Dichter Boris Ryzji yn it Frysk

Ein maaie ferskynt ‘Ryzji yn it Frysk’, in mei de hân ynbûne, twatalige [Nederlânsk-Frysk] bibliofile útjefte, mei gedichten fan de Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001), oerset troch Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus. 

Yn dizze limited editio (86 siden), mei in ynliedend essay fan Eeltsje Hettinga, binne portrettekeningen fan Ryzji opnaam, makke troch keunstner Jochem Hamstra. De orizjinelen binne te sjen by de presintaasje fan de útjefte, freed 24 maaie, yn galerymelklokaal op It Hearrenfean.

Boris Ryzji debutearre as dichter yn 1994. Hy makke namme yn Moskou en Sint Petersburg. Yn 2000 naam er diel oan Poetry International yn Rotterdam. In jier letter, sân maaie 2001, benaam er himsels it libben. Foar syn wurk krige er twa grutte literêre prizen, ien dêrfan postúm.

Ryzji syn wurk waard yn Nederlân ûnder oaren oerset troch Anne Stoffel, byinoar brocht yn de bondels Wolken boppe E (2004) en Afscheid in Rusland (2013). Foar har oersetwurk krige se yn 2005 de Aleida Schotpriis, yn it bysûnder foar Wolken boven E.

Film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst makke yn 2008 de yndrukwekkende, mei tal fan prizen bekroande dokumintêre “Boris Ryzhy”.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *