It bestjoer fan it Skriuwersbûn bestiet op dit momint út de folgende persoanen:
Willem Verf – foarsitter
Geitehâlder (gekheid fansels, mar hy hat in pear prachtige geitsjes), man fan Wilda, heit fan trije bern en skriuwer!
Mei in Dútske mem en Fryske heit wie de wrâld al fan syn jeugd yn Snits ôf grutter dan de stêd sels. Hy wie aktyf yn it maatskiplik, sosjaal-kulturiel en opbouwwurk en ek yn de provinsjale polityk foar Grien Links.
As skriuwer makke hy syn debút út yn 1982 en syn nije boek, De wûndere leafde fan Emine en Einte, leit no yn de winkel.
Lês hjir wat Willem fierder by de ein hat.
Ammerins Moss-de Boer – skriuwer/sekretaris
In romanskriuwer, in berneboekeskriuwer, in dichter… wat hawwe wy dan noch net? In oersetter! En oersette docht Ammerins mei nocht. Boartsje mei taal – Ingelsk, Nederlânsk en Frysk – en der dan sa’n tekst fan meitsje dat dy hast better lêst as it orizjineel. Dat is it doel!
As bestjoerslid hat se har op de reachside en sosjale media smiten, en is it leafst in echte ‘regelnicht’ achter de skermen.
Se hat ek wat mei Ierlân (en helle der sels har man wei), toaniel (foar it spyljen is der no hast gjin tiid mear) en hat yn de Zoom-tiid ûnder de gearkomsten hiel wat ôfbreide. No bliuwe de priemmen thús – dat is ek feiliger as it toch knetteret by in diskusje.
Wat se docht oan oersetten, tolken en mear is hjir te lêzen.
Jan-Hendrik Woudstra – ponghâlder
Jan-Hendrik is net allinnich by ús de finansjele man, mar ek op de skoalle yn Dokkum dêr’t er wurket. Hy dichtet yn it Frysk en Nederlânsk en hat ferskate bondels publisjearre oer ferlies, leafde en leauwe.
Hy wit alle geheimen fan Excel en dat is fansels wol handich as je ponghâlder binne en de boekhâlding en ledeadministraasje wat netsjes byhâlde moatte!
Hy hat in soad affiniteit mei de Joadske skiednis, en wit as gids fan alles oer wichtige plakken hjir yn Fryslân, mar wit ek it paad yn Amsterdam (wy moatte noch hieltyd tegearre in kuier dwaan, hint hint).
Doe’t Reina en Jan-Hendrik foarrich jier yn it bestjoer kamen, stelden se har earst foar mei in fraachpetear – en dat is fansels noch hieltyd nijsgjirrich om te lêzen!
Sjieuwe Borger – algemien bestjoerslid
Sjieuwe is berne yn 1964 te Meppel en groeide op yn Gitern en Grou. Hy helle it gymnasiumdiploma op it Feen en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Nei de tsjinsttiid yn Seedorf wurke er yn De Haach, Amsterdam, Drachten, Ljouwert en Grins yn ferskate advysfunksjes yn bestjoersrjocht en arbeidsrjocht.
Hy wie earder al ris lid fan it Skriuwersbûn en seach yn de needgjalp foar de Fryske skriuwerij in nije oantrún om him as bestjoerslid op te jaan.
Hy hat seis goed ûntfongen romans op syn namme stean en is dwaande mei in roadnovel. Neist Frysk en Hollânsk en de oare Westeuropeeske talen Dútsk, Ingelsk en Frânsk behearsket Sjieuwe it Italjaansk en it Russysk.
Wy sykje noch ien bestjoerslid om op in ûneven tal te kommen. Mear ynfo is te krijgen fia: ynfo@skriuwersbun.frl