Sytse Jansma nei Transpoesie

It earste gedicht is ynstjoerd nei de organisaasje, dus it sil heve!

(Foto: Welmoed Riemersma)

Wy binne grutsk dat Sytse Jansma it Frysk fertsjintwurdigje sil op Transpoesie, it poëzyfestival yn Brussel ein septimber. Sytse is drok dwaande mei in nije dichtbondel en himet noch nei fan it projekt “Sprekende Stenen”, mar hjir makket er graach tiid foar. De mearfâldich winner fan de Rely Jorritsma-priis sil op 26 of 27 septimber optrede en wy hoopje fansels dat wy hjirwei “live” mei sjen kinne.

Mear nijs oer de dei en tiid komt!

Facebooktwittermail

Dichtersjûn yn Obe mei marimbamuzyk op 7 july 2022



Gerben Jongsma (foto: Arcadia.frl)

Yn it Boskpoadium yn Obe sil op 7 july in dichtersjûn wêze, mei tal fan dichters dy’t foarlêze út eigen wurk. Sa sille Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma optrede, en ek dichters Edwin de Groot en Christa Niklewicz fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht.
Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.
De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.

Ynrin is fan 19.30 oere ôf en it programma begjint om 20.00 oere. Mear ynformaasje is te finen op de side fan Arcadia.



Facebooktwittermail

Rink van de Veldepriis 2022 foar Leo Popma

It sket fan Toussaint – Leo Popman

De twajierlikse Rink van der Veldepriis waard dit jier foar de tsiende kear útrikt en gie nei Leo Popma, skriuwer fan it boek It sket fan Toussaint, dat yn 2020 ferskynd is by útjouwerij Frysk en Frij. De priis, grut € 2000, waard sneon 18 juny yn it Polderhûs op De Feanhoop útrikt. Njonken it jild en in oarkonde krige de winner ek in byldsje fan Anne en Roelie Woudwijk.

It boek giet oer Tilma Jager, dy’t yn de finzenis sitten foar drugssmokkel en no útfanhuzet by har heit. Troch har weromkommen rekket it krimpdoarp yn ûnstjoer en dan is der gjin rêden mear oan.

It sjueryrapport seit: “It ferhaal springt hinne en wer yn de tiid en ek de perspektiven wikselje. Bytsje by bytsje krijt de lêzer yngong ta it ferhaal. En bliuwt soms ek mei fragen sitten. Is dat slim? Nee, want dêrfoaroer nimt it byldzjende taalgebrûk de lêzer mei, as dy de tiid nimt om it yn him of har op te nimmen. … It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochs bliuwst trochlêzen.”

Sels ek lêze? It boek is te bestellen by de útjouwer of te krijen yn de boekhannel.

Mear oer de Rink van der Veldepriis is te lêzen op de side fan it FMLD.

Facebooktwittermail

Troelstrakuier

Bertus Mulder

Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).

Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de  literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.

Opjaan foar de kuier kin – graach foar 29 juny – fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl.

Oant dan!

Facebooktwittermail

Koos Tiemersma – De ynfaller

Koos Tiemersma – De ynfaller

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse in in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.

Sjoch ek op: https://koostiemersma.nl/

Facebooktwittermail