Rigel fan Rink

Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.

Foto: Geart Tigchelaar

Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.
 
It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere.
 
As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan drûch en wiet foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *