstra – Jesse

Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Sipke de Schiffart – Sjappy

Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga fan Hitsum moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.

Sipke de Schiffart publisearre earder de suksesfolle ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen en dêrnei de noch suksesfollere dichtbondel Oan dy tinke – leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje.

Utjouwerij: Hispel

Facebooktwittermail

Joseph Conrad – De oerwinning
oersetten troch Geart fan der Mear

De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy’t men yn it libben mei oaren oangiet, dy’t de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld – ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy’t er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde skinke, mar ek slimme gefaren ynhâlde.
Yn ien fan de lêste sinnen fan it boek seit er: ‘Och, Davidson, wee de man waans hart yn syn jeugd net leard hat om te hoopjen, te beminnen – en om syn fertrouwen yn it libben te stellen!’
Dat Joseph Conrad dit boek De oerwinning neamd hat, is wol sjoen de ôfrin o sa wrang, mar ek wol wer tapaslik.

De oerwinning (1915) is wol it bekendste en meast tagonklike boek fan Conrad. Nêst Sulver en minsken, útkommen yn in Fryske oersetting yn 2019, en It geheim fan Lord Jim (2017), beide ek fan Geart fan der Mear, krijt de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei tagong ta de trije hichtepunten fan it wurk fan de yn it Ingelsk skriuwende Poal Joseph Conrad (1857-1924).

Utjouwerij: Elikser

Facebooktwittermail

Hanneke de Jong – Sis my wa’t ik bin

It is 1956, nei de simmerfakânsje. Loek sit yn de twadde klasse fan de ULO. In nije learaar lêst alle nammen fan de learlingen op, behalve Loek sines. Hy lêst ek in namme op dy’t gjinien wat seit. Mar wa’t dat is, wit er net. De learaar tinkt dat Loek him foar de gek hâldt en sleept him mei nei de direkteur. Dy stjoert Loek nei hûs mei it boadskip dat it tiid wurdt dat syn heit en mem alles fertelle.

Noch hieltyd hat er gjin idee. Syn mem jout him in deiboekje dat se byholden hat. It begjint yn 1944, as it oarloch is. Foar Loek begjint de syktocht nei wa oft hy no eins is.

Troch hiel Europa lizze stroffelstiennen (struikelstenen of, de oarspronklike namme, Stolpersteine). Al dy stiennen meiinoar binne ien grut monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch: de Joaden, Roma en Sinti, homo’s, handikapten en Jehova’s tsjûgen. Dy stiennen lizze foar de huzen fan minsken dy’t yn “e oarloch út harren huzen helle binne, nei kampen brocht en fermoarde. Foar de âlden fan Louis lizze twa stiennen foar it hûs dêr’t se eartiids wennen en dêr’t se weihelle waarden.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

Elske Schotanus – De raven – Facebookroman

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint
 
Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren. In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.
 
Lêzersreaksjes:
It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.
 
As ik in pear dagen yn it achter wie, gong ik earst werom nei wêr’t ik bleaun wie.
 
Ondanks dat ik Facebook vooral open op momenten dat ik even oppervlakkig wil scannen en scrollen, las ik regelmatig door als de eerste zinnen mijn aandacht trokken.
 
Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Leafde yn Ljouwert fan Fleur fan Ingen
oersetten troch Martsje de Jong

Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe…

As troubleshooter yn in fiifstjerrehotel is Jinte Jellema wol wat wend. Se komt dan ek fuort yn aksje as se heart dat de Keningssuite yn ien jûn hielendal útwenne is troch in frijgesellefeest en dat de oansteande brêgeman wegert om de keamer te ferlitten. Mei har keycard iepenet se de doar fan de lúksesuite, en mei kordate stappen rint se nei binnen ta…

Under de dûs besiket Hein van Kammen om de foarrige jûn fan him ôf te spielen. Hy woe gjin frijgesellefeest, want hy wol net trouwe. Spitergenôch móat er wol. Foar syn mem, foar syn sakeymperium… ‘Jo moatte fuortdaalk dizze keamer út!’ galmet it ynienen troch de badkeamer. Skrokken draait er him om, en hy sjocht in prachtige blonde frou, dy’t him poerlilk oanstoarret. wêrom is se boas op him? En wêrom seit in twingende stim yn syn holle: It giet oan!

Utjouwerij: Regaad

Facebooktwittermail