Schrijfster Aggie van der Meer (92) zit de coronacrisis uit in haar kamer in het Bolswarder woonzorgcentrum It Menniste Skil. Ze probeert er zinvolle dagen van te maken. ,,Ik bin goed sûn en net gau wurch. Sa lang as der kranten komme, rêd ik it wol. En it jout my ek tiid om nei te tinken, oer takomst en ferline.’’ De komende tijd bericht ze dagelijks over haar belevenissen. Vandaag: ,,Ik nûgje net ien út.’’
Lês hjir it fierdere artikel út de Leeuwarder Courant.
De biblioteken yn Noard-Fryslân binne op syk nei besoargers. Jonge besoargers. It is de bedoeling dat jongerein, mei in pakket boeken, by âlderein delgean, dy’t sels net mear yn steat binne nei de biblioteek te kommen.
It giet om in sosjale bybaan, de jongeren krije dus gewoan betelle seit Sylvia Laarman. Sy is koördinator fan it projekt: “Wy wolle graach dat elk boeken lêze kin. Dus asto sels net mear komme kinst, soargje wy derfoar dat dat dochs noch kin. Dus dêr wolle wy graach skoalbern foar ynhiere.”
It giet dus perfoarst net om it sykjen fan frijwilligers, sa leit Laarman út. “Foar de skoalbern is it in bybaan. Wy hâlde ús gewoan oan it minimum jeugdlean, lykas yn de supermerk. Dan giet it neffens my om bedraggen, út de holle 2 euro 90 yn ‘e oere ast 15 bist. Mar it giet ús ek om it sosjale kontakt. Wy sizze ek, meitsje in praatsje, bliuw foar in bakje kofje, hast gjin haast. En de bern kinne dat gewoan deklarearre.”
Op dit stuit binne der sa’n 110 minsken dy’t de service fan de biblioteek brûke, mar der binne op dit stuit mar 7 jongerein dy’t de boeken by minsken thús bringe. Dêrom komt it no faak del op meiwurkers fan de biblioteek sels om de boeken te besoargjen. It soe neffens Laarman moai wêze wannear’t it tal besoargers ferdûbele. “Bern moatte minstens 15 jier wêze, en in bytsje selsstannich wêze. En in goeie fyts, want sa no en dan moast wol in stikje op ‘en paad. En dat kin gean om skoalbern út it noarden fan Fryslân fan Harns oant Surhústerfean ta, boppe Stiens del. En dêr hearre de eilannen ek by.”
Wannear’t minsken de service brûke wolle, krije se earst in petear. Dêryn wurdt dúdlik hokker boeken minsken lêze wolle. Op in gegeven momint kinne de skoalbern it sels ek útsykje, om’t se harren kliïnten ek kennen leare troch de tiid hinne. Mei it each op de útbraak fan it coronafirus, en it feit dat de brûkers fan it projekt meastentiids kwetsbere minsken binne, wurdt besoargers op it hert drukt dat se de kommende tiid foarsichtich wêze moatte. “Wy sizze tsjin elkenien, ek de skoalbern dy’t foar ús wurkje, dat se it advys fan it RIVM yn ‘e gaten hâlde moatte. Net fûstkje, net tútsje, waskje wat faker de hannen. It binne dochs faak âlderen, dêr moatte wy wol rekken mei hâlde.
It aprilnûmer fan de glimmer De nije hat as tema ‘Toerisme en rekreaasje. Foar de wenstige priisfraach wurde diskear by dat tema passende ferhalen socht: nijsgjirrich, spannend, grappich of sels learsum. Maksimaal 1000 wurden. Eventueel mei bypassende yllustraasjes.
De moaiste ferhalen wurde publisearre yn De nije en/of op It nijs. Foar de winnende ferhalen binne moaie prizen beskikber.
It jannewarisnûmer dêr’t de priisfraach yn oankundige wurdt, leit op dit stuit yn de boekhannels, by de Bruna, de Primera en yn de supermerken fan Poiesz (as it net útferkocht is). Wa’t it tydskrift net mear besette kin, kin in mailtsje stjoere nei: redaksje.denije@gmail.nl en dan stjoere we it foar € 4,95 ta.
Om’t De nije altyd in temanûmer is en om’t it tema fan ein april ‘Toerisme en rekreaasje’ is, hat de redaksje betocht dat it aardich is en en freegje om ferhalen oer ‘rekreaasje’. Dat moat foar in protte skriuwers grif in noflike opdracht wêze.
Ald-Drachtster Jelle Krol fertelt op 26 maart yn ‘e biblioteek fan Drachten oer de relaasje fan ‘e Fryske literatuer ta Drachten. Fierders sil de yn novimber beneamde Dichter fan Fryslân Nyk de Vries in sfearfol optreden jaan.
By Tresoar is okkerdeis de literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân presintearre. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân te wêzen, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten. Dêr binne net inkeld sitaten by fan Fryske skriuwers, mar ek Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers. De weagen fan de Waadsee besteane bygelyks út kronkeljende sinnen en sels de fjoertuorren op de Waadeilannen binne sichtber. Op de kaart is in ynset fan it sintrum fan Ljouwert dêr’t yn tal fan boeken faak oer skreaun is.
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn har gearkomst fan 3 maart 2020 de advyskommisje beneamd foar de dr. Obe Postmapriis 2020. De advyskommisje bestiet út Rein Smilde, Cilla Geurtsen en Cees van Mourik.
De dr. Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen yn en út it Frysk út it tiidrek 2016-2019. De priis is fan de Provinsje Fryslân en de organisaasje is yn hannen fan Tresoar. De priisútrikking is op 22 oktober 2020. De foarrige winner wie Geart Tigchelaar yn 2016 foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek fan Godfried Bomans. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels oersettingen makke hat út ûnder oare it Dútsk en Amerikaansk.
Rein Smilde (1957) groeide op yn in húshâlding dêr’t in soad omtinken oan taal en muzyk jûn waard. Hy studearre Frysk oan de Noardlike Leargongen yn Ljouwert en Frysk en Ingelsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy wurket as learaar Ingelsk oan de media-opliedings fan ROC Friese Poort yn Drachten.
Cilla Geurtsen (1972) studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, mei Moderne Letterkunde as rjochting. Se jout Nederlânsk op de learare-oplieding oan de NHL Stenden en Piter Jelles Stedelijk Gymnasium. Dêrneist skriuwt se resinsjes foar de Ljouwerter Krante, Tzum.info en wie se de ôfrûne trije jier foarsitter fan de Gouden Gurbe-sjuery. Se wurket ek mei oan de Fryske en Nederlânske ôfdielings fan Lezen voor de Lijst.
Cees van Mourik (1947) hat nei syn skoaltiid en oplieding yn Dútslân oan de Ryksuniversiteit fan Grins Dútsk studearre, mei Frysk as byfak. Dêrnei wurke er as learaar Dútsk yn it middelber ûnderwiis en as manager fan it Ynstitút foar Nederlânsk-Dútske hannel oan de Hegeskoalle Drinte en Hochschule Osnabrück. Sûnt 1996 is er selsstannich ûndernimmer.
Theo Kuipers en Doeke Sijens fersoargje dan in ‘publykskolleezje’ yn de (krekt fernijde en weriepene Botniastins) foar de ‘Academie van Franeker’. Achttiende eeuwse bijnamen van Franekers door Paulus Liger. Waarheid of verzinsel? – Theo Kuipers (Nl) Wa wie Paulus Liger en wêrtroch is hy bekend bleaun? Wat is de wearde fan syn geskrift mei bynammen fan syn Frjentsjerter mei-boargers? In de koarte bydrage wol Kuipers sjen litte dat bynammen it byld fan it ferline libbener meitsje kinne. Se jouwe kleur en fleur oan it deistich libben, mar jouwe ek ynformaasje oer omgongsfoarmen, wurksumheden en gesachsferhâldings. Foar wa’t der gefoelich foar is, wurde drûge, toarre persoansgegevens transfoarmearre ta kleurrike en libbensechte persoanen.
Doeke Sijens fertelt oer Trinus Riemersma en Frjentsjer (Frysk) De Fryske skriuwer Trinus Riemersma (1938-2011) hat in soad skreaun, syn debút Fabryk (1964) en De Reade Bwarre (1984) binne beide bekroand mei de Gysbert Japicxpriis. Riemersma hat mear as fjirtich jier yn Frjentsjer tahâlden. Hat de stêd ynfloed op syn wurk hân? Is syn wenadres, de Godsacker, werom te finen yn syn boeken of hie er like goed yn Dokkum wenje kinnen? Doeke Sijens, dwaande mei in boek oer Riemersma, sil yn syn kolleezje oandacht jaan oan it literêre wurk fan Riemersma en dêrby benammen each ha foar de ynfloed fan in stêd op syn figueren. Spesjaal komme de kollums fan Riemersma op it aljemint, dêr’t er him yn presintearret as in stêdman. Wa’t foarút lêze wol, soe De mon sûnder gesicht út 1973 (nochris) lêze kinne. Boppedat sil Sijens wat fertelle oer de Lêsber Fryslânkaart dy’t ein ferline jier by Tresoar presintearre is. De kaart bestiet út literêre sitaten dy’t in relaasje hawwe mei in geografysk plak, lykas it sitaat ‘os de sinne skynt yn Frjentsjer / fielt elk him yn ‘e wrôd útfonhûûs’ fan Trinus Riemersma út de bondel Roazen ferwylje (1972). De kaart is ek te keap op dizze jûn.
Tsead Bruinja is Frysk dichter en beneamd ta Dichter des Vaderlands foar de jierren 2019 en 2020. Hy sil yn dy twa jier fersen skriuwe by nasjonale barrens en optrede as ambassadeur fan ‘e poëzije. Bruinja is in dichter dy’t yn earlike, ienfâldige wurden sawol gefoelich as skerp wêze kin, dy’t in ynfal of anekdoate ta gedicht ferheffe kin en rauwens en lyryk ôfwikselet.
Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de Frysktalige bondel De wizers yn it read en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde. Bruinja stelt blomlêzings gear, besprekt, presintearret, hâldt fraachpetearen en treedt op yn it binnen- en bûtenlân.
Op snein 8 maart is er te gast by it Skriuwerskafee dat om 16:00 oere holden wurdt yn De Harmonie (Accent-seal) te Ljouwert. Kosten binne € 12,50.
It fraachpetear mei Tsead Bruinja sil fersoarge wurde troch Inki de Jonge.
Yn it nijste nûmer fan Frysk literêr tydskrift Ensafh wurdt it boek Nearnewâld wiidweidich besprutsen troch Oene Spoelstra. Hy neamt it: ‘In jubileumboek is as in stapstien, in momentum om de tiid in amerij stil te setten en mei hope en ferwachting foarút te sjen.’
Yn gearwurking mei HarperCollins komt Utjouwerij Regaad fan ’t maitiid mei in Frysk diel yn de populêre Bouquetreeks: Leafde yn Ljouwert. It ferhaal is spesjaal foar de gelegenheid skreaun troch Fleur van Ingen (pseudonym), de iennige Nederlânske Bouquet-auteur – dy’t yn Fryslân blykt te wenjen. It orizjineel is skreaun yn it Nederlânsk en dêrnei oerset troch Martsje de Jong, dy’t al earder oersettings foar Regaad makke hat. It is foar it earst dat in Bouquetreeks-diel yn it Frysk ferskynt. Yn it ferhaal bedarret in meiwurkster fan Hotel Stadhouderlijk Hof hookstrooks yn in tumultueuze relaasje mei in tycoon op it mêd fan Fryske hynders, dy’t boppedat nochal wat spûken út it eigen ferline te ferjeien hat. It boekje sil mids april op alle plakken te keap wêze dêr’t dielen fan de Bouquetreeks normaalwei te krijen binne, lykas supermerken, tankstasjons en boekhannels. Utjouwerij Regaad wol mei eigensinnige en orizjinele oersetprojekten it lêzen fan it Frysk befoarderje.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.