Ferdivedaasje mei it moardmystearje fan Grutte Pier

Folksheld en frijheidsstrider Grutte Pier libbet ek yn ’e 21ste iuw troch yn it kollektive bewustwêzen fan de Fryske kultuer. Op syn 500ste stjerdei sprekt syn leginde noch altiten ta de ferbylding by jong en âld. In memorabel gegeven dat Grutte Pier Brouwerij 28 oktober alle eare oandocht. De brouwers nûgje alle bierleafhawwers út om mei te helpen de wierheid oan it ljocht te bringen: wa hat Grutte Piers trouste striidmakker fermoarde?

Op 28 oktober 500 jier lyn blies er yn Snits syn lêste siken út: Pier Gerlofs Donia. Fan oarsprong wie er in freedsume boer, mar hy soe de skiednis yngean as legindaryske frijheidsstrider Grutte Pier. Anno 2020 is Fryslâns ûnôfhinklikens lykwols derby ynsketten. Mar it soe de âlde folksheld dochs goed dwaan om fêst te stellen dat it folk dêr’t er foar stried, wolfarrend is en de Fryske kultuer yn de 21ste iuw libbet as in hart. Hy soe it djip yn syn hert machtich fûn hawwe dat syn namme yn eare holden wurdt troch in stel renommearre brouwers en harren crowd yn Bartlehiem. Want dat hie er fansels nei bûten ta amper blike litten.

Wa fermoarde Wierd Jelckama?
Grutte Pier: hertstochtlik ferdigener fan ’e Fryske frijheid. Mar ek in man mei in grut, soarchsum hert foar ‘syn’ minsken en in sterk ûntwikkele gefoel foar rjochtfeardigens. Syn neef Wierd Jelckama leechhertich fermoarde: kinst dy foarstelle hoe kjel oft Pier fan dy tynge waard. Dat er op ûndersyk út giet om de wierheid boppe wetter te krijen, dêroer twivelet er gjin tel. Grutte Pier sil der alles oan dwaan dat yn syn macht leit, om syn ûnôfskiedlike striidmakker rjocht te dwaan!
Grutte Pier Brouwer daget bierleafhawwers út om mei de âlde frijheidsstrider mei op ûndersyk út te gean. Op in kweeste dy’t by djippe skaden fan ferlitten gloppen, grêften en plein del giet. Troch dizenige greiden dêr’t de kjeld dy yn ’e bonken krûpt en it faaie fisioen fan in mysterieuske wiersister soarget foar ûnbehagen. Yn herbergen fan min ofte mear twiveleftich alloai. Dêr’t hurdsteefjoer en it ljocht fan walmjende kearsen grillige skaden tekenje op besmodzge muorren en erchtinkende eagen hinne en wer geane. En ûnder de lege houten balken fan ’e souder petearen hommels stilfalle as in frjemdling té neioan komt. Wês wach. Want do hast gjin idee hoe’n bytsje oft in minskelibben wurdich is yn ’e rauwe, tsjustere wrâld fan de lette midsieuwen.

Ekstra poarsje ferdivedaasje

It Grutte Pier ‘moardmystearje’ is betocht troch brouwer Frans Filius fan Bartlehiem. Dit unike aventoer wurdt ta libben brocht troch skriuwer en rasferteller Geart Tigchelaar, mei yllustraasjes fan it trio Leander de Goede, Fokke van der Hoek en Bart Lentjes. In ferhaal net allinnich ferteld yn it Frysk mar ek yn it Nederlânsk. Mei dit mystearje wol Grutte Pier Brouwerij soargje foar in ekstra poarsje ferdivedaasje. Foar tsjustere neijiersjûnen, mei’t troch de koroana opkrongen alkoholklok bierleafhawwers oan hûs bûn binne. En tagelyk promoatsje de brouwers op in boartlike wize de Fryske taal.


It Grutte Pier ‘moardmystearje’ hat alles yn him om in collector’s item te wurden. Wa’t belangstelling hat, kin fan 28 oktober ôf alfêst syn of har eksimplaar bestelle fia gruttepierbrouwerij.nl/moordspel. Fan heal novimber ôf is it aventoer te krijen by selektearre sliterijen, supermerken en spultsjewinkels. Moai op ’e tiid as orizjineel kado, foar yn ’e skoech of ûnder de beam. Foar elkenien dy’t syn hân net omdraait foar ‘Bûter, brea en griene tsiis…’. Of wa’t yn alle gefallen leare wol om dy legindaryske wurden goed út te sprekken.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *