Presintaasje Fryske oersetting Lexicon Frisicum

Woansdei 26 febrewaris 2020 wurdt de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum presintearre op it provinsjehûs yn Ljouwert. Belangstellenden wurde fan herten útnûge dêrby oanwêzich te wêzen.
 
It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) kin sjoen wurde as it begjin fan de leksikografy fan it moderne Frysk. It lexicon hat úteinlik laat ta it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske taal (1984-2011) en alderhande oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne. It Lexicon Frisicum (1872) is skreaun yn it Latyn en is dêrom net hiel tagonklik. Lykwols is it wurdboek tige nijsgjirrich foar de (ynternasjonale) stúdzje nei de Europeeske 19de-iuwske leksikografy, dy’t sterk troch de Romantyk beynfloede is. Foar leafhawwers fan it Frysk en de Fryske kultuer is it in nijsgjirrige publikaasje.
 
Fan 2018 oant 2020 is wurke oan it tagonklik meitsjen fan it Lexicon Frisicum. Leksikograaf Anne Dykstra is lûker fan it mânske projekt. Yn totaal is mear as 60% fan it Lexicon Frisicum oerset nei it Frysk. In grut part dêrfan is teffens oerset nei it Ingelsk en nei it Nederlânsk. It oersette part fan it Lexicon Frisicum wurdt publisearre op de webside fan it Instituut voor de Nederlandse Taal (IVDNT) te Leien.
 
Nei in ynlieding troch dr. Anne Dykstra sil de oersetting oan kommissaris fan de Kening drs. A.M.M. Brok oanbean wurde. Dat wurdt folge troch in demonstraasje fan it Lexicon Frisicum yn it portaal fan it IVDNT. Dr. Tanneke Schoonheim, ûndersiker/taalkundige by it IVDNT, sil fertelle oer it belang fan de oersetting. Ut namme fan de famylje Halbertsma sil Tj. Halbertsma in wurdsje dwaan.
 
It programma set útein om 12.30 en is frij tagonklik. De ynrin is fan 12.00 ôf. De gearkomste wurdt sletten om 13.15. Dêrnei is der noch romte foar fragen.
 
Oanmelde kin fia l.postma@fryslan.frl

Foto: Omrop Fryslân

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *