Dames en hearen, wy fan de sjuery foar Fersier in fers wolle jim ek nochris hertlik wolkom hjitte. Wy, dat binne keunstner en direkteur fan de Frisian Design Factory Albert van der Kooij (sit hjir foaroan), keunstner, dichter en sjonger Elmar Kuiper (dy’t hjir hjoed spitigernôch net by wêze koe) en ik, yllustrator Nina Peckelsen.
Lykas elke sjuery altyd wer seit, sis ik it ek wer: wy krigen de drege kar om út in hiel soad prachtige wurken mar trije winners te kiezen. We krigen der noch krekt gjin spul om. Dochs hawwe wy in lytse seleksje makke, dy’t wy no, mei in koarte útlis, foarlêze sille.
Fersier in fers senior-edysje
1. Ut wille troch Jentsje Fokkes út Koudum
Dit wurk kin omskreaun wurde mei foaral ien wurd: subtyl. Der is keazen foar in sêft stikje út in fers oer in sêft bistke, útfierd op in materiaal dat dêr goed by past: natoerlik en waarm hout. De makker skreau al dat dit hout fan in âlde doar kaam. De tekening is ek subtyl en hast net iens sichtber, krekt as dy lytse moskjes yn de hage. Hiel fyn is de fersregel deromhinne skreaun, wêrtroch dit hiele wurk in lyts keunstwurkje wurdt: mei it materiaal, de subtiliteit en lytse boartlike eleminten (lykas it gebrûk fan de natoerlike knobben yn it hout), is dit mei rjocht de winner.
2. Psalm 90 troch Janke Dykstra fan It Hearrenfean
As earste kinne we foaral oer dit wurk sizze dat it tige orizjineel is, om’t it it platte flak, mar sels ek it romtlike elemint oerstiicht; it is in keunstwurk dat in belibbenis bringt. It gedicht giet oer it alles omfetsjende dat de skriuwer fielt by syn leauwe, en sa’n keunstwurk past dêr dan perfekt by. Mei sfearbylden en muzyk op de eftergrûn is dit hologramkeunstwurk in bysûnder idee, mar neffens de sjuery is der noch genôch romte om dit idee noch folle fierder út te bouwen. Dêrom wolle wy graach dit wurk de twadde priis jaan!
Fersier in fers junior-edysje
1. Paradysfûgel troch Yaling van der Werf, fan it Bogerman yn Wommels
Oer dit wurk wie de sjuery it daalks iens: dit is de winner! Yn dizze yllustraasje is mar ien fersregel útskreaun, mar yn de tekening sitte eleminten út it hiele gedicht. De komposysje is prachtich, en der is goed neitocht oer it gebrûk fan kleur. De felle kleuren op de foargrûn, mei as kontrast de sombere kleuren op de eftergrûn. It hiele flak is brûkt, en ek de typografy is prima yn oarder.
2. Proefrit troch Sarina Huijser, fan it Nordwin yn Snits (net yn de seal)
Dit wurk falt foaral op troch it enoarme en prachtige eksperimint mei lettertypes en typografy, wêrtroch it hiele flak fan it papier ek sûnder skrutenens brûkt is. Der is krekt noch in lyts bytsje romte litten foar in prachtige tekening fan in wol hiel hippe beppe, dy’t mei in soad jild en in flugge elektryske fyts samar nei Dútslân fytst.
3. Proefrit troch Marijke Kuperus & Janiek Kloostra fan it Dockinga College
Dizze yllustraasje hat in hiel gedicht yn ien tekening witten te krijen, en der sa hast in lyts stripferhaaltsje fan makke. Der is goed gebrûk makke fan it platte flak, en mei in protte wille ferskillende materialen, lettertypes en stiften brûkt om sa in moai en grappich gehiel te krijen, dat oerienkomt mei de luchtige sfear fan it gedicht.
It Hearrenfean, 16 desimber 2017
Albert van der Kooij, Elmar Kuiper en Nina Peckelsen