Tentoanstelling Waling Dykstra – Foarútgong

Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Mei de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ bringt Tresoar de skriuwer wer yn it Fryslân fan hjoed-de-dei.

De tentoanstelling is fan 21 septimber ôf te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Om de tentoanstelling hinne wurde ferskate aktiviteiten organisearre, dy’t de ferbining lizze tusken it tema fan de tentoanstelling en aktuele, relevante ûnderwerpen. Dichters, muzikanten en keunstners bringe de dialooch op gong. Hoe brûksto Spoken Word om dy út te sprekken yn de taal dy’t it meast tichtby leit?

Sjoch foar de programmearring yn OBE op de webside fan Tresoar.


Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *