Masterclass Toanielskriuwen troch en by Bouke Oldenhof yn ’t kafee Rolbrêge

De graachte om te begjinnen striele Bouke Oldenhof út ’e eagen doe’t wy by him oan ’e tafel skoden yn it suver museale kafee Rolbrêge. “Langer as in kertier praat je noait mei in kollega oer je fak.”
Twa oeren fierder wie er eins noch net útpraten, mar op it lêst moatte der oan dingen in ein breide wurde. Doe hienen wy lykwols al in bulte tips en trúks heard fan de man dy’t mear as tweintich jier fan syn skriuwen bestean kin. Hokker Fryske proazaïst of dichter kin dat ek sizze? By toanielskriuwers sit wat mear ûndernimmerskip as by oare skriuwers, is Oldenhof fan betinken. Men moat netwurkje, konneksjes mei regisseurs binne handich. As men út in houlik weirekket, moat de wrâld ek witte datst wer frijgesel bist. Sa is it ek mei proazaskriuwers of dichters dy’t mei toanielskriuwen de merk op wolle.
No kin men sizze dat wannear’t in stik opfierd is, it dien is. Lykwols binne boeken ek relatyf bywannear’t nei in toernee fan seis wiken it wurk yn ’e ramsj leit, wylst dêr tsjinoer in toanielstik in opfierperioade fan in moanne as trije, fjouwer beslacht. En guon stikken wurde alle jierren wer opfierd.

Nei dy ynlieding waard it technysker oan ’e hân fan trije punten. Toaniel as tiimsport, it dualisme en dialktysk tinken en yntinsiteit fersus tiid.
Hy holp ús ‘gewoane’ skriuwers fierder út ’e dream: “Toanielskriuwen is net sasear dialooch skriuwen.” Dat tinke de minsken faak, mar dialooch yn proaza is oars as yn toaniel. It moat mear botse, der moat altiten konflikt yn sitte.
Proazaskriuwers kinne fakentiids o sa harren lêzers foar eagen hawwe by it skriuwen. Mei toaniel skriuwst net foar it publyk, mar foar de regisseur. “Myn premjêre is de earste lêzer.” Mei’t it lykas earder sein toanielskriuwen in teamsport is, moat de regisseur oertsjûge wêze fan dyn tekst, want dy moat it ferdigenje tsjin de spilers oer. It is krekt in estafette, want nei de regisseur kriget de spiler it stokje dy’t ferfolgens foar it publyk oer stiet. Dy moat it oerbringe op it publyk, dus dy moat de tekst en it stik nei de minsken ta ferdigenje. Dêrom is de monolooch yn toaniel in hiele proazaïstyske manier fan tinken. Mei in monolooch ynterieur springst as skriuwer oer de regisseur en spilers hinne om’tst fynst dat it publyk fiele moat, watstû fynst dat se fiele moatte.
It is al earder sein,  by toaniel giet it om it konflikt, dat is wat ast ûnthâldst. Konflikt kin wêze datst twa tsjinstelde mieningen hast. Mar better is it noch as dat droegen wurdt troch twa ferskillende wrâldbylden of twa temperaminten. De haadpersoanen wurde eksposearre fia dat konflikt. Yn film en ek yn proaza giet it om tiid, mar yn toaniel om yntinsiteit. Yn proaza wurdt de tiid folle mear útstrutsen. Wannear’tst op 3/4 fan it boek in jier beskreaun hast, breidest it net ôf mei it beskriuwen fan ien dei yn it lêste fearn. Mei toaniel moat it publyk fan tel 1 ôf der BAM! fuort by wêze. En dan moatst yntinsiteit op yntinsiteit loegje om der hieltiten oerhinne te gean om de taskôgers derby te hâlden. Men leit it net as in boek oan ’e kant fan dit is wat in minder stik dat lês ik moarn wol. Dêrom ek dat it bêste toanielstik út ien sêne bestiet. Oldenhof is hast relaasjeterapeut as er wer in ferliking mei in relaasje leit. Dêr wit men nea de ein fan en sa is dat ek mei it skriuwen fan in toanielstik. It is ien rige oan opiensteapeling fan konflikten, mar de útkomst is ûnwis. Dat yn tsjinstelling ta proazaskriuwers dy’t fakentiids just nei in beskaat ein taskriuwe.
Sadwaande binne toanielskriuwers rinnende skriuwers. Oldenhof skriuwt in pear sinnen, in sêne as wat en rint dan efkes om. It is dêrom dat er ûnder it skriuwen sleatten tee drinkt om der efkes by wei, om efkes wat oars te dwaan. Om sa de yntinsiteit deryn te hâlden.

Ear’t Oldenhof ûnder it genot fan wat oars as in bakje tee of kofje eat oer de ferhaalstruktuer fertelt, jout er ús in tolvetal technyske opdrachten om de taak fan toanielskriuwers dúdlik te meitsjen.

  1. Sa effisjint en kompakt mooglik alle ynformaasje jaan.
  2. Te soargjen dat der spanning is.
  3. Ekspresje jaan, wat de skriuwer driuwt.

Nei’t wy ynwijd binne yn in tal basisstruktueren, mei útstapkes nei de Griken en wylst de wyn om it kafee rûzet en de rein tsjin ’e ruten slacht geane wy ien foar ien ôf troch deselde doar nei bûten ta, de midsimmernacht yn.

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *