Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer sil der omtinken jûn wurde oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Der wurde minsken frege om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (https://frisianhumanities.frl/), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.
Wa’t ynteresse hat, kin in mailtsje stjoere oan: Meindert Reitsma, Meindert.Reitsma@tresoar.nl, of Eric Hoekstra, ehoekstra@fryske-akademy.nl.