De foarstelling ‘Thús’ giet oer Huismans lêste roman Sanfirdo. De roman spilet him ôf yn Fryslân en is in ferfolchferhaal op de novelle Sânfurd út 1999. Yn de roman folget de skriuwer de personaazjes Liuwe en Elize oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld en yn it sykjen nei in “thús”. Oer dy tema’s, oer de roman sels, oer de fragen én de mooglike antwurden dêrop mar benammen it sykjen giet dizze foarstelling.
8 maart om 15.30 oere yn Podium Gorter Balk 11 maart om 20.00 oere Café De Treemter Grou 13 maart om 20.00 oere yn Muzykpleats Bûtenpost
Hoe floeiber kinne taal en tinken wêze? Baukje Zijlstra en Sytse Jansma, twa skriuwers dy’t wurkje yn in meartalige werklikheid sykje de grinzen op fan harren libbens- en tinkwrâld en de rol dy’t taal dêryn spilet. Tusken Ljouwert en Amsterdam, tusken Bogiakumu en Jakarta, tusken Charleston en Monster lizze wrâlden fan ferskil en oerienkomst. Sljochtet taal grinzen, of smyt taal just grinzen op? En wat docht it mei dyn wêzen asto in grinsgonger bist yn dyn eigen libben?
8 maart 15.30 oere yn Brouwdok yn Harns 13 maart 20.00 oere yn OBE Ljouwert 19 maart 20.00 oere yn dBieb Burgum
Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe.
Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de Lange koartproazajûn op 27 novimber 2020 yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer.
De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren.
Skriuwers fan de bêste ferhalen meie dy de jûns foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre.
De sjuery bestiet út Gerbrich de Jong (frisist, nearlandikus en dosinte oan ’e learare-oplieding NHL), Anne Feddema (skriuwer, byldzjend keunstner en redaksjelid) en Nyk de Vries (skriuwer, muzikant en Dichter fan Fryslân).
It koarte ferhaal fan op syn heechst 250 wurden kin ynstjoerd wurde nei ensafhproaza@gmail.com oant 1 juny 2020. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. It ferhaal moat opstjoerd wurde yn in word-bestân, mei fermelding fan namme, adres en tillefoannûmer.
De sjuery beoardielet de ynstjoerings anonym. Jo krije útslach nei 1 augustus, oer de útslach kin net korrespondearre wurde.
Tresoar organisearret in kursus Koartproaza as jo op wei holpen wurde wolle foar it skriuwen fan in koart ferhaal. Yn trije jûnen wurde jo ûnder betûfte lieding fan skriuwer Koos Tiemersma ûnderwiisd en begelaat. Sjoch foar mear ynformaasje op tresoar.nl. of sirkwy.nl.
Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de Literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart 2020. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten. Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk.
De Literêre jûn wurdt holden by Dansschool Saco Velt yn Ljouwert.
Programma: 20.30: ynrin, muzyk troch Wiebe
21.00: iepening troch Geart de Vries
21.05: yntroduksje Geart de Vries, Annejet van der Zijl en Baukje Zijlstra
21.10: foarlêzen troch Annejet en Baukje
21.20: muzyk Wiebe
21.30: ynterview Annejet van der Zijl en Baukje Zijlstra troch Geart de Vries
BLAUWE KIEPEN theatervoorstelling van Melvin van Eldik in beurtschip De STÂNFRIES op donderdag 20 februari 2020. Aanvang: 20.30 uur. ‘Liwwadder lietsjes en smoute ferhalen’. Het idee voor zijn Leeuwarder liedteksten (en niet te vergeten zijn Liwwadder gedichten) was geboren na het behalen van de 1e prijs bij een vertaalwedstrijd uitgeschreven door de Leeuwarder Courant i.s.m. Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden, waarbij het lied ‘A working class hero’ van John Lennon vertaald moest worden. Zijn Liwwadder vertaling ‘Un held uut de Meenthe’ kreeg de meeste punten.
Ook won Melvin de 1e prijs van de Poetry Slam Zeist, stond in de finale van NK Poetry Slam te Utrecht (2009), ontving de Leeuwarder Pommeranten Prijs 2018 en afgelopen 18 december won hij de Poetry Slam 058. Dus: “Must hier komme, dan sa’k bij dy komme.” Het schip ligt in museumhaven Wirdumerpoortsdwinger bij Mercuriusfontein.
Op freed 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film mei-inoar de priiswinnende Fryske film Bûtendyk.
Dy film fertelt it bysûndere ferhaal fan Tsjerk Visser út Wierum, de 91-jierrige heit fan makkers Geertrui en Sjoukje Visser, dy’t noch alle wiken op it fiskersskip fan syn soan de see op giet. De film hat de priis foar bêste amateurfilm wûn fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival. Njonken Bûtendyk presintearje EBLT, Mercator en Slieker Film ek noch twa oare koarte films.
De koarte Baskyske spylfilm Anti fan regisseur Josu Martinez spilet in pear jier nei de Earste Wrâldoarloch (yn 1921) yn Frânsk-Baskelân. It giet oer de skoalbern yn it plakje Bizkarsoro, dy’t, at se Baskysk prate, in balkje mei de tekst “Anti” om de nekke krije. Wa’t oan de ein fan de dei it balkje om de nekke hat krijt straf. Ek oare regionale talen, lykas it Oksitaansk en Welsk, binne bekend mei dy praktyk. In oangripende film, foar dizze gelegenheid Frysk ûndertitele, dy’t goed past yn it ramt fan dizze Memmetaaldei. Hy hat awards wûn op it Independent Film Festival Claypol (Argentinië) en ek op it Babel Film Festival op Sardinië.
De tredde koarte film is de dokumintêre Evó ce Esú. It is it ferhaal fan de Griko-minderheid yn Puglia, yn de hakke fan Italië, troch harsels ferteld. De Griko stamme ôf fan de âld-Grykse kolonisten. It is harren troch de iuwen hinne slagge om in soad fan harren identiteit, tradysjes, kultuer en taal te bewarjen, mar de taal soarge ek foar ôfstân ta de Italiaansktalige buordoarpen. Tsjintwurdich wurde de Grykse wurden sjoen as lûden om te bewarjen en mei grutskens oer te dragen. Dizze dokumintêre dûkt yn it libben fan de Griko, tusken leafde, emigraasje, nostalgy, famylje en muzyk en jout ynsjoch yn de wiffe balâns tusken de hoop om it Griko te behâlden en de berêsting yn it ferdwinen fan dizze âlde taal en kultuer.
Elk jier op ynternasjonale memmetaaldei organisearje EBLT en Slieker Film tegearre in bysûndere filmfoarstelling. EBLT en Slieker Film dogge dat yn oparbeidzjen mei Mercator, it Europeesk kennissintrum foar meartaligens en taallearen fan de Fryske Akademy. De ôfrûne jierren waarden de folgjende produksjes nei Ljouwert helle: Son Bojos, aquests Catalans (Kataloanië, 2014), Syrcas (Wales, 2015), Amama (Baskelân, 2016), Sumé (Grienlân, 2017), Cigán! (Slowakije, 2018) en Daor Klept de Klokke Weer (Stellingwerf, 2019). It EBLT besiket, foarsafier’t tiid en middels it talitte, om films oan te bieden mei ûndertitels yn it Frysk. Dat is dit jier ek wer slagge: de koarte film Anti wurdt spesjaal foar dizze fertoaning foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk. De Italiaanske dokumintêre wurdt fertoand mei Ingelske ûndertitels. De film Bûtendyk is yn it Frysk en wurdt fertoand sûnder ûndertitels.
In kaartsje foar alle trije films kostet €5,-. Dizze unike fertoaning is allinnich op ynternasjonale memmetaaldei: Op freed 21 febrewaris om 16.00 oere.
De meast ferkochte Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt in jûn yn de biblioteek fan Warkum. Hy sil prate (en miskien wol foardrage) út syn wurk mei bekende titels as It wrede paradys en De oerpolder.
Ek Bert Looper, direkteur fan Tresoar, komt dizze jûn op de tekst. Hy sil fertelle oer de lêsten ferskynde literêr-geografyske kaart Lêsber Fryslân en giet dêrby yn op skriuwers út de regio. Ut de fierte wei liket it in ‘gewoane’ kaart fan Fryslân, mei stêden en marren, mar ast tichterby komst, sjochst dat de kleurrike kaart hielendal opboud is út sitaten fan Fryske, Nederlânske en sels ynternasjonale skriuwers.
De jûn begjint om 19:30 oere. It wurdt op priis steld as jo jo oanmelde foar dizze jûn.
Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Op freed 31 jannewaris, de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en wurde moarnier pleatst op de websiden fan it dichterskollektyf en Sirkwy: www.rixt.frl en www.sirkwy.frl.
De brieven datearje út 1965/66. Oanlieding binne fragen fan ds. Hagen oan Rixt oer passaazjes út De gouden rider, har dichtbondel dêr’t se yn 1952 de Gysbert Japicxpriis foar krigen hie. Hagen wie earder dûmny yn Ljouwert en krige it Frysk dêr aardich yn ’e macht. Mar hy kin net alles neikomme as er yn de simmer fan 1965 De gouden rider yn syn wenplak Rotterdam oan it lêzen is. Hy beslút earst syn ljocht by kollega-dûmny F. Dykstra út Hijum op te stekken. Dy stjoert him in wiidweidige brief mei ferskate oersettings en ferklearrings fan wurden en rigels út Rixt har bondel. Mar op guon punten kin er Hagen net foldwaande helpe. Dy beslút om de dichteresse sels te benaderjen. Hy siket har adres op yn it tillefoanboek en skriuwt har in brief. Sa begjint in koarte korrespondinsje, mei Rixt yn de rol fan útlizzer fan guon fan har gedichten en ynlieder yn de Fryske literatuer.
De korrespondinsje hâldt begjin 1966 frijwat abrupt op as Rixt Hagen freget in part fan it materiaal dat se him stjoerd hat werom te stjoeren. Se sil op reis nei Egypte en wol foardat se fuortgiet it spul graach wer op oarder ha. Hagen docht dat en slút boppedat in papieren ryksdaalder foar de porto yn. Dan beslút Rixt yn har lêste brief laitsjend: ‘”Hjir hat de man mei oan west,” dacht ik. En nu maakt het papiertje de reis terug naar Rotterdam.’
De fjouwer brieven fan Rixt oan Hagen, de brief fan ds. F. Dykstra oan ds. J.C. Hagen en de earste en twadde brief fan Hagen oan Rixt (dy’t ek by Koos Hagen syn skinking sieten) wurde no taheakke oan it persoanlike argyf fan de dichteresse dat by Tresoar leit.
De oanbieding fan de brieven fynt plak op freed 31 jannewaris om 11.00 oere yn Tresoar, by it portret fan Rixt yn de Gysbert Japicxseal.
Hûnderten Fryske boeken binne digitalisearre en publisearre op de webside www.delpher.nl. Sa binne de boeken Joun healwei tolven fan Rink van der Velde, De oerwinning fan Bjinse Houtsma van Anne Wadman en De teltsjebeam van Diet Huber no digitaal beskikber.
Yn Delpher steane miljoenen digitalisearre teksten út Nederlânske en Fryske kranten, boeken en tydskriften dy’t allegearre wurd foar wurd trochsocht wurde kinne. Sy wurde dêr ûnder ien knop oanbean om it finen fan ynformaasje maklik te meitsjen.
Tresoar en de Koninklijke Bibliotheek (KB) praten yn 2019 ôf gearwurkje te wollen oan it digitaal meitsjen fan it skreaune en printe Frysktalige en Nedersaksyske kultureel erfguod. Njonken de gearwurkingsôfspraak waard ferline jier ek in oerienkomst tekene foar in ferfolch op it programma Lân fan Taal. Fan 2014 oant 2018 arbeiden de KB en Tresoar ek al mei-inoar op oan it digitalisearjen fan Frysktalige literatuer yn it programma Lân fan Taal.
Likernôch 10.000 boeken sille yn it ferfolchtrajekt digitalisearre wurde en dêrmei is it grutste part fan de Fryske boeken oant 1940 aanst digitaal beskikber yn Delpher. Dat projekt sil yn de hjerst fan 2020 úteinsette. De KB en Tresoar sille mei-inoar sykje nei middels om mear digitalisearringsprojekten útfiere te kinnen.
It materiaal út Delpher mei allegear foar eigen ûndersyk frij brûkt wurde, yn guon gefallen kinne lykwols der auteursrjochtlike beheiningen jilde. Yn dat twadde gefal wurde de publikaasjes digitaal op de stúdzjesealen fan de Koninklijke Bibliotheek en meikoarten ek op de stúdzjeseal fan Tresoar oanbean.
Ljouwert hat fan 2020 ôf de UNESCO-titel ‘City of Literature’ en as ûnderdiel fan de literatuerstêd spant Tresoar him yn om ynformaasje oer Fryske skriuwers en boeken te sammeljen en te fersprieden. In foarbyld dêrfan is it digitalisearjen en beskikber stellen fan dy hûnderten Frysktalige publikaasjes.
Net allinnich boeken, kranten en tydskriften wurde digitalisearre. De KB en Tresoar sille ek ûndersykje hoe’t it Fryske webdomein (.frl) en Fryske websiden argivearre wurde kinne as boarne foar takomstich taalkundich en histoarysk ûndersyk.
Tongersdei 13 febrewaris lêze tsien Friezen foar út de moaiste gedichten en boekfragminten oer it Fryske lânskip, mei muzikale ymprovisaasjes fan Tseard Nauta. De aktiviteit is ûnderdiel fan de programmearring by de tentoanstelling ‘Uneinige beweging’, oer keunstner JanMurk de Vries.
De Vries hat sels skilderijen makke by gedichten fan de dichter Sybe Krol. Foar dizze jûn binne tsien Friezen frege om harren moaiste lânskipsgedicht út te sykjen en dêrút foar te dragen. De bydragen binne fan: Wopkje Bergmans, Teake Oppewal, Froukje de Jong-Krap, Willem Winters, Pytsje de Graaf, Douwe Kootstra, Femmie van Veen, Willem Verf, Alex de Jager en Pieter Stellingwerf.
Muzikant Tseard Nauta makket in frije ymprovisaasje fan elke bydrage.
De jûn is frij tagonklik. Oanmelde wurdt op priis steld.
Datum: tongersdei 13 febrewaris Tiid: ynrin mei kofje en tee om 19.30; start: 20.00 oere Lokaasje: Obe. Heer Ivostraatje 1, 8911 DP Ljouwert
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.