It nije Fryske Bûsboekje (2021) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: ‘spultsjes’. Fan ‘e maityd ha wy allegear faker thús sitten as dat noflik wie. Reden: koroana. Hoe’t it fierder komt mei it firus wit de Bûsboekjeredaksje ek net. Mar it liek harren goed ta en jou de Bûsboekjebrûkers de kâns op ferdivedaasje yn dizze frjemde tiden. Wat helpt better as it dwaan fan spultsjes (al of net op oardelmeter ôfstân fan de oare spilers)!
Yn it nije Bûsboekje stiet ûnder oaren in artikel fan Liuwe Westra oer Frysk Damjen. Dat bestiet al iuwen en wierskynlik langer as it Hollânsk damjen. Der is ynformaasje oer tippen en tipeljen. Wat dat is lêze jim yn it Bûsboekje! Fansels binne der riedsels opnaam. Foar elk dy’t mei tiid ferlegen is. En alfêst in blomlêzing fan sechjes yn it nije Bûsboekje:
- gjin spul om in topke hea, dan de geit fuort
- It is in spultsje fan Pynke en Nynke
- Untdekst mear oer in persoan yn in oere spul as yn in jier konversaasje (Plato)
Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, no is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging. Fan it Bûsboekje 2019 binne der wer goed 3000 stiks ferkocht.
De ôfrûne dagen is it Bûsboekje 2021 troch frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It Bûsboekje is op guon plakken ek bûten Fryslân te keap. Digitaal bestelle kin fansels; dat kin hjir, dan wurde jo trochstjoerd nei de winkel fan friese-producten.nl. Gruttere ôfnimmers en winkels kinne neibestellings regelje troch in mail te stjoeren nei redaksje@busboekje.frl.
Goeden morgen aan het eid van het busboekje kun je een adresseboekje bestellen.
graag zou ik er eentje willen.
het adres is Simke Kloostermanstrjitte 30
9061 BE Gytsjerk
Bedankt foar jo berjocht. Dizze boekjes komme spitigernôch net by it Skriuwersboun wei! Ik soe ris neifreegje by de AFuk!
It berjocht is ek fan 2021, dus hoe it dit jier giet, wit ik net!