Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) organisearret op freed 21 juny om 20.00 oere in feest foar skriuwers, útjouwers en lêzers yn kafee Marktzicht yn Drachten. It tema fan it feest is “Sinnekear” (Zonnewende).
Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal, fan 500-600 wurden, oer it tema te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. De winner wurdt pas op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.
Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 14 juny binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslân.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.