Fraachpetear tusken Jan en Reina Greet

Jan H. Woudstra is ponghâlder fan it Skriuwersboun. Reina Greet Smeink – Kroodsma is kandidaat-bestjoerslid. Yn april wol se graach yn it bestjoer talitten wurde en de taken fan de sekretaris oernimme.

Jan Woudstra en Reina Greet Smeink-Kroodsma – Foto: Pier Boorsma

Reina fertel ris; wa is dyn heit wa is dyn mem?
Ik bin ien fan de fjouwer en dan de twadde fan Pieter en Nelie. Hikke en teine yn Jannum op ‘e buorkerij. Ik haw fan hûs út in protte leafde foar de natuer meikrigen. It wie dêr lyts en dochs grut om ’t ik alle romte hie dy’t ik nedich wie. Letter nei ‘de grutte stêd’ Dokkum op skoalle en dernei de noch gruttere wrâld yn.

En do Jan? Fan wa bist do der ien?
Wat grappich datsto dat seist fan de grutte stêd Dokkum. Ik bin opgroeid yn Ljouwert en by myn trouwen krekt keazen foar in lyts stedsje as Dokkum om de grutte stêd te mijden. As ik oan Jannum tink, dan tink ik oan dat moaie tsjerkje op in prachtige serene plak mei it moaie doopfont en sarkofagen. Ik haw dêr in ea filmke opnommen mei myn freon ds. Herman de Vries (sjoch mar ris op Youtube).
Sa at ik sei bin ik opgroeid yn Ljouwert. Us heit hjit Andries Woudstra en ús mem Klaaske Westerhuis. Ik bin fan hûs út totaal net Frysk wend. Heit komt út Rottefalle en mem út it Bilt. Thús (yn de grutte stêd Ljouwert) praten wy Biltsk. Troch myn frou Baukje, dy berne is yn Ie, kaam it Frysk om de hoeke. Dêrfoar haw ik allinne Fryske les hân yn it fuortset ûnderwiis.

Hoe gie dat mei taal by dy thús Reina? Ik nim oan in soad Frysk?
By ús thús waard yndied in soad Frysk praat. Us mem komt út it ûnderwiis en hat it altyd belangryk fûn dat wy ús ek goed yn ’t Nederlânsk fersteanber meitsje koene. De boekekast stie altyd fol. De leafde foar letters is altyd bleaun. By alle fjouwer trouwens. Dêr bin ik hiel tankber foar. 
 
Hoe bisto oant skriuwen kommen Reina, do wiest dus earst fysioterapeut?
Dat kloppet. En mei folle wille. Ik wie spesjalisearre yn geriatry en neurology en altyd ûnderweis om’t ik meastentiids de minsken thús behannele. Troch sykte hold dat frij hookstrooks op. Dat ha ik best wol hiel dreech fûn. Mar, ik bin fansels ien fan Pieter en Nelie en dy jouwe net samar belies. Dus ha ik neitocht oer wat de mooglikheden binne en kaam wer werom by de taal. Wannear’t ik der oer nei tink hat de leafde foar wurden nea fuort west en ha ik by alles wat ik oant no ta dien ha altyd dwaande west mei taal. Of dat no it genietsjen wie fan de ferhalen fan eartiids dy’t ik hearde as fysioterapeut of in folder dy’t ik makke, taal hat altyd in reade tried west. It ferhaal fan Reina, skriuwen, ferhalen en wurden, dat ferhaal giet noch hieltyd fierder. No as wurdsamler foar bern en stikem ek foar grutte minsken. 


En fertel do ris Jan, oer dyn ferhaal. Wat betsjutte taal, kreativiteit en wurden foar dy? Wat is dyn skiednis?
Ik ha fan lyts oan myn tinzen byhâlden yn deiboeken. Myn kreativiteit kaam der earder út as etaleur by V&D mar troch te min oeren ha ik my omleare litten oant boekhâlder. Hiel wat oars dus. Myn kreativiteit kaam benammen yn myn frije tiid oant utering troch it betinken fan jeugdtsjinsten en organisearjen foar aktiviteiten foar jongerein. De lêste tiid doch ik dat foaral mei it jaan fan stedskuiers troch Joadsk Amsterdam/Ljouwert en Grins. 
Wat myn skiednis oangiet sit ik mei bêst in soad fragen. Sa joech myn heit flak foar syn dea my it boekje ‘Mystearjes yn Fryslân’. Dêr soe de moard op myn oerpake Jan Modderman yn beskreaun stean. Ik soe dêr hiel graach in roman oer wolle skriuwen. Wa wit ea. Ek de Joadske roots lizze my nei oan it hert. De Woudstra’s wiene Asjkenazische Joaden dy’t út Poalen en Dútslân wei harren fêstige ha yn Fryslân en njonken it oanpasse fan har namme harren hjir ynboargere ha.


Sis Reina hoe ûntstean de ideeën foar Tomke? Ik sjoch yn dy dat boartlike, of neam it ûndogens werom yn Tomke.
Myn ideeën ûntsteane spontaan troch in heugenis, in ferhaal fan eartiids of eat wat ik sjoch yn it deistich libben. Kinst eins wol sizze dat ideeën ûntstean troch it libben sels. Dat jildt foar alles wat ik skriuw. En ja, dat ûndogense stik fan my kin ik hiel goed kwyt by Tomke. Hearlik!

Lêst do wolris in Tomkeferhaal Jan?

Ik fyn it hearlik om in boekje fan Tomke foar myn pakesizzers foar te lêzen. Ek fyn ik it machtich de fantasy by myn pakesizzers te sjen en hearen wannear’t ik foarlês en fansels ek wat de ôfbyldingen by harren opropt. 
 
Wat fynst do it moaist it oan skriuwen en wat minst aardige yn it skriuwproses Reina?
De keunst om sa stil fan binnen te wurden dat ik de wurden heare kin dy’t graach skreaun wurde wolle, dat fyn ik de moaiste útdaging dy’t by it skriuwen heart. Ticht by mysels bliuwe en bliid wurde fan moaie fynsten, in moai wurd, in emoasje, in grapke. Ja, dêr doch ik it foar! Ik kin ek wier genietsje fan de prosessen derom hinne. De leuke kontakten mei kollegaskriuwers, gearwurkje, it hoe en wat fan de skriuwers- en útjouwerswrâld en hoe’t ik mysels deryn bliuwe kin. Allegearre moaie en learsume prosessen. De ienige dy’t ik oant no ta wier by tiden hiel yrritant fyn is it stikje Reina (of Greet) wat stikem yn myn ear flústeret en seit: tinksto wier datsto dit kinst? Wannear’t dat bart dan sjogge wy inoar djip yn ‘e eagen en lêsten hawwe wy inoar in high five jûn. It soe dus samar wêze kinne dat wy noch freonen wurde!


Hoe belibbest do it skriuwen Jan? Wat giet hast as fansels en wat fynsto in útdaging?
Ik genietsje fan it meitsjen fan myn gedichten. Dy ûntstean faaks troch it hearren fan in wurd as it goed is moat in gedicht der ek yn sa’n 5 minuten stean. Ik sit no yn it lêste stikje foar it útkommen fan myn 4de bondel. It manuskript giet in oantal kearen hin en werom fan my nei de útjouwer want do wolst fansels dat alles perfekt en sûnder flaters publisearre wurdt. Dizze perioade fyn ik it minst aardige fan it hiele proses.
 
Reina wy hawwe njonken de natuer en kontakten mei minsken neffens my noch in mienskiplike dieler: de dea. Ik wie rekke troch dyn ferhaal oer de snieflok.
Wat moai dat it ferhaal dy rekke hat. Ik haw it skreaun foar Tsjil. De dea is in ûnderwerp dat my dierber is. De dea is foar my breder as de dea sels. It betsjut in ein en tagelyk ek in nij begjin sa as in soad dingen dy’t it libben bringt. Soms moat der earst wat ophâlde foar’t der wat nijs komme kin.

Ik ha dyn bondel ‘In Gedichten Geweven’ lêzen. Wat my rekke is dat yn dyn wurden it libben en de dea wier ferweven binne. Dat fyn ik samar hiel moai en bysûnder.

De dea is troch it stjerren fan myn frou Baukje in part fan myn libben. Der oer prate fyn ik wichtich. Sa ûntstie ek it idee om der oer te skriuwen, te dichtsjen. Ik fyn it prachtich as troch myn wurden minsken dan rekke wurde.


Wolsto wat fertellen oer nije projekten. Reina?
Dizze simmer mei ik trije wiken mei Barbara de Ruiter gebrûk meitsje fan de Skriuwersarke. Dêr sjoch ik nei út! Twa jier lyn mocht ik der ek útfanhûs en ha ik in begjin makke mei Bûseskatten. Gedichten ynspireare op lytse skatten dy’t bern en folwoeksenen bûten fine en yn ‘e bûse stekke om te bewarjen. Barbara sil de yllustraasjes derby meitsje. Ik bin ek dwaande mei in boek fol mei Nederlânske wurden en ha dernjonken genôch oare ideeën. 
 
 
Wat stiet der by dy allegear noch op priemmen Jan?
Lykas sein sit ik yn lêste faze foar it útkomme fan bondel 4 ‘Verwerkt’ Gedichten. Dizze bondel ferskynt 21 maaie. Ik hâld dan in presintaasje yn de Sint Vitens tsjerke boppe op de terp fan Wetsens. Elkenien is fan herte wolkom op dy dei fan 13:30 oant 15:00! Ik ha dizze wike ek bondel 7 ôfrûne. Yn elke bondel steane 70 gedichten mei 10 dêr fan yn it Frysk. Elts jier ferskynt der in bondel dus ik bin oant 2025 yn it foarút! En wa wit ha ik no romte foar dy roman? 


En no dus mei-inoar yn it bestjoer fan de Skriuwersboun. Moaie ynspirearjende minsken om mei mei-inoar te wurkjen. 

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.