Winners Rely Jorritsmapriis bekend

Juster kaam it nijs binnen dat dit jier acht skriuwers in Rely Jorritsmapriis krije. Yn de kategory ferhalen geane de prizen nei ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma, ‘Wollekje’ fan Geert Nauta en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma. De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten, ‘Servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra, ‘Yn elke hertslach’ fan Wietze Numan , ‘Mummy’ fan Gerrit de Vries en ‘Fiere wake’ fan Syds Wiersma. Lokwinske allegearre! Moai om te sjen dat der ek leden fan it Bûn yn de prizen fallen binne!

Yn totaal wienen der 89 ynstjoerings: 51 gedichten en 38 ferhalen. De sjuery bestie út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober yn it Mammemahûs te Jellum.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *