Skriuwersmiel 2017

Foto: Skriuwersmiel 2016 (Piet Douma)

Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden.
Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.

It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen. En lês dêrby ek in koarte passaazje of gedicht foar.

Sa hoopje wy mei-inoar in smûke jûn mei lekker iten te belibjen wylst wy yn inoars omreizgje.
Wolle jo mei-ite, dat kin fergees, mar opjefte is wol wichtich, fansels foar de bestelling fan de catering. Yntrodusees binne wolkom.
Graach opjaan foar 13 desimber 2017 fia it e-mailadres bestjoer@skriuwersboun.nl en dan hoopje wy jo op 16 desimber yn Feanwâlden te sjen.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *