Ledebulletin maitiid 2024

By de útnûging foar de ledegearkomste fan 18 april
Njonken de wenstige ûnderwerpen yn de maaitiidsgearkomste dy’t te krijen hawwe mei de ferantwurding fan it bestjoer, wolle wy trije wichtige ûnderwerpen besprekke.
Alderearst de aksjes dy’t wy as Bûn ûndernimme sille rjochting de provinsjale polityk.
Op de reachside fine jimme allerhanne stikken dy’t dêrmei te krijen hawwe; hja wurde fermeld op de wurklist. It stappeplan foar de aksjes is mei de stikken foar de gearkomste meistjoerd.

Wêrom is dit sa belangryk foar de ledegearkomste?
Foar suksesfolle aksjes kin it net sûnder aktive ynbring fan leden. Yn de Provinsjale polityk is (oant no ta) totaal gjin omtinken foar de Fryske skriuwerij. Op ús needgjalp (sjoch reachside) kaam gjin reaksje. Tegearre moatte wy soargje dat dit oars wurdt. Wat wy yn ’e holle hawwe as bestjoer, sil fan ’e leden mar beheind tiid fergje. Mienskiplike ynset is lykwols essinsjeel. As der gjin mear omtinken en jild fan de Provinsje Fryslân foar de skriuwerij komt, is ús ynset as auteurs en oersetters ta stadich weiwurden keard… (De nije BFTK jout hope, mar tasizzingen op papier binne noch gjin aksje yn de praktyk…)

Twad: beneaming bestjoersleden. Ammerins en Willem tekenje foar nochris trije jier. Sjieuwe Borger hat him oanmelden as nij bestjoerslid. Hy stelt himsels foar op in taheakke by de fergaderstikken. As bestjoer binne wy wiis mei syn kandidatuer. Sjieuwe is njonken auteur ek jurist. Prima ekspertize om yn in bestjoer te hawwen!

Tred, as haadûnderwerp: wat is de aktuele situaasje en wat kin de takomst wêze fan de sutelaksje?Ferdinand de Jong is de organisator en sintrale persoan. Hy sil fertelle wat de wurkwize op it stuit is en wat de resultaten binne. Dan sille wy mei him en ûnderling fan gedachten wikselje oer de takomst. Fragen dy’t wy fan ferskate leden krigen oer dit ûnderwerp wienen bygelyks: “Wêrom wurd ik as skriuwer selden of noait frege om mei te suteljen?” “Wêrom binne der net mear sutelaksjes?” “Wêrom ferskynt der net lykas foarhinne ien kear yn it jier in moai foarmjûne, kleurige krante dêr’t alle nije Fryske publikaasjes yn beskreaun wurde, en boppedat alles wat der yn it Frysk (noch) te krijen is ûnder omtinken fan safolle mooglik Friezen brocht wurdt?”

Genôch tema’s foar pittige diskusje, sa liket ús ta!

Wy sjogge jim graach tongersdei 18 april fan 19.30 oere ôf yn Café De Gouden Leeuw, Tresoar!
Febrewaris 2025: Willewurk op it folgjende Skriuwerswykein!
Oer minder as in jier is it alwer safier: in Skriuwerswykein yn Bakkefean. 8 en 9 febrewaris 2025, hâld dy datums frij foar dit learsume en gesellige evenemint. Op sneon binne wy dwaande mei alderearst in ynlieding oer toanielskriuwen, dan in workshop wêryn wy yn groepkes in spylbere miny-ienakter of kabareteske skets skriuwe en oefenje. De jûns bringe wy itjinge dat wy skreaun hawwe foar it fuotljocht op de bûnte jûn. Neffens it prinsipe: alles mei, salang it net dystopysk is. De sneins is der in ynteressante ynlieding oer in Frysk-literêr ûnderwerp, dêr’t ek de bûtenwrâld wolkom by is, wat ús skriuwers gelegenheid jout om mei lêzers kontakt te hawwen – en oarsom fansels…
En tuskentroch wurdt der lekker moarnsiten,lunsjt en kuiere. En fansels is der op saterdei jûn in treflik Skriuwersmiel.
Dus: 8 en 9 febrewaris 2025 nei “Nieuw Allardsoog” by Bakkefean!
Ûndersyk nei de takomst fan ‘City of Literature’
Ljouwert is Unesco City of Literature, in earetitel dy’t de stêd benammen krigen hat omdat der ek soks bestiet as in Fryske literatuer. Op stuit docht Engbert Boneschansker ûndersyk nei de wurdearring en de winsken foar de takomst oangeande ‘CoL’, dêr’t de Gemeente en de Provinsje op jierbasis tegearre sa’n fjouwer ton yn ynvestearje. Ek it Skriuwersbûn is frege mei te tinken. In earste petear hat west.
Wat de struktuer fan ‘CoL’ oanbelanget, hawwe wy oanjûn dat der mear dúdlikheid komme moat. No is it in projekt fan de gemeente, dêr’t de Provinsje oan meibetellet. Wa’t feitlik it belied bepaalt en de lieding hat, is dizenich. Us foarkar hat in ûnôfhinklike stifting, dy’t in heldere subsydzje-relaasje hat mei Ljouwert en Fryslân. Mei in belied en in programma dêr’t de meiwurkers op oan te sprekken en oer te advisearjen binne. Mei op syn minst twa folsleine meiwurkers dy’t by dy stifting sels yn tsjinst binne.
Wat it karakter fan de aktiviteiten oanbelanget, fine wy, mei op oanjaan fan ferskate leden, dat it folle Frysker kin en moat. Dûbeldtalige programmearring liedt net ta mear omtinken foar ús wurk as Fryske skriuwers. En sokke oandacht is net allinne foar ússels, mar ek foar it Frysk en de wurdearring fan ús unike literatuer, fan grut aktueel belang.
Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *