Willem Schoorstra by Literêr Kafee yn Bûtenpost

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

De ferneamde skriuwer Willem Schoorstra is op 17 jannewaris te gast by Literêr Kafee yn Bûtenpost. Hy sil stikeljend befrege wurde troch presintatrise Fettsje Boorsma.

De jûn begjint om 20:00 oere en kostet € 10,00.
De lokaasje is De Muzykpleats, Egypte 16a, 9285 WX Bûtenpost.

Sjoch foar mear ynformaasje op Literair Café.

Facebooktwittermail

Oprop Skriuwersarke 2020

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Op dizze wize hoopje wy safolle mooglik skriuwers en dichters in kâns te jaan om yn de arke oan it wurk te kinnen.

It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en telefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea.

Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2020 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. Mocht it yn 2020 net slagje om plak te krijen, ek yn 2021 wurdt de arke wer foar skriuwers en dichters iepensteld.

Facebooktwittermail

Kursussen Tresoar 2020

Marga Claus fersoarget al jierren de suksesfolle kursus ‘Libbensferhalen skriuwe’

Yn 2020 biedt Tresoar wer in tal kursussen oan, lykas in kursus ‘Proaza skriuwen foar bern’ dy’t jûn wurdt troch Hanneke de Jong of de kursus ‘Libbensferhalen skriuwe’ troch Marga Claus. Fierders wurde de kursussen ‘Ferheljend skiednis skriuwen’ troch Janneke Donkerlo en troch Arjan Hut ‘Moat in gedicht rymje’, oftewol in kursus oer hoe’t gedichten lêzen wurde moat.

Binne jo nijsgjirrich wurden en wolle jo mear ynformaasje hawwe oer de boppeneamde kursussen, klik dan op dizze keppeling.

Facebooktwittermail

Skriuw in Frysk toanielstik

Wa skriuwt it bêste, moaiste, geweldichste Fryske toanielstik foar amateurs!?

De falbile foar it ynleverjen fan dyn toanielstik is ferskood nei begjin takom jier! Kinst noch meidwaan, dus!

Altyd al in toanielstik skriuwe wollen? Dan is it no tiid om yn de pinne te klimmen!
Blijspullen, kluchten, komeedzjes, trageedzjes, drama’s, skrillers, musicals, berne-
en jongereintoaniel, jûnfoljende stikken (gjin iepenloft) likegoed as ienakters.
Foar jeugd, bern of âlderen, alles kin en mei.

Neist dat de St.U.F.T. it winnende stik útjaan sil, is der ek in jildpriis oan ferbûn:
foar it bêste jûnfoljende stik € 1.250,- en foar de bêste ienakter € 750,-.
De rjochten fan de winnende stikken binne foar de Stuft.
It stik wurdt beoardield troch in trijekoppige sjuery: Bouke Oldenhof, Piter M. Renia en Anne Graswinkel.

Wolst meidwaan?
Leverje dan foar 1  jannewaris 2020 dyn stik digitaal yn by info@stuft.nl.
Yn in Word bestân, lettertype Times New Roman, tekengrutte 11,5,
pagina-yndieling A5.

Fragen / opmerkingen kinne nei:
Mail: info@stuft.nl of 06-304 93 981 (Jelle Terwal)

We sjogge mei grutte belangstelling jimme toanielstikken temjitte!

Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (StUFT) bestiet 50 jier en skriuwt dizze priisfraach út.
De StUFT is in frijwilligersorganisaasje dy’t alle jierren 22 Fryske toanielstikken útjaan
wol mei as doel it Fryske amateurtoaniel te stypjen en te stimulearjen.

Facebooktwittermail

As ik letter grut bin fan Berber Spliethoff

Bisto tusken de tsien en sechtjin jier? Dan binne dizze gedichten foar dy skreaun.
Om foar te dragen.
Om te lêzen.
Om te brûken.

Sechtich gedichten om te laitsjen, om oer nei te tinken en om in oar wat te fertellen. In hiele protte wille der mei!
Berber Spliethoff skriuwt al sa’n achttjin jier foar kalinders, tiidskriften en bondels. Op in útdaagjende, orizjinele en faaks ludike wize besprekt se gewoane daaglikse tema’s.

Utjouwerij: Bornmeer

Facebooktwittermail

It tipelsinnich bousel, ik fan Anne Wadman

Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De Smearlappen (1963) en De frou yn ‘e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 de Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soadin ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau.

Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte-en djiptepunten, oer haadsaken en bysaken, giet dit boek. It stiet fol mei ûnder oare oan no ta net publisearre wurk en nea earder ferskynde foto’s en dokuminten. Minsken dy’t harren fertroud fiele mei libben en wurk fan de skriuwer, learaar en muzikant helje oantinkens op en jouwe analyzes fan syn wurk.

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail

It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fan Hylkje Goïnga

Om’t de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy’t karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om ‘e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.

Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.

Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhâlding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op ‘e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Marthaha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.

Gearstalling en foarwurd: Douwe Kootstra

Utjouwerij: Afûk

Facebooktwittermail