UPDATE 24-2-2026
Essay skriuwe dreech? Nee, just net! In essay is in moaie foarm om dyn eigen kijk te jaan op in ûnderwerp – en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr.
In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean. As it mar in lêsber en boeiend betooch fan sa’n 2000 wurden is!
Wy as bestjoer fan it Skriuwersbûn fine dat de Fryske literatuer mear essayisten fertsjinnet as no it gefal is. Dêrom nûgje we jimme allegearre út om mei te dwaan oan de wedstriid Essay Skriuwe, dy’t wy yn ‘e mande mei Tresoar yn 2026 opsette.
It essay moat gean oer: Ferhalen fertelle. Hokker fraach hjirby past? Dat is oan jimme!
Foar de winners hawwe wy mei tank oan Tresoar in moaie jildpriis en wy binne fan doel de moaiste essays te publisearjen.
Kinst dyn essay ynstjoere nei ynfo@skriuwersbun.frl oant 2 april 2026. De útslach is op in spesjale jûn yn juny. De datum dêrfan meitsje wy noch bekend.
It reglemint foar dielnimmers is hjir troch te lêzen.
Ek de presintaasje fan Doeke Sijens stiet online. Dizze is hjir del te heljen (it is in Powerpoint, it twadde linkje ûnder Essaypriis 2026.

