Literêre jûn mei Annejet van der Zijl

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de Literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart 2020. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten. Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk.

De Literêre jûn wurdt holden by Dansschool Saco Velt yn Ljouwert.

Programma:
20.30: ynrin, muzyk troch Wiebe

21.00: iepening troch Geart de Vries

21.05: yntroduksje Geart de Vries, Annejet van der Zijl en Baukje Zijlstra

21.10: foarlêzen troch Annejet en Baukje

21.20: muzyk Wiebe

21.30: ynterview Annejet van der Zijl en Baukje Zijlstra troch Geart de Vries

21.50: fragen út de seal

22.10: foarlêzen troch Annejet van der Zijl

22.20: sluten troch Geart de Vries

22.25: sinjearen en bar iepen

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *