Op 17 maaie is Hindirk Hannema (Schotanus) ferstoarn. Noch mar 33, in grut talint op it flak fan absurdistyske poëzij. Mei syn earste (twatalige) bondel, Myn mem is noch faam, makke er yn 2021 djippe yndruk. Skriuwe wie foar him ‘suvere magy bedriuwe’.
Hindrik wie noch mar koart lid fan It Skriuwersbûn, mar we wienen allegearre al gau oerdondere troch de kombinaasje fan in sêfte jonge en syn innovearjende wize fan optreden en opfallende ferskining op it poadium. Wy sille him misse!
Op de reachsiden fan De Moanne en Ensafh. binne de werinneringen oan Hindirk te lêzen fan Tialda Hoogeveen en Gabriëlle Terpstra.