Op 8 en 9 febrewaris 2025 sjogge wy ús leden graach op it Skriuwerswykein by Nieuw Allardsoog, Bakkefean. It programma is hjir te finen. Opjefte kin troch it ynfoljen fan it ynskriuwformulier.
SNEON 8 FEBREWARIS 2025
Fan 10.00 oere ôf wolkom mei kofje, tee en wat lekkers
11.00: Anja Steegstra hâldt in ynlieding oer skriuwen foar it toaniel en har manier fan skriuwen. Ek fertelt se oer har ûnderfining mei it bewurkjen fan in roman nei in toanielstik en hokfoar stroffelstiennen se tsjinkommen is. Sy giet fierders yn op de ferskillen en oerienkomsten tusken it skriuwen fan in boek en it skriuwen fan in skript. Der is rom tiid om ek fragen te stellen.
12.00: Lunsj
13.30: Workshop û.l.f. Anja: de skriuwers krije in oantal hânfetten dy’t nedich binne by it skriuwen fan in sêne. Dêrnei krije se in plot om sels út te wurkjen ta in sêne. Der komme twa akteurs mei dy’t ien of mear sênes (mei de tekst yn de hân) úspylje sille en Anja jout har feedback.
15.00: Skoft
15.30: Oersette út en nei it Frysk – de ôfrûne jierren binne der prachtige wurken út de wrâldliteratuer nei it Frysk oersetten, mar út it Nederlânsk wei is de list noch koart, sa fernaam Ammerins Moss-de Boer by it skriuwen fan it taaldossier Nederlânsk-Frysk foar it Expertisecentrum Literair Vertalen. Ek Pieter de Groot die in oprop ta mear oersettingen yn de LC. Hoe kinne wy hjir as Skriuwersbûn – en yndividuele skriuwers en taalleafhawwers –in positive bydrage leverje? Wat wolle wy fan de Provinsje en it Ryk yn oanfolling op de besteande regelingen? En fansels ek oarsom: hokker Fryske skriuwers moatte de Hollanders echt lêze kinne yn harren eigen taal?
17.30: Aperityf en Skriuwersmiel
20.00: Bûnte Jûn: in foardracht, spoken word, in liet, in kabaretstikje, dûns, toanielstikje, performance – alles mei, salang’t it mar smûk is! Fansels mei in drankje en flaubyt oant de lêste de ôfwaskmasine oan set 😊
SNEIN 9 FEBREWARIS 2025
7.30: Moarnskuier mei Jan Hendrik Woudstra
9.00-10.00: Moarnsbrochje
10.30: Abe de Vries jout in lêzing oer syn biografy oer Waling Dijkstra. Hy giet yn op it skriuwproses en it libben fan Waling. Wat makket him sa nijsgjirrich om in biografy oer te skriuwen? It publyk sil aktyf by de lêzing behelle wurde. Nei de lêzing is der romte foar fragen. De lêzing sil ek iepensteld wurde foar net-leden, dus diel dit ek foaral mei kunde!
12.30: Lunsj
14.00: Wer op hûs oan! Wa’t noch in slach om dwaan wol, kin noch even genietsje fan de moaie omjouwing.