Al mear as in jier lang krije we it advys sa folle mooglik ‘thús’ te bliuwen. Mar der is oer it tema ‘thús’ mear te sizzen. Meikoarten, snein 27 juni, om 15.00 oere is it sa fier. Yn de tsjerke fan Lions wurde feestlik doopt:
Thús – in reisferhaal: in ‘bûsboekje’ mei ferhalen en fersen
en
Thús: in cd mei 12 lieten út myn ‘keamer’-foarstelling mei deselde namme.
Dy foarstelling – ‘remastered’ – wurdt ek spile.
Wa’t der by wêze wol: hertlik wolkom. De tagong is fergees. Om’t der net mear as 25 minsken yn ‘e tsjerke meie, graach even opjaan (info@benniehuisman.nl of 06-29155260). As der mear belangstelling is, folget de jûns om 19.30 oere noch in foarstelling. Jou by it opjaan dy opsje ev. ek oan.
It ‘bûsboekje’ ferskynt yn 2 ferzys: Frysk en Nederlâns. En is alfêst te bestellen.