Tomke’s Foarlêsfeest!

Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘thús’ hat. De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk). 

Tomke fiert feest
Tomke fiert feest!

Op sneon 3 septimber wurdt ôftrape mei in grut foarlêsfeest. By Paviljoen Mem yn Bûtenpost binne dy dei allegear leuke aktiviteiten te dwaan om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne. Tomke-skriuwsters Riemkje, Geartsje en Berber, Tomke-tekener Luuk én sjongeres Janneke Brakels komme allegear wat leuks dwaan: foarlêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… en fansels nimt Luuk syn oargel wer mei!

It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&Greetje, Riemkje Pitstra, Antsje de Vries en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Aukje Visser ha dêr moaie yllustraasjes by makke. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.

Kaarten foar it feest kinne no besteld wurde op Tomke’s foarlêsfeest! (paviljoenmem.nl).

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *