Fiif nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis is de earste kûgel troch de tsjerke.
De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe
alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Dit binne de nominaasjes:

Eppie Dam mei Tsjilp! [De Ryp útjouwerij]
Yllustraasjes: Lieke Boot
In printeboek mei gedichten oer fûgels.

Lida Dykstra  mei De weddenskip [Afûk]
Yllustraasjes: Nina Peckelsen
In jongereinboek mei trije ferhaallagen, ynspirearre op de Edda en midsiuwske poëzy.

Mirjam van Houten mei Tije [Afûk]
Yllustraasjes: Mirjam van Houten
In berneboek oer it jonkje Tije dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. In swalker helpt him om syn draai wer te finen.

Auck Peanstra en Riemke Pitstra mei Tomke’s foarlêsfeest [Afûk]
Yllustraasjes: Luuk Klazenga
Tematysk foarlêsboek mei de avontoeren fan Tomke en syn freonen.

Koos Tiemersma mei Heech Tymo, sjoch omheech [HetNieuweKanaal]
Yllustraasjes: Carla van der Heijde
In berneboek oer it jonkje Tymo waans heit as militêr yn ’e oarloch yn Afganistan omkommen is, dy’t him thús en op skoalle ferhâlde moat mei de nije sitewaasje.

Foar it Simke Kloosterman Lien binne Eppie Dam en Lida Dykstra bekende gesichten. Eppie Dam
wûn de SKPriis yn 2001 en Lida Dykstra wûn sels twa kear achterinoar yn 2004 en 2007.
Beide leverje jier op jier wurk fan hege kwaliteit en binne tige warber yn ‘e Fryske literatuerwrâld.
Dijkstra is ek lanlik bekend, meidat sawat al har wurk ek yn it Nederlânsk útkomt.
Berneboekeskriuwsters Aucke Peanstra dy’t trije jier lyn ferstoar en Riemkje Pitstra binne ek bekende nammen yn de Fryske berneboekewrâld. Harren nammen binne o sa ferbûn oan Tomke, in projekt dat âlden en liedsters fan pjutten mei help fan boartlik ûnderwiismateriaal ynformearje wol oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern.
Nij foar it SK-Lien binne Koos Tiemersma en Mirjam van Houten. Koos Tiemersma skreau al faker literatuer foar folwoeksenen. Yn 2015 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum. Mirjam van Houten is in ferrassende nijkommer, as skriuwster én as yllustratrise.

Wa’t fan dizze fiif de Simke Kloosterman priis winne sil? Oer in pear wike wurdt dat bekend.
De Simke Kloosterman priis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde yn ’e Petrustsjerke fan Twizel.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *