De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip – Lida Dykstra

Koartby binne der twa boeken fan Lida Dykstra ferskynd.

De earste is ‘De huodsjes fan Mata-Hari’ mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert. Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. 
En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

Utjouwerij: Wijdemeer

De twadde is ‘De Weddenskip’, mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen. Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken.
De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne…

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *