Elmar Kuiper syn poëzy is yn dizze nije bondel kealer, direkter, konfrontearjender as earder. Hy lit him sels mear sjen en it giet dêrby fan notearring sûnder poespas nei meislepende lyryk.
It lânskip, de wrâld dêr’t er yn opgroeid is, is sels ûnderwerp mar tsjinnet foaral ek ta tematyske ferbylding. Yn it gedicht Mem Ganges lit Kuiper dêrneist sjen dat er yndrukken opdien nei in reis nei Yndia, likegoed op ynkringende wize wit te brûken.
Utjouwerij: Hispel