Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa waard by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink, Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen– oant no ta! troch Martsje de Jong, bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil sy Lida Dykstra opfolgje.
De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden en bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk. Troch besykjes oan skoallen en oare ynstelingen jout se de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.
De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op de reachside fan www.berneboekeambassadeur.frl.
Mei 19 nije dichters en de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe” komt it internationale poëzyfestival dit jier foar de 12e keer werom.
Van 26 tot 28 september in Brussel Yn 2011 waard Transpoesie, it poëzyfestival dat jierlikse plakfynt o 26 septimber, op de Europeeske Dei fan de Talen, foar it earst hâlden. Transpoesie fiert it taalferskaat binnen Europa mei dichters fan alle sjenres en leeftiden, en gedichten yn safolle mooglik ferskillende Europeeske talen – sawol nasjonaal as regionaal. It doel fan it festival is twafâldich: it befoarderjen en bewustmeitsjen fan it taalkundich ferskaat en it oanbieden fan in platfoarm foar dynamyske en persoanlike útwikselingen tusken skriuwers, útjouwers en kulturele ynstellings. Transpoesie wurdt organisearre troch EUNIC Brussels (it lokaal netwurk fan de European Union Institutes for Culture) yn gearwurking mei ferskate Belgyske partners en fynt PLAK yn ferskate romten sawol yn de Europeeske haadstêd as ek online. De dichters presintearje dêr harren wurk yn de oarspronklike taal mei oersettingen yn it Frânsk en it Nederlânsk. Under dy talen fynt men foar de hjoeddeiske edysje: Baskysk, Nederlânsk, Ingelsk, Faeroers, Frânsk, Frysk, Georgysk, Dútsk, Hongaarsk, Italiaansk, Litousk, Poalsk, Portugeesk, Roemeensk, Sloveensk, Spaansk en Welsh.
De hjoeddeiske edysje, dy ’t fan 26 septimber oant en mei 28 septimber plakfynt, draait om de tema’s “European Year of Youth” en “Poets from Black Europe”. It programma omfettet trije eveneminten, dy ’t elk op in ferskillende lokaasje hâlden wurde. De earste twa dagen steane yn it teken fan poëzy as literêre taflechtsoard foar jonge keunstners (European Year of Youth) en de lêste dei is wijd oan Poets from Black Europe. Yn it earste part fan it evenemint sille dichters har bûge oer de tema’s mentale sûnens, de deistige problemen fan it libben, identiteit en komôf. Foar it twadde part hawwe Bozar en EUNIC Brussel fiif skriuwers útnûge dy ’t dielnamen oan de anthology “Kontinentaldrift: Das Schwarze Europa” fan de auteur Fiston Mwanza Mujila. Harren poezy daget sawol it konsept fan de diaspora as dat fan de nasjonale literatuer út. It wurk beweecht him tusken persoanlike, kollektive en universele mytology en is bewoartele yn ferskillende tradysjes: de muzyk en de oraliteit fan de Afrikaanske poëtyske tradysje en de kanonisearre teksten fan de Europeeske poëzy.
It detaillearre programma fine jo hjirûnder: 26 septimber – 17:30 yn de “Tuin van de burgers”, Vautierstraat 62, 1050 Brussel European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists Moderator: Nicky Aerts Dielnimmers: Lemuël de Graav (Nederlân), Anastasia Gavrilovici (Roemenië), Abraham Guerrero Tenorio (Spanje), Sytse Jansma (Fryslân), Zuzanna Bartoszek (Polen), Dania O. Tausen (Faeröer eilannen) Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/h2kpCC64zNTqHzvQ8
27 septimber – 19:00 yn it “Instituto Italiano di Cultura”, Livornostraat 38, 1000 Brussel European Year of Youth: Poetry as a literary refuge for young artists Moderator: Nicky Aerts Dielnimmers: Ana Svetel (Slovenië), Ieva Toleikyte (Litouwen), Grug Muse (Wales), Beatriz Chivite (Baskenlân), Dawn Watson (Noard-Ierlân), Iona Lee (Skotlân) Registrearje jo fia de link: https://forms.gle/WBytn5RPxC3rheYU8
28 septimber – 19:30 yn “Bozar”, Studio, Ravensteinstraat 23, 1000 Brussel Poets from Black Europe Moderator: Kopano Maroga Dielnimmers: Radna Fabias (Nederlân), Ubah Crisitna Ali Farah (Italië), Raquel Lima (Portugal), Fiston Mwanza Mujila (Eastenryk), Roger Robinson (VK) Ynfo en kaartsjes: https://www.bozar.be/fr/calendrier/literature-talk-poets-black-europe
Sjoch op de reachside foar mear ynformaasje, en folgje it festival op de sosjale media: @Transpoesie Facebook-evenemint: https://fb.me/e/1Jb3OO1G7
Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs, dat dit jier as tema ‘thús’ hat. De Lês-mar-foar-wiken wurde organisearre troch de Tomke-wurkgroep (Fers, Cedin, SFBO, Omrop Fryslân en Afûk).
Tomke fiert feest!
Op sneon 3 septimber wurdt ôftrape mei in grut foarlêsfeest. By Paviljoen Mem yn Bûtenpost binne dy dei allegear leuke aktiviteiten te dwaan om Tomke en it Frysk foarlêzen hinne. Tomke-skriuwsters Riemkje, Geartsje en Berber, Tomke-tekener Luuk én sjongeres Janneke Brakels komme allegear wat leuks dwaan: foarlêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje… en fansels nimt Luuk syn oargel wer mei!
It nije Tomke-boekje hjit: ‘Thús by Tomke!’. Berber Spliethoff, Geartsje Douma, Reina&Greetje, Riemkje Pitstra, Antsje de Vries en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga, Mirjam van Houten en Aukje Visser ha dêr moaie yllustraasjes by makke. Yn de Lês-mar-foar-wiken wurde de boekjes fergees útdield oan alle pjutten op de pjutte-opfangplakken en bernesintra. Ek is der wer in Stellingwerfske ferzje fan it Tomke-boekje.
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Mar al gau fernimt er dat er dêr net allinne is… in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?
Tialda Hoogeveen waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. De prachtige illustraasjes binne fan Yke Reeder. Dizze tiidleaze oade oan de fantasy is fan no ôf te krijen fia de Afuk.
Dizze simmer is der wer in prachtige rispinge oan Fryske boeken fan ús leden. Der sit fêst wat tusken om mei te nimmen nei it strân, yn in fleantúch of de trein, of om gewoan thús yn de hingelmatte te lêzen! Foar jong en âld is der wer fan alles te lêzen! Binne wy guon fergetten? Jou it dan oan ús troch!
De heit – Jan Schokker
It sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
De heit – Jan Schokker
Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. ‘It Mystearje Maart’ sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe’t se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op ’e oare dei folslein oer de kop.
It jierlikse famyljekeatsen is yn folle gong. Sipke sjocht fol spanning ta hoe’t it partoer fan pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarns. Oant ynienen muoike Aaf it ankel ferkloft, en net fierder spylje kin. Pake ropt Sipke it fjild yn. Mar ús lytse pipermûs hat noch noait keatst! Kin er de wedstriid rêde?
Elmar Kuiper hat al in grut tal poëzybondels publisearre, seis yn it Frysk en twa yn it Nederlânsk. Mei dizze ferhalebondel manifestearret er him no ek as proazaskriuwer.
De sân manlju yn In frjemde fûgel binne frjemde einen yn it bit. Se libje oan de râne fan de maatskippij en binne gek, maniakaal, obsessyf, ferlegen, monomaan of autistysk. Benammen op it męd fan yntimiteit en relaasjes keallet it swier mei harren. De skriuwer sit de personaazjes ticht op ‘e hűd en lit de lęzer omdoarmje yn harren geast.
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar.
Sipke syn earste gedichtebondel wie Oan dy tinke (leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje). De bondel waard nominearre foar de Piter Jellespriis. Yn dizze twadde spylje leafde en erotyk wer in grutte rol, mar komme ek gâns oare minslike saken oan ‘e oarder, dêr ‘t de dichter sawol mei synisme as kompassy syn ljocht oer skine lit.
Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert).
Rely Jorritsma (foto: Stifting FLMD)
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.
It Skriuwersboun felisiteart alle winners – wy binne benijd nei de sjueryrapporten!
STREEKDICHTER NOARDEAST-FRYSLÂN SPUITET YN ELK DOARP IN GEDICHT OP ’E STOEPE
(Foto: Ydwine Scarse)
De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy.
It idee is om op in ûnferwachte en leechdrompelige wize minsken yn kontakt komme te litten mei poëzy. Want wa seit dat poëzy dreech wêze moat en allinnich mar yn in boek te lêzen is? De dichter ropt elkenien op om derop út te gean en alle tsien gedichten te finen. Op de sosjale media kin elk hashtag #tegelpoëzy brûke.
Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten. Sa stiet er ek elke lêste woansdei fan ’e moanne op de merk yn Dokkum mei it projekt ‘Merkgedicht’.
It earste gedicht is ynstjoerd nei de organisaasje, dus it sil heve!
(Foto: Welmoed Riemersma)
Wy binne grutsk dat Sytse Jansma it Frysk fertsjintwurdigje sil op Transpoesie, it poëzyfestival yn Brussel ein septimber. Sytse is drok dwaande mei in nije dichtbondel en himet noch nei fan it projekt “Sprekende Stenen”, mar hjir makket er graach tiid foar. De mearfâldich winner fan de Rely Jorritsma-priis sil op 26 of 27 septimber optrede en wy hoopje fansels dat wy hjirwei “live” mei sjen kinne.
Yn it Boskpoadium yn Obe sil op 7 july in dichtersjûn wêze, mei tal fan dichters dy’t foarlêze út eigen wurk. Sa sille Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma optrede, en ek dichters Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht. Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte. De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.
Ynrin is fan 19.30 oere ôf en it programma begjint om 20.00 oere. Mear ynformaasje is te finen op de side fan Arcadia.
De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard dit jier foar de tsiende kear útrikt en gie nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, dat yn 2020 ferskynd is by útjouwerij Frysk en Frij. De priis, grut € 2000, waard sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en in oarkonde krige de winner ek in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk.
It boek giet oer Tilma Jager, dy’t yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en no útfanhuzet by har heit. Troch har weromkommen rekket it krimpdoarp yn ûnstjoer en dan is der gjin rêden mear oan.
It sjueryrapport seit: “It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de perspektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen. … It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen.”
Sels ek lêze? It boek is te bestellen by de útjouwer of te krijen yn de boekhannel.
Mear oer de Rink van der Veldepriis is te lêzen op de side fan it FMLD.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.