Boekemerk!
In Skriuwerswykein is fansels neat sûnder boeken.
Fan alle oanwêzige skriuwers is der it heule wykein wurk beskikber om yn te sjen en te (fer)keapjen. Op snein binne ek besikers ‘fan bûten’ tige wolkom. Lêzers kinne mei skriuwers yn petear. Fansels kin der sinjearre wurde! De boekemerk is oanslútend op de lêzing fan Doeke Sijens oer it libben en wurk fan Trinus Riemersma, dy’t om 10.30 oere úteinset (skatting: 12.00 oere).
Under oare sil Utjouwerij Elikser – de útjouwer fan it boek “De lêste oerstek” fan Brian McGilloway, ús gast op freedtejûn – oanwêzich wêze mei in tafel fol boeken. Ek skriuwers as Jetske Bilker, Janneke Spoelstra, Willem Verf, Sigrid Kingma en Hilda Talsma binne der (ûnder foarbehâld) mei nij en âlder wurk te finen!
Kom del mei wat jild yn de beurs of de tillefoan mei in aktivearre bank-app (want mei Tikkies kin in soad yn dizze tiid!)
Troelstrakuier
Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).
Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.
Opjaan foar de kuier kin – graach foar 29 juny – fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl.
Oant dan!
Algemiene Ledegearkomste Skriuwersboun
Op 21 april kinne de leden har oppenearje oer ferskate ûnderwerpen en rinnende saken it Skriuwersboun. It begjint om 19.30 oere yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar.
Viktor Schiferli, in meiwurker fan het Letterenfonds, festige yn Amsterdam, sil in ynlieding hâlde oer it wurk fan dit fûns en de grutte betsjutting dy’t it ek hawwe kin foar Fryske skriuwers. Dêrnei is der rom de tiid om him fragen te stellen en hin en wer te praten oer de mooglikheden om beurzen en oare jildlike en ynhâldlike stipe te krijen fan dit fûns. Wat dêr goed oan is en wat der miskien better regele wurde kin. It fûns wol Frysktalige en Nederlânsktalige skriuwers lykweardich behannelje, en hja komme graach nei Fryslân om mei ús fan gedachte te wikseljen. Gûchelje foar de aardichheid in kear op ‘Letterenfonds’, ta oriïntaasje.
De ynlieder brûkt it Nederlânsk, mar wa ’t yn de gearkomste Frysk prate wol, kin dat rêstich dwaan: der is in kwalifisearre tolk en in haadsetsje beskikber foar de persoan fan it Letterenfonds.
Presintaasje Wurkgroep Honoraria op 7 April
It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.
De presintaasje hjirfan fynt plak op
TONGERSDEITEJÛN 7 APRIL 2022, 19.30 OERE YN TRESOAR, BÛTERHOEKE 1, LJOUWERT.
Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan
- de leden fan it Skriuwersboun
- de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
- de omrop
- organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
- de provinsjale en regionale kranten
- útjouwers
- biblioteken
- Tresoar
- ‘Boeken fan Fryslân’
- de provinsje Fryslân
- minsken dy’t graach Frysk lêze meie.
Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.
Oant 7 april! It bestjoer fan it Skriuwersboun.
Byienkomste Oersetterswurkgroep
Dit jier wolle wy graach mei de oersetterswurkgroep sjen nei it proses fan oersettings nei en út it Frysk wei. Hoe sit it mei de subsydzjes, hoe kinst in (bûtenlânske) útjouwer fine foar in oersetting, ensfh. Wat binne de tûkelteammen en hoe soene wy dy oplosse kinne?
Om dit goed yn kaart te krijen, wolle wy graach in ferkennend petear organisearje op 23 maart om 20.00 oere. Wa’t graach meiprate wol, kin har opjaan by it bestjoer.
Skriuwerswykein
It Skriuwersboun sil op 14, 15 en 16 oktober in Skriuwerswykein organisearje. It sil holden wurde yn “Nieuw Allardsoog”, Jarig van der Wielenwei, Bakkefean. Dizze prachtige lokaasje leit op de grins fan bosk, heide en dunen! Yn de hjerst is it dêr op syn moaist!
It programma is noch net hielendal fêstlein mar sjocht der no sa út:
Freedtejûn 14-10
Gearkomst dêr’t Brian McGilloway út Noard-Ierlân gast is. Hy is in súkses-auteur yn it Angelsaksysk taalgebiet. Syn meast resinte boek, “The Last Crossing” is dan krekt ferskynd yn it Frysk. Prate oer syn wurk, syn bining mei Nothern Ireland, mei wat reden as er de ferwurking fan de ‘troubles’ yn syn skriuwen in plak jout, wêrom at er sa flot tastimming joech foar in Fryske oersetting, it foarlêzen fan pakkende passaazjes sawol yn it Ingelsk as yn it Frysk, fragen stelle oan Brian en oan de oersetster, hin en wer prate oer identiteit en skeinde identiteit, wêrom hechtet men oan jins regio ensafuorthinne…
Sneon 15-10
Moarns in gearkomst mei minsken fan de Provinsje en relevante organisaasjes en fûnsen, dy’t mei help fan power-points en hand-outs fertelle oer de mooglikheden foar skriuwers en útjouwers om finansjele stipe te krijen by it skriuwen, oersetten, útjaan en yn de merke setten fan Frysk literêr en oar skreaun wurk. Fragen stelle, meimekoar neitinke oer wat der goed is oan dizze mooglikheden, wat der oan ûntbrekt ensfh.
Nei de lunsj in kuiertocht mei in Boskwachter fan it Gea troch Bosk en iepen Fjild.
Dêrnei in gearkomst spesjaal oer de Fryske berneliteratuer (mei de klam op oarspronklik wurk), ûnderfinings fan Lida Dijkstra as berneboek ambassadeur, petear oer hoe’t wy soargje foar trochgeande produksje, útliening en ferkeap, yn oanwêzigens fan gasten út it Biblioteek-fermidden en fan de Afûk
De jûns is der in Skriuwersmiel mei aperityf, trije gongen en kofje; folge troch in Bûnte jûn!
Sneintemoarn 16-10
“Ik mei net oer gedonder, mar ik kin der ek net sonder…”
Lêzing mei ljochtbylden oer libben en wurk fan Trinus Riemersma, troch Doeke Sijens, kollega-skriuwer en foarsitter fan de stifting FLMD. Trinus hie in bysûnder en nijsgjirrich oeuvre en keas in unyk paad yn it Fryske literêre libben. Yn hoefier is ‘Trinus’ noch rolmodel en ynspirator foar Fryske skriuwers fan no?
Lunsj en ôfskie