De Rink van der Veldepriis 2024 giet nei Gerard Marcel de Jong foar syn boek Blau fan dagen, griis fan ônrust. It is in romandebút, en tagelyk de earste (by in útjouwer útbrochte) roman yn de Biltske taal. It boek is neffens de sjuery, besteande út Ans Wallinga, Ammerins Moss-de Boer en Douwe de Bildt, ‘in benearjend en louterjend boek dat de lêzer neitinke lit oer identiteit, it plak dêr’t je opgroeie en it dilemma fan bliuwe of loslitte en fuortgean.’
De Rink van der Veldepriis is in twajierlikse priis fan de gemeente Smellingerlân en de Stifting FLMD. De priis – in byld fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan € 2000 – wurdt op 22 juny útrikt yn It Polderhûs op de Feanhoop.
Lokwinske Gerard!