Dichter fan Fryslân nei skoallen ta

Foto: Geart Tigchelaar

De earste skoallen hawwe har oanmelden foar it fergese literêre lesprogramma en optreden fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Op 22 septimber sil de Dichter fan Fryslân in lesoptreden fersoargje op Terra Wolvegea.

De Dichter fan Fryslân jout yn syn lesprogramma antwurd op de fraach wêrom’t literatuer en poëzij sa moai wêze kinne. ‘Literatuer en poëzy giet oer dysels, oer dyn eigen libben. Oer minsken fan dyn eigen leeftyd, yn deselde stêden en doarpen as dû, mei deselde fragen en langsten.’

De Dichter fan Fryslân biedt trije ferskillende lesprogramma’s oer poëzy en literatuer foar middelbere skoallen yn Fryslân. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean alle trije út in optreden en les yn ien.

Nyk de Vries bringt op in tagonklike en humoristyske wize syn (foar in grut part eigen) ferhaal. In ferhaal oer syn eigen middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam.

Facebooktwittermail

Simon Oosting – DC … en tichterby / DC … en dichterbij

Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC … en tichterby/DC … en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

SatelLiet op 18 septimber yn Aldebiltsyl

It suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ wurdt troch de organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ yn de hjerst fan 2020 trochset. De beide muzykrûtes ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

Yn ’e rûte nei Liet 2020, dat plakhat op 6 novimber 2020, wurdt SatelLiet organisearre. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûtes mei lytsere en gruttere optredens te folgjen.

Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre. Haadakt is Iris Kroes dy’t yn kultureel sintrum Aerden Plaats optreedt. De programmearring fan SatelLietis yn Aldebiltsyl mei winner Liet2019, Sequence en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt, Christa Niklewicz en Geart Tigchelaar

Yn oktober folget Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.

It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it sjongfestival, wurdt letter bekend makke.

Kaartsjes(en reservearjen) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is needsaaklik yn ferbân mei de RIVM-rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije belangstellenden harren startlokaasje fia de mail tastjoerd.

Facebooktwittermail

Sjoerd Bottema – De grize oer de grouwe: duvelske streken

Goeie ferhalen meie altyd wer op ‘e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

‘In skriuwer fan formaat.’ (Jelle Krol)

‘In fakman.’ (Henk van der Veer)

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Waailân: Dichters op it eilân

Foto: Geart Tigchelaar

Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT har earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân, Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen dy’t hja op it poadium bringe mei in einoptreden.

Dichterskollektyf RIXT bestiet sûnt 2018 en hjoed-de-dei binne der mear as fyftich dielnimmende dichters oansletten mei elk harren eigen lûd en styl, in unikum foar Fryslân en de Fryske literatuer. It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk by de dichters fan it kollektyf om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en op te treden.

Krektlyn hat it dichterskollektyf ek al mei-inoar oan poëzy skreaun, mei de goed ûntfongen ‘Rigel fan Rink’. In wike lang hawwe op ’e Skriuwersarke RIXT-dichters wurke oan it trochjougedicht, ‘De bui’. Allyksa sille de njoggen RIXT-dielnimmers en seis eilândichters by Waailân mei-inoar poëzy kreëarje. Dat dogge sy troch ynspiraasje fan inoar en fan de omjouwing. Edwin de Groot, foarsitter fan it kollektyf, sil it barren yn goede banen liede.

De dichters sille harren resultaten fan Waailân foardrage ûnder in mienskiplik optreden op sneontejûn, 12 septimber. Dat optreden sil plakhawwe op de Folkshegeskoalle en om 20:30 oere begjinne. Tagong is fergees, mar fanwegen de feiligheidsmaatregels moat der rekken holden wurde mei beheind plak. Nei ôfrin sille de gedichten en in fideo fan it optreden publisearre wurde op de webside fan RIXT, www.rixt.frl, sadat de poëzy fan Waailân teffens digitaal tagonklik is.

It Skriuwerswykein ‘Waailân: dichters op it eilân’ wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân, Tresoar en de Folkshegeskoalle Skylgeralân.

Facebooktwittermail

De kraak van de kluis
Ferhaal oer ferset, ferried en leafde

De kraak van de kluis fynt plak op sneon 26 septimber fan 19:43 oere ôf. Besikers dy’t in kaartsje keapje, kinne de produksje yn harren eigen hûs belibje. Hja wurde oanmoedige om dat mei in âldere of krekt in jongere generaasje te dwaan (fan 13 jier ôf). De kraak van de kluis wurdt makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. It is as ien fan de pear produksjes fan dit betinkingsjier oerein bleaun.

Teatrale thúsbelibbing
De kraak van de kluis is oars as ‘normaal’ teater. Fanwegen de koroanamaatregels is de produksje oer in oare boech smiten. Skriuwer Hein Jaap Hilarides bewurke syn skript en regisseur Sjoeke-Marije Wallendal ûntwurp in belibbing foar by minsken thús. De thúsbelibbing hat yngrediïnten dy’t alle sintugen oansprekke.

It ferhaal en de spilers
De kraak van de kluis is in ferhaal oer ferset, ferried en leafde. In groep fersetsstriders ûntfrjemde yn 1943 it befolkingsregister út ‘e klûs fan it gemeentehûs fan it Bilt yn Sint-Anne. Hja woenen foarkomme dat jonge manlju nei Dútslân stjoerd wurde koenen. Dy heldhaftige died moasten se lykwols djoer betelje.

Romke Gabe Draaijer fertolket de rol fan fersetsheld Lolle Rondaan út Bitgum. Riek, syn Amsterdamske ferloofde, wurdt spile troch Eline de Vries. De oare rollen wurde ynfolle troch akteurs as Theo Smedes, Marieke Swart, Frans Michael Verhagen, Jitze Grijpstra, Rienk Nicolai, Eke Born en oaren.

Kaartsjes binne te keap fia www.dekraakvandekluis.nl

Facebooktwittermail

Mindert Wijnstra – Jesse

Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

Sipke de Schiffart – Sjappy

Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga fan Hitsum moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.

Sipke de Schiffart publisearre earder de suksesfolle ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen en dêrnei de noch suksesfollere dichtbondel Oan dy tinke – leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje.

Utjouwerij: Hispel

Facebooktwittermail

It gelok fan Fryslân

In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!

Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.

Foar elk doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnûgje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten.  Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.

It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:

29 en 30 augustus: Marsum
5 en 6 septimber: Jorwert
12 en 13 septimber: Koarnjum
19 en 20 septimber: Feanwâlden
26 en 27 septimber: Wommels
3 en 4 oktober: Eastermar
10 en 11 oktober: Wikel
17 en 18 oktober: Reduzum
24 en 25 oktober: Kollum
31 oktober en 1 novimber: Winaam

Koroanaproof
It gelok fan Fryslân is koroanaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM.
Der is in beheind tal plakken beskikber de foarstelling.

Picture
Facebooktwittermail

Gjin sutelaksjes yn 2020

Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. De belutsen partijen binne ta dat beslút kaam yn ferbân mei it noch hieltyd oanwêzige koroanafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardelmeterregel net nei te kommen. Boppedat steane der ferskate sutelaksjes yn in perioade fan in pear wiken op it programma wat de kâns op fersprieding fan it firus troch de provinsje reëel makket.

Foto: Martsje de Jong

Yn oerlis mei Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân, is besletten dat by it trochgean litten fan de sutelaksjes dit jier it risiko te grut is. Hooplik kin takom jier al betiid begûn wurde mei de ferkeapaksjes om de skea fan dit jier yn te heljen. De doarpen en ferienings dy’t fan ’t jier meidwaan soenen, mar ek alle oaren dy’t belangstelling hawwe, wurde fan herten útnûge om harren mei nije data te melden.

De sutelaksje mei Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt de ôfrûne jierren troch stadichoan mear ferienings yn doarpen troch hiel Fryslân organisearre. It ferlies fan 2020 as suteljier is foar de dielnimmende ferienings in finansjele strop, sy krije oars 25% fan de omset.

Facebooktwittermail