Troelstrakuier

Bertus Mulder

Op 2 july 2022 organisearret It Skriuwerboun yn Ljouwert in “Troelstrakuier”. De kuier wurdt begelaat troch Bertus Mulder. Hy skriuwt histoaryske artikels oer sosjalisme en hat him ferdjippe yn Piter Jelles Troelstra. Sadwaande kin hy jo alhiel meinimme yn it ferhaal fan hoe ’t Troelstra him losmakke fan it liberalisme fan syn tiid en hoe ’t syn fyzje op it Frysk feroare doe ’t er him op de arbeidssaak rjochte (boarne: Sirkwy).

Wy sammelje fan 10:45 oere ôf bûten by Tresoar en de kuier start om 11:00 oere. Nei de  literêre kuier slute wy ôf mei in lunsj.

Opjaan foar de kuier kin – graach foar 29 juny – fia de mail: bestjoer@skriuwersboun.nl.

Oant dan!

Facebooktwittermail

Koos Tiemersma – De ynfaller

Koos Tiemersma – De ynfaller

Wy skriuwe 1982, de simmerfakânsje komt yn sicht. Der wurdt fochten om de Falklands, de Kâlde Oarloch berikt in nij djiptepunt en Van Agt besuniget him in slach yn ’e rûnte. Tsjin dat dekôr sleept Marcus Ligthart him as ynfaller fan de iene nei de oare skoalle. Krekt wol er dermei ophâlde of hy kriget in tydlik baantsje op in skoalle yn ’e Wâlden oanbean.

Al gau komt Marcus derachter dat de leaflikens fan it doarp dêr’t er yn telâne komt mar skyn is en dat it skoalteam fan tsjinstellingen oanelkoar hinget. De heechste klasse in in boarne fan ûnrêst, hy wit him amper steande te hâlden. Al is der ien famke dat yndruk op him makket, mear as dat goed foar him is. En wêr is juf Lin presys op út? Dat en mear wurdt dúdlik by it tradisjonele hichtepunt fan it skoaljier: it kampearreiske nei ’t Amelân.

De Ynfaller is it ferslach fan in syktocht troch it labyrint dat it libben útmakket, in boek fol ûngemak, mei in slot dat lang om let de útwei biedt dêr’t Marcus om socht.

Sjoch ek op: https://koostiemersma.nl/

Facebooktwittermail