Op freed 27 septimber sil Gabrielle Terpstra optrede op it festival TRANSPOESIE yn Brussel. It tema fan dit jier is “surrealisme”, om de berte fan dizze keunstfoarm, in iuw lyn, te fieren. In tema dat wol by Gabrielle past! It festival duorret fan 26 oant en mei 28 septimber en fynt plak op ferskate plakken yn Brussel. Har dielnimming wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalmastifting.
Ek is oeral yn de Brusselske Regio poëzij te besjen: op ruten, doarren en muorren, yn útstallingskassen, yn it iepenbier ferfier en by minsken thús yn wenkeamers. De tweintich dielnimmende dichters diele in koart gedicht, elk yn harren eigen taal en mei harren eigen ferhaal. De gedichten binne oerset yn it Nederlânsk en Frânsk. Dizze posters binne ferspraat yn de Brusselske Regio en bringe poëzij werom yn de iepenbiere romte. Se nûgje elkenien út om efkes stil te stean en te reflektearjen oer it hjir en no, en om fuort te dreamen yn in poëtyske wrâld dêr’t dreamen, realiteit en revolúsjonêr tinken troch elkoar rinne. Guon dichters wolle sjokkearje, oaren sykje it fantastyske, it ûnmooglike of it magyske. Alle gedichten binne ferskillende úteringsfoarmen fan ûneinige frijheid, yntinse langstme en de ôfwizing fan logika.
De dielnimmende dichters: Cosimo Suglia (Luxemburch), Csenger Kertai (Hongarije), Dr Adam Perchard (Kanaaleilannen (Jersey)), Ernestas Noreika (Litouwen), Esyllt Lewi (Wales), Gabriela Ruivo (Portugal), Gabrielle Terpstra (Fryslân), Gian Maria Annovi (Italië), Harkaitz Cano (Spanje – Baskelân), Haska Shyyan (Oekraïne), Jaan “Luulur” Malin & Rooluulend (Estlân), Jimi Lend (Eastenryk), Joost Oomen (Nederlân), Lupin Vivian (Kanaaleilannen (Guernsey)), Małgorzata Lebda (Poalen), Noemí Rodríguez & Toni Gibert (Andorra), Radu Vancu (Roemenië), Sara Búho (Spanje), Susannah Dickey (Noard-Ierlân), en Trygvi Danielsen (de Faeröer).
It programma fan Transpoesie 2024
Tongersdei 26/09
17:00 – 18:30: Citizens’ Garden: offisjele iepening fan it festival
19:00 – 21:00: Ambassade fan Luxemburch: Surrealism de Lux (resepsje mei flaubyt en drankjes)
Freed 27/09
12:00 – 14:00: Fleur en papier dorée – Goudblomke yn papier: debat & lêze, mei brochje op skoat
15:00 – 17:00: Keninklike gallery: the Poet & the Public – foardrachten
19:00 – 21:00: Italiaansk Kultureel Ynstitút: Cheer & Co (resepsje)
Sneon 28/09
12:00 – 14:00: Fleur en papier dorée – Goudblomke yn papier: debat & lêze, mei brochje op skoat
15:00 – 17:00: Keninklike gallery: the Poet & the Public – foardrachten
19:00 – 21:00: Liszt Ynstitút: A Maze Sing Words (resepsje)
Reservearje foar de Transpoesie-eveneminten kia fia dizze link.
Wat is Transpoesie?
Sûnt 2011 wurdt it jierliks poëzijfestival TRANSPOESIE organisearre troch EUNIC Brussel, in netwurk fan Europeeske nasjonale ynstituten foar kultuer en nasjonale organen dy’t belutsen binne by kulturele en besibbe aktiviteiten bûten harren nasjonale grinzen. TRANSPOESIE fiert meartaligens troch poëzij yn ferskate talen nei it hert fan Brussel te bringen. Dit festival, dat gearfalt mei de Europeeske Dei fan Talen en Taalferskaat op 26 septimber, bestiet út in rige eveneminten, sa as lêzingen, debatten en iepenbiere skriuwsesjes. Troch orizjinele gedichten yn harren memmetaal te toanen yn iepenbiere romten en online, wol TRANSPOESIE in platfoarm kreëarje foar ús grutte ferskaat oan talen yn Europa.
Festivalkurator is Philip Meersman, ekspert op it mêd fan eksperimintele poëzij, immersive publykûnderfining, PhD-ûndersiker oan AP University College en performancedichter dy’t wurket mei XR.
Mear witte? Sjoch op de website fan Transpoesie: www.transpoesie.eu