Berneboeke-ambassadeur
De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set him of har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.
Dichter fan Fryslân
De Dichter fan Fryslân treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. Binnen en bûten de provinsje. Leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.
Dichterskollektyf RIXT
Dichterskollektyf RIXT is in breed platfoarm fan Fryske dichters. Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuële saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.
Boeken fan Fryslân
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Koepelwebsite foar de Berneboeke-ambassadeur, de Fryske Boekewike, de Sutelaksje en de Dichter fan Fryslân.
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
De stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) waard oprjochte yn 1959. Yn 2002 is it FLMD opgien yn Tresoar. De stifting beheart fûnsen om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe foar de Fryske literatuer, lykas oarspronklik Frysktalich wurk en de Skriuwersarke.
It FLMD beheart trije prizen: D.A. Tammingapriis foar it bêste debút (om en om proaza en poëzij); de jierlikse ferhale- en gedichtewedstriid de Rely Jorritsmapriis en de twajierlikse Rink fan de Veldepriis foar proaza.
Tresoar
By Tresoar dûkst de skiednis fan Fryslân yn. Op digitale wize of troch it ferline letterlik oan te reitsjen. Tresoar is íen grutte skatkeamer fan Fryslân mei skatten om te besjen en te ûndersykjen. Freugde, fertriet of fernuvering – ien ding is wis: it ferline makket emoasjes los. Wy bewarje it Fryske ferline en lizze ferbining mei it no en de takomst. Wêr komme wy wei, hoe binne wy feroare en wêrom? Lykas in beam heech rikke kin omdat hy djippe woartels hat, sa krijt it paad foarút mear fêstigens as wy sjogge nei it paad dat wy al ôflein hawwe.
En fansels ek:
Hast ek in link nei in nijsgirrige boarne fan Fryske literatuer? Lit it ús witte!