Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

Foto : Jacob van Essen

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten.

De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat earder ek al die by al syn bondels. (…) Dat makket ‘Dichter fan Fryslân’ ta it bêste dat de Fryske poëzij de ôfrûne jierren opsmiten hat.’

De advyskommisje fan dit jier bestiet út Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde. Hja ha wurk beoardiele dat publisearre is yn de perioade 2017 oant en mei 2020. Gewoanwei wurdt de Gysbert Japicxpriis takend oan in bondel/roman of oeuvre, mar de advyskommisje fan dit jier is fan miening dat de publikaasjes yn de Fryske media, in spesjale útjefte (as bylage by beide Fryske kranten) en op de webside fan ‘Dichter fan Fryslân’ foldwaande binne om de ienheid fan it wurk dúdlik te meitsjen.

Oer Eeltsje Hettinga

Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) wurke jierrenlang as selsstannich sjoernalist. Yn 1998 debutearre er mei Akten fan Winter (bekroand mei de Fedde Schurerpriis), syn bondel Ikader waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Neist de publikaasje fan fiif poëzybondels is er op oare mêden literêr aktyf as oersetter en skriuwer fan monografyen en essays. Ek wurket er gear mei byldzjend keunstners en skriuwt er al jierren op syn eigen blog.

Eeltsje Hettinga waard as earste ‘Dichter fan Fryslân’ beneamd mei as doel om as ambassadeur op  moderne en útnûgjende wize soarch te dragen foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân en aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzy. Yn dy perioade (2017-2019) skreau er hast tritich gedichten.

Oer de útrikking

De Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 6 novimber útrikt yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. De priis bestiet út in oarkonde, 10.000 euro en der komt 5.000 euro beskikber om it wurk oersette te litten.

Yn de wike foarôfgeand oan de priisútrikking wurdt troch Tresoar en oare organisaasjes in literêre wike mei ferskate aktiviteiten organisearre. Dêroer folget meikoarten mear ynformaasje op de webside fan Tresoar (www.tresoar.frl).

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *