test
Nije poëzyfideo Dichter fan Fryslân yn premjêre
Op snein 20 desimber giet der wer in nije poëzijfideo yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Geandewei dit jier en takom jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne dêrnei ek online te sjen fia dizze webside, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en de webside fan Omrop Fryslân.
Oprop lêsgroep boeken Trinus Riemersma
Ein jannewaris 2021 begjint der in online lêsgroep oer boeken fan Trinus Riemersma. Riemersma (1938-2011) is ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan nei 1945. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy’t foar grutte beroering yn de Frysk literêre wrâld soarge en tsjinstelde reaksjes opsmiet. Hy krige yn 1967 foar Fabryk de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.
Yn syn wurk boartet Riemersma gauris mei perspektiven; yn syn mearlagige romans bewiist er syn sterke komposysjefermogen. Dêrneist beskikt er oer in apart satirysk talint en oer in ferfrissende humor. Syn sterke, sobere styl hat er stadichoan útbouwe kinnen ta in mearsidich ynstrumint. Hy wit op in oarspronklike wize de tematyk te konkretisearjen, lykas yn De Reade Bwarre, dêr’t de minsklike geast lokalisearre wurdt yn de kloaten fan de boarre.
Yn de lêsgroep beprate wy ienris yn de moanne in boek, te begjinnen mei Fabryk en it lêste boek is De acht foar achten trein. It giet om saken as tematyk en styl, mar ek de fraach wêrom’t in boek dy wol of net oansprekt. De jûnen wurde laat troch Doeke Sijens, Babs Gezelle Meerburg (NHL Stenden) en Meindert Reitsma (Tresoar). Doeke Sijens is dwaande mei in biografy oer Riemersma en Babs Gezelle Meerburg is promovearre op Fabryk as ‘fernijende’ roman.
Alle ynformaasje op in rychje:
– De data:
27 jannewaris: Fabryk (1964)
17 febrewaris: Minskrotten-rotminsken (1966)
17 maart: De hite simmer (1968)
21 april: De mon sûnder gesicht (1973)
19 maaie: Nei de klap (1999)
9 juny: De acht foar achten trein (2009)
– Tiid: 19.30 oant 20.30 oere.
– De jûnen wurde online holden, fia in fideoferbining (Teams). Dielnimmers krije útlis oer hoe’t de ferbining wurket.
– Elkenien kin meidwaan. Ut soarte is it needsaaklik om de boeken te lêzen. Der binne gjin kosten oan ferbûn.
– Opjaan kin foar ien, in pear of alle jûnen.
– Opjefte graach foar 20 jannewaris by Tresoar: ynfo@tresoar.nl.
Presintaasje poëzystien Dichter fan Fryslân
Op tongersdei 9 desimber wurdt oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Asman’, oersetten troch Anne Feddema, is yn opdracht fan Historisch Centrum Leeuwarden spesjaal skreaun foar it 150-jierrige jubileum fan de Ljouwerter stedsreiniging. It gedicht is in dei letter ek te lêzen yn de Ljouwerter Krante, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Frylân.
De Gouden Iuw fan Philippus Breuker kommendeweis
Nije wike ferskynt by Utjouwerij Bornmeer De Gouden Iuw yn Boazum fan Philippus Breuker. In boek dat de doarpsmienskip fan Boazum tusken 1500 en 1700 beskriuwt, mar dat tagelyk model stiet foar de situaasje yn oare Fryske doarpen yn die jierren.
Yn De Gouden Iuw yn Boazum beskriuwt Philippus Breuker de libbens fan alle húshâldingen dy’t fjouwerhûndert jier lyn mei elkoar yn ien doarp wennen. It giet oer gewoane minsken yn in karakteristyk Frysk doarp. Guon wienen der berne, lykas har âlden, en soms wennen har bern der ek wer. Oaren kamen út de omkriten en in inkeling hie der gjin famylje. Sa omfiemet dizze doarpsmienskip yn 1640 twa iuwen, fan 1500 oant 1700.
Fan de 87 húshâldingen wienen in protte famylje fan elkoar, foaral yn de Buorren, wat makke dat sy it dêr foar it sizzen hienen, al wienen de boeren altyd noch machtiger. De measten waarden stadichoan reformearre, mar guon holden ek fêst oan it âlde leauwe. Dat joech spanningen dy’t net sûnder oerheidsyngripen oplost wurde koenen. De measte minsken hienen it net rom, mar nei 1650 kaam der in tiid fan oerbefolking en bittere earmoede.
Philippus Breuker (1939) wennet al mear as fyftich jier yn Boazum. Dit is syn fjirde boek oer it doarp. Dêrneist hat er skreaun oer literatuer, skiednis en lânskip fan Fryslân.
It deiboek fan Janny van der Molen bekroand mei in White Raven
It troch de Afûk útjûne boek fan Janny van der Molen is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn totaal hawwe njoggen Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White Raven krigen. It Deiboek is dêrmei it iennige Fryske boek op de list.
Skriuwster Janny van der Molen is tige wiis mei it nijs: “It Deiboek is skreaun yn it kader fan it Domela-jier 2019. Domela is in Fryske held, in Nederlânske held mar wie eartiids absolút ek in grutte namme ûnder sosjalisten yn Europa. Haadpersoan Geertsje Kleefstra wie ek Frysk, Nederlânsk en in wrâldboarger. Dizze ynternasjonale erkenning is faaks dêrom in hiel passend earbetoan oan dizze twa fjochters dêr’t wy hjoed de dei noch in soad oan te tankjen hawwe.”
It Deiboek is in twatalich ferhaal oer in Frysk famke fan doe en in ‘Hollânske’ jonge fan no: wat hawwe dy mei-inoar te krijen? Wat is der oan ’e hân mei in skilderij en hokker rol spilet it deiboek fan Jehannes de Groot? In (foar in part wier bard) ferhaal oer striid, moed én echte freonskip.
Mei de oanbefelling fan It Deiboek is it noch net klear foar Fryslân en benammen foar De Knipe, ek it boek Het beest met de kracht van tien paarden fan ús Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet op ’e list. Neidat it boek earder al nominearre waard foar de Boekenleeuw en de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen, is it no ek ien fan de White Ravens.
Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy is hjir online te finen.
Hanneke de Jong – It ferbeane boek
Fedde sit yn groep fiif. Hy hat it dêr wol nei ’t sin, op ien ding nei: hy kin noch net lêze. Kín er it net of wól er it net? Fedde fynt lêzen stom, en boeken hielendal!
Op in dei sjocht er by syn nuvere buorman Jan in hiel âld boek lizzen. In boek mei inslot derop. As Fedde it besjen sil, komt buorman krekt yn ’e keamer en ropt dat er noait wer oan dat boek komme mei. Dat boek is ferbean! En krekt dát boek wol Fedde lêze. Mar wêr soe it kaike wêze?
Op itselde momint slacht de doar ticht en heart er Feyza roppen. ‘Fedde! Doe die deur open!’ Se bûnzet op ’e doar.Fedde hat allinnich each foar it boek dat út himsels iepenfalt. It boek begjint o sa te skodzjen en te triljen. Hy moat it mei beide hannen beethâlde om it net glippe te litten. ‘Fedde, zeg wat! Wat gebeurt daar allemaal?’Mar Fedde kin gjin antwurd jaan. It is as sûcht it boek him op, as in ûnbidich grutte stofsûger. Hy wurdt der bang fan en pipet: ‘Help, Feyza, help!’
Utjouwerij: Bornmeer
Oprop foar poëzyfilmkes foar de Grutte Gedichtejûn op 5 febrewaris
Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze en giet freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere yn premjêre. De poëzyjûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.
Om dy reden ropt de redaksje alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft it fers skreaun is. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in gedicht fan immen oars foarlêze.
De filmkes moatte opstjoerd wurde foar 22 jannewaris 2021. Alle filmkes sille ta de Grutte Gedichtejûn omsmeid wurde. Betingst is wol dat lûd en byld fan goede kwaliteit wêze moat, der net in te lange ynlieding op it gedicht holden wurdt en dat de opname net earder fertoand is. De redaksje hat it rjocht om te knippen yn it opstjoerde filmke.
Der sil lykas wenst tuskentroch ek muzyk wêze. Dat is ditkear fan de singer-songwriter Youp Boelens.
It oanbelangjende filmke kin nei ensafhpoezij@gmail.com stjoerd wurde.
Oprop foar de Skriuwersarke
Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932 – 2001) wer beskikber wêze sil foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthuis yn Bergen, NH beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.
Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.
It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.
Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2021 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2021 net slagje om plak te krijen, ek yn 2022 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.