Nominaasjes wedstriid Fersier in fers bekend

Ljouwert – Sân nominaasjes meitsje kâns op in priis yn it ramt fan de wedstriid Fersier in fers, sa makke de sjuery juster bekend. Albert van der Kooij, direkteur fan Frisian Design Factory, Elmar Kuiper, byldzjend keunster en dichter, en Nina Peckelsen, yllustrator, hawwe har bûgd oer de ynstjoerings.

By de Junior-edysje fan de priisfraach binne der fiif nominaasjes: Fimke Haytema (15) út Koudum, learling fan Bogerman Koudum foar har keunstsinnige reaksje op it fers Nachtkeamer, Yaling van der Werf (15) fan Húns, learling fan Bogerman Wommels foar syn reaksje op it gedicht Paradysfûgel, Sarina Huijser (15) fan Snits en Andries Bos (14) út Boalsert, beide learling oan it Nordwin College yn Snits foar harren reaksjes op de fersen Proefrit en Syn namme foarby, en ta beslút Marijke Kuperus (13) en Janiek Kloostra (12) út Nijewier, learlingen oan it Dockinga College, foar harren reaksje op it gedicht Proefrit.

Wat de Senior-edysje oanbelanget, hat de sjuery twa nominaasjes takend: Jentsje Fekkes út Koudum foar syn artistike reaksje op it fers Wille, en Janke Dijkstra fan it Hearrenfean foar har reaksje op de liettekst Jo Hear, dy’t foar it oanbegjin.

Alles byinoar wiene der foar de earste edysje fan dizze wedstriid 45 ynstjoerings. 38 foar de Junior-edysje en sân foar de Senior-edysje. De wedstriid Fersier in fers is in inisjatyf fan Friesch Dagblad, Cedin en it Skriuwersboun, ta eare fan de 75e edysje fan Ferstival, de Fryske foardrachtswedstriid foar jongerein. Op sneon 16 desimber, as ûnderdiel fan de finale fan de foardrachtswedstriid yn it Posthuistheater op it Hearrenfean, wurde de winners bekendmakke.

Facebooktwittermail

Skriuwersmiel 2017

Foto: Skriuwersmiel 2016 (Piet Douma)

Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden.
Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.

It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen. En lês dêrby ek in koarte passaazje of gedicht foar.

Sa hoopje wy mei-inoar in smûke jûn mei lekker iten te belibjen wylst wy yn inoars omreizgje.
Wolle jo mei-ite, dat kin fergees, mar opjefte is wol wichtich, fansels foar de bestelling fan de catering. Yntrodusees binne wolkom.
Graach opjaan foar 13 desimber 2017 fia it e-mailadres bestjoer@skriuwersboun.nl en dan hoopje wy jo op 16 desimber yn Feanwâlden te sjen.

Facebooktwittermail

Theun de Vrieslezing met concert

De Theun de Vrieslezing 2017 belooft iets bijzonders te worden. Het thema is dit jaar Theun de Vries en de muziek. In het enorme oeuvre van Theun de Vries (zo’n 160 titels!) zitten veel publicaties waarin musici en componisten een grote rol spelen. Bekende titels zijn o.a De Première, Motet voor de kardinaal, De dood kwam met muziek en Bruiloftslied voor Zwaantje.

Muziekliefhebber, zanger en violist Theo Laceulle heeft voor deze concertlezing enkele verrassende keuzes gemaakt uit het muzikale werk van Theun de Vries. Hij zal ze kort toelichten. 

De door Laceulle uitgekozen fragmenten uit de muziekromans worden omlijst door pianiste Mirsa Adami. Zij studeerde als uitvoerend musicus met lof af aan het Sweelinck Conservatorium. Adami is momenteel repetitor bij de Nieuwe Opera in Amsterdam en geeft regelmatig recitals in binnen- en buitenland. Zo was ze te horen op het Prinsengrachtfestival en in het Concertgebouw in Amsterdam.

Mirsa Adami speelt tijdens de lezing o.a. muziek van Bach, Debussy, Albeniz, Scarlatti, Puccini en Mozart.

Ook wordt het eerste exemplaar van het bibliofiel uitgegeven gedicht Scarlatti van Theun de Vries aangeboden aan Alexandra de Vries, dochter van de auteur.

Datum: Vrijdag 6 oktober
Plaats: Schierstins, Haadstrjitte 1, 9269 SW  Feanwâlden
Aanvang: 20.00 uur
Entree: 8 euro
Reserveren: info@schierstins.nl
Tel.: 0511-472937

Facebooktwittermail

Utrikking Rely Jorritsmaprizen

It bestjoer fan it Rely Jorritsmafuns nûget jim ut foar de útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen op

​sneon 30 septimber 2017
​14.30 oere
​yn it Doarpshûs fan Weidum, Bornialeane 1

Winnende ferhalen
De winnende ferhalen binne:
‘Genede, in soarte fan bûgjen’ fan Geert Nauta út Wergea
‘Hofkesjonge’ fan Trevor Scarse út Grins
‘Guggem’ fan Lida Dykstra út De Knipe
‘Dû smearlap’ fan Geart Tigchelaar út Ljouwert en
‘De oanhâldende gearspanning fan idioaten’ fan Lomme Schokker út Hillegom.
Winnende fersen
De winnende fersen binne
‘Lepus europaeus’ fan Anny de Vries út Oosternijkerk
‘Opgean’ fan Arjan Hut út Ljouwert
‘Foarhinne trof ik by de seedyk in goede stoel’ fan Edwin de Groot út Aldehaske
‘De brêge’ fan André Looijenga út Grins en
‘Drachtsterbrêge’ fan Erik Betten út Dronryp.

Facebooktwittermail

Sympoasium erkende talen

Het ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties organiseert op 7 november 2017 het eerste symposium over de erkende streektalen. De bij de erkende streektalen betrokken overheden, taalinstituten en taalwetenschappers gaan daar met elkaar en het ministerie in gesprek over de effectieve promotie van streektalen. Centraal staat de vraag hoe overheden, taalinstituten en andere betrokken organisaties het gebruik van de erkende streektalen zo goed mogelijk kunnen stimuleren.

Wij nodigen u uit papers in te zenden die direct te maken hebben met het thema van het symposium en willen u vragen deze uitnodiging verder te verspreiden binnen uw instelling. Meer informatie over de achtergrond van het symposium en de call for papers vindt u in de bijlage. Uw voorstellen kunnen, voorzien van een abstract van maximaal 300 woorden en een kort CV van de spreker, voor 31 augustus worden gestuurd naar alexandra.elsen@minbzk.nl

Facebooktwittermail

Een meelijwekkend volk –
Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening

Fan ‘e middei is yn it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert de blomlêzing Een meelijwekkendvolk presintearre.

Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen is een bloemlezing van teksten uit de oudheid en vroege middeleeuwen waarin ‘vreemden’ over Friezen schrijven. Voor het eerst worden die teksten gezamenlijk in zowel Nederlandse als Friese vertaling aangeboden; daarmee wordt in ieder geval wat de Friese lezer betreft, in een leemte voorzien. De tijdsspanne is ruim genomen: van de vroegste geschriften waarin gewag wordt gemaakt van de continentale kuststrook in Noordwest-Europa, tot de laatste vroegmiddeleeuwse auteurs die zich nog konden verwonderen over schokkende voorbeelden van Friese onaangepastheid.

De oudste citaten stammen uit de vijfde eeuw voor Christus, als Herodotus zijn lezers meldt dat vanuit een ‘uithoek’ tin en barnsteen naar de beschaafde wereld worden verscheept. Ook al kon hij zijn handen niet leggen op een betrouwbaar rapport over die ‘buitenrand’ van Europa, dat het er lang niet pluis kon zijn, was voor hem klip en klaar. Via meer of minder bekende auteurs uit de oudheid van voor en na Christus – waarvan de meesten zelf nooit voet aan wal zetten in deze contreien – komen we, na de val van het Romeinse Rijk in de vijfde eeuw, aan bij de Franken en dan vooral de geloofssoldaten van de Karolingers: de Angelsaksische zendelingen. Zij waren het die, met horten en stoten, de heidense Friezen uiteindelijk ‘beschaving’ brachten, in de vorm van het christendom.

Vertaling, inleiding en samenstelling: André Looijenga, Anne Tjerk Popkema, Bouke Slofstra
Uitgeverij: Wijdemeer

Facebooktwittermail

Anna – Aggie van der Meer

De roman Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy’t letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy’t se harsels as fromme boargers oplein hiene.
Neitiid dogge se alle war dat foar de jongere famyljeleden en nei bûten ta ferburgen te hâlden. Dat guon earwearde hearen dêr út en troch ek dy belutsen wiene makke it geheimhâlden ekstra needsaaklik. It fermoeden fan it bestean fan dôfpotten lykop mei it bestean fan in ynterne machtstriid hawwe de ferhâldingen binnen de famylje gjin goed dien. Wylst yn Dútslan leden fan de Rote Armee Fraktion besykje ynfornmaasje oer de hannel en wannel fan de Fan it Hofs te sammeljen, ûntstiet der in leafdesrelaasje tusken twa leden Anna en Onno – fan de famylje. 
As dúdlik wurdt dat de famylje mei in ramp te krijen hat en dat as gefolch dêrfan Onno út it sicht ferdwine moast, begjint Anna oan har syktocht troch de famyljegeheimen, belangen en relaasjes om ynsjoch te krijen hoe’t it allegear sa fier kommen is.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Hier ligt de zee – Bert Looper

Hier ligt de zee is in twintig essays het verslag van een levenslange zoektocht naar de verhouding tussen taal, landschap, kunst, herinnering en identiteit. Tegen de achtergrond van de spanning in Europa tussen moderne staatsverbanden en regio’s met een eigen geschiedenis, neemt Bert Looper de lezer mee naar een gebied dat zich al eeuwenlang de identiteitsvraag stelt.

Wat betekent Friese identiteit, welk perspectief biedt het, schept het ruimte of werkt het juist beklemmend?
Aan de hand van aspecten van de Friese taal, literatuur en kunst, en observaties over het Friese collectieve geheugen, biedt Looper stof tot nadenken over regionale eigenheid in een wereld van voortdurende schaalvergroting.

Bert Looper studeerde middeleeuwse geschiedenis in Groningen en volgde de Rijks Archiefschool in Den Haag. Hij is sinds 2007 directeur van Tresoar, Fries historisch en letterkundig centrum. Hij publiceerde over archivistiek, stadshistorie, Hanze, twintigste-eeuws design en Friese geschiedenis.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

De huodsjes fan Mata-Hari en De weddenskip – Lida Dykstra

Koartby binne der twa boeken fan Lida Dykstra ferskynd.

De earste is ‘De huodsjes fan Mata-Hari’ mei yllustraasjes fan Natascha Stenvert. Mata-Hari, de eksoatyske dûnseres en spionne dy’t yn 1917 troch de Frânsen fusillearre waard, wie by har libben al wrâldferneamd. Tsjintwurdich, krekt 100 jier nei har dea, is de ynteresse foar dizze bysûndere frou allinnich noch mar grutter. Hoe kin dat? Wa wie sy no eins?
Yn dit boek fertelle de huodsjes fan Mata-Hari mei-inoar it libbensferhaal fan harren eigeneresse. Breidswale tinkt werom oan de ferlyfde, jonge breid dy’t mei in hast tweintich jier âldere offisier troude. Reishuodsje wit noch hoe’t se mei him nei Nederlânsk-Ynje ferhuze en bern krige. Stripperswan fertelt hoe’t se furoare makke as eksoatysk dûnseres yn alle grutte stêden fan Europa, en Steek-mei-kûgelgat makke mei hoe’t se op fertinking fan spionaazje op in dizige moarn yn oktober deasketten waard. 
En dan is Bernehuodsje der noch. Sy fertelt oer lytse Greetje, it eachappeltsje fan har heit, dy’t as in prinseske opgroeide yn in huodde- en pettewinkel op de Kelders yn Ljouwert.

Utjouwerij: Wijdemeer

De twadde is ‘De Weddenskip’, mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen. Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken.
De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy’t fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende motiven fan Bernlef binne…

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail