Nominaasjes wedstriid Fersier in fers bekend

Ljouwert – Sân nominaasjes meitsje kâns op in priis yn it ramt fan de wedstriid Fersier in fers, sa makke de sjuery juster bekend. Albert van der Kooij, direkteur fan Frisian Design Factory, Elmar Kuiper, byldzjend keunster en dichter, en Nina Peckelsen, yllustrator, hawwe har bûgd oer de ynstjoerings.

By de Junior-edysje fan de priisfraach binne der fiif nominaasjes: Fimke Haytema (15) út Koudum, learling fan Bogerman Koudum foar har keunstsinnige reaksje op it fers Nachtkeamer, Yaling van der Werf (15) fan Húns, learling fan Bogerman Wommels foar syn reaksje op it gedicht Paradysfûgel, Sarina Huijser (15) fan Snits en Andries Bos (14) út Boalsert, beide learling oan it Nordwin College yn Snits foar harren reaksjes op de fersen Proefrit en Syn namme foarby, en ta beslút Marijke Kuperus (13) en Janiek Kloostra (12) út Nijewier, learlingen oan it Dockinga College, foar harren reaksje op it gedicht Proefrit.

Wat de Senior-edysje oanbelanget, hat de sjuery twa nominaasjes takend: Jentsje Fekkes út Koudum foar syn artistike reaksje op it fers Wille, en Janke Dijkstra fan it Hearrenfean foar har reaksje op de liettekst Jo Hear, dy’t foar it oanbegjin.

Alles byinoar wiene der foar de earste edysje fan dizze wedstriid 45 ynstjoerings. 38 foar de Junior-edysje en sân foar de Senior-edysje. De wedstriid Fersier in fers is in inisjatyf fan Friesch Dagblad, Cedin en it Skriuwersboun, ta eare fan de 75e edysje fan Ferstival, de Fryske foardrachtswedstriid foar jongerein. Op sneon 16 desimber, as ûnderdiel fan de finale fan de foardrachtswedstriid yn it Posthuistheater op it Hearrenfean, wurde de winners bekendmakke.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *