Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ‘e seedyk.
Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.
Elk minske komt yn syn libben betiid of let it needlot tsjin. De ien kriget in hertoanfal as er yn de sechtich is, in oar kanker as er yn de santich is en wer in oar in harsenblieding as er yn de tachtich is. Jappy Heslinga fan Hitsum moetet it needlot wol o sa betiid: hy kriget te min soerstof by de berte. It gefolch is dat er net meikomme kin op skoalle, dat er net geskikt is foar it arbeidsproses en – it slimste fan alles – dat er net oantreklik is foar jonge froulju. Nettsjinsteande alle swierrichheden besiket er wat fan it libben te meitsjen. En dat slagget him aardich, benammen trochdat der ien ding is dat er wûnderlik genôch hiel goed kin en dat is neitinke. Syn gedachten binne lykwols net altyd like ferheven.
Sipke de Schiffart publisearre earder de suksesfolle ferhalenbondel Wat it is om bang te wêzen en dêrnei de noch suksesfollere dichtbondel Oan dy tinke – leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje.
In aventoerlike audio-kuiertocht dy’t de sintugen iepenet en dy fiele lit wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt!
Dizze simmer frege Tryater ynwenners fan Fryslân wat harren gelokkich makket. De antwurden dy’t we fan jong en âld krigen binne sammele en ferwurke ta in grut geloksgedicht. Oan ‘e hân fan dit gedicht meitsje we in ferrassende poëtyske én fisuele ûnderfining op lokaasje. Gean mei op reis yn ús syktocht nei gelok.
Foar elk doarp wurdt in unike rûte makke. Wylst nei it gedicht harkest, rinst lâns bysûndere plakken en objekten dy’t dy ûtnûgje om mei oare eagen nei dysels en dyn omjouwing te sjen. De rûte is foar minsken út it doarp, mar ek foar elkenien fan fier dêrbûten. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare ûnderfining. Want it gelok fan Eastermar is oars as it gelok fan Jorwert of Wikel. It gelok fan Fryslân is in poëtyske konfrontaasje mei gelok.
It gelok fan Fryslân strykt del yn de folgjende doarpen:
29 en 30 augustus: Marsum 5 en 6 septimber: Jorwert 12 en 13 septimber: Koarnjum 19 en 20 septimber: Feanwâlden 26 en 27 septimber: Wommels 3 en 4 oktober: Eastermar 10 en 11 oktober: Wikel 17 en 18 oktober: Reduzum 24 en 25 oktober: Kollum 31 oktober en 1 novimber: Winaam
Koroanaproof It gelok fan Fryslân is koroanaproof ûntwikkele. Tryater folget de rjochtlinen fan it RIVM. Der is in beheind tal plakken beskikber de foarstelling.
Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. De belutsen partijen binne ta dat beslút kaam yn ferbân mei it noch hieltyd oanwêzige koroanafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardelmeterregel net nei te kommen. Boppedat steane der ferskate sutelaksjes yn in perioade fan in pear wiken op it programma wat de kâns op fersprieding fan it firus troch de provinsje reëel makket.
Foto: Martsje de Jong
Yn oerlis mei Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân, is besletten dat by it trochgean litten fan de sutelaksjes dit jier it risiko te grut is. Hooplik kin takom jier al betiid begûn wurde mei de ferkeapaksjes om de skea fan dit jier yn te heljen. De doarpen en ferienings dy’t fan ’t jier meidwaan soenen, mar ek alle oaren dy’t belangstelling hawwe, wurde fan herten útnûge om harren mei nije data te melden.
De sutelaksje mei Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt de ôfrûne jierren troch stadichoan mear ferienings yn doarpen troch hiel Fryslân organisearre. It ferlies fan 2020 as suteljier is foar de dielnimmende ferienings in finansjele strop, sy krije oars 25% fan de omset.
Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei kollega-dichter Elmar Kuiper syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.
Yn ’e oanrin op de presintaasje wurdt op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes pleatst. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is om op it sosjale mediaplatfoarm te pleatsen. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.
De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.
Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn earste roman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.
Hjoed (01-08-2020) in wiidweidich artikel yn it Frysk Deiblêd, skreaun troch Jan Ybema, oer de takomst fan de Fryske roman. Hy hie ûnder oaren in petear mei Meindert Reitsma en ynterim-foarsitter Geart Tigchelaar. Wat tinkt jo hokker kant oft it út giet of moat?
It ûntbleatsjen fan it stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean wurdt troch de Jongfryske Mienskip út protest oerdien op 15 augustus om 10:30 yn ‘e Tsjerkestrjitte op It Hearrenfean.
Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.
Grutte Pier daget jo út Skriuw in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht oer wat foar Pier it iennichste wie dat telde: FRIJHEID. Hoe’t jo dat tema útdjipje, is oan jo; dêr binne jo alhiel frij yn. Fragen dy’t jo op paad helpe kinne soene: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr’t er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld? Hoe is frijheid belibbe troch de iuwen hinne? Hoe sjocht frijheid derút? Binne wy yn 2020 noch wol frij, as yndividu of as groep? Hoe is dat yn Fryslân, yn Nederlân en wrâldwiid?
Spulregels * De tekst is op syn heechst 1500 wurden lang. * Jo meie yn it Frysk of Nederlânsk skriuwe. * De ynstjoerings wurde anonym beoardiele. * Alle ynstjoerings wurde bondele yn in boek.
De sjuery bestiet út: – Willem Schoorstra, skriuwer, û.o. fan it boek oer Grutte Pier: Pier – de profesij fan bline Simen. – Meindert Bylsma, skriuwer, âld-ûnderwizer en Kimswerter.
Foar de winners De priisútrikking sil om 28 oktober hinne wêze, de stjerdatum fan Pier, yn Hotel Grutte Pier te Kimswert. Earste priis: Tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert. Twadde priis: Oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.
Op It Hearrenfean is foar it byld fan Fedde Schurer in nij plak fûn. Der wie gauris krityk op it plak dat it dêr de lêste tiid hie. Sneon 25 july om 11.00 oere sil it ûntbleate wurde oan de Tsjerkestjitte.
It byld waard yn 1974 yn in gersstripe oan it Van Harenspad set. It stie mei it gesicht nei de Heidebuorren, it plak dêr’t Schurer wurke by de Heerenveense Koerier. Doe’t yn 1988 it Gemeenteplein oanlein waard is it by de Wettertoer set. Troch de terrassen dy’t dêr kamen, kaam it byld net mear ta syn rjocht. Dêrom dat it, op inisjatyf fan freonen en de widdo fan de makker, Guus Hellegers, no yn de gersstripe oan de Tsjerkestjitte in plak kriget.
Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.
Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.
Foto: Geart Tigchelaar
Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.
It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere.
As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.
De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan drûch en wiet foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.