De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard dit jier foar de tsiende kear útrikt en gie nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, dat yn 2020 ferskynd is by útjouwerij Frysk en Frij. De priis, grut € 2000, waard sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en in oarkonde krige de winner ek in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk.
It boek giet oer Tilma Jager, dy’t yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en no útfanhuzet by har heit. Troch har weromkommen rekket it krimpdoarp yn ûnstjoer en dan is der gjin rêden mear oan.
It sjueryrapport seit: “It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de perspektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen. … It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen.”
Sels ek lêze? It boek is te bestellen by de útjouwer of te krijen yn de boekhannel.
Mear oer de Rink van der Veldepriis is te lêzen op de side fan it FMLD.