Op freed 31 maaie 2019 organisearret Stichting Keunstkrite Twizel foar de fyfde kear in Jan Ritskes Poëzynacht yn Twizel.
Dit lytsskalige barren fynt om de twa jier plak yn ‘e tún fan it Simke Kloostermanhûs. It biedt in poadium foar benammen Frysktalige dichters út ‘e regio en jong talint.
Hoewol’t de list fan dielnimmende dichters wilens aardich groeid is, is de Stichting altiten op syk nei nije gesichten. Fandêr dizze oprop ta dielname.
Der stiet in (lytse) fergoeding tsjinoer. Ofhinklik fan it tal dielnimmers giet it om optredens fan op syn heechst 30 minuten (almeast 3 x 10 minuten).
Mail of belje mei Hetty Combs: 06-16480635 info@keunstkrite.nl
De mienskiplike galeryen yn Koudum – Het Beeldhouwcentrum, Galery Kunst in Beweging, Galery Lytse Skientme, Galery 13 Manen – organisearje mei it Lunch Atelier Koudum lykas ferline jier in poëzijmiddei yn ‘e Haadstrjitte. Yn lytse groepen kuierje de dielnimmers fan galery nei galery. Yn alle galeryen sil poëzije te hearren wêze en/of muzyk makke wurde.
De fiertaal is sawol Frysk as Nederlânsk. Yn neifolging fan ‘e Nationale Poëzieweek is it sintrale tema ‘frijheid’. It programma start yn it Beeldhouwcentrum, dêr’t belangstellenden ûntfongen wurde mei kofje en tee. Oanslutend lêst Ytsje Hettinga dêr gedichten foar. Dêrnei geane de besikers nei de oare galeryen, elk mei har eigen program.
Yn Galery Lytse Skientme trede it trio Laaghangend Fruit en de dichter Paul van Dijk op. Van Dijk publisearre yn 2018 syn goed ûntfongen debútbondel Famke fan snie, dêr’t er sûnder mis út foarlêze sil. Der wurdt grute dat Paul van Dijk ek Thys Wadman op sello meinimme sil.
Yn Galery Kunst in Beweging beljochtet Connie Harkema de dichterlike frijheid en soarget Anneke Piersma foar it Frysktalige part. Yn Galerie 13 Manen draacht Gerda Veldman gedichten foar en sjongt Sjoukje van der Land Fryske lietsjes.
Ta beslút is der yn it Lunch-Atelier in ferrassende neisit.
Kosten: € 10 (ynklusyf kofje/tee by oanfang en hapke en drankje nei oanrin) Tiidstip: Sneintemiddei 17 febrewaris fan 14:00 oant 17:00 oere Oanmelde: Fóár 13 febrewaris fia galerielytseskientme@gmail.com
De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân wer op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019.
Mei de Bernard Smilde Priis wol Krúspunt stimulearje, dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettings fan lietteksten út in oare taal wei. Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. De uterste ynstjoerdatum is 16 maart 2019; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.
In tekst moat foar 16 maart 2019 ynstjoerd wurde op it folgjende adres: bsp@kruspunt.nl De sjuery bestiet dit jier út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.
De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.
Under de foto steane de regleminten.
Sjaak Verboom
Reglemint Bernard Smildepriis
De priis is foar de tekst skriuwe fan in nij Frysktalich tsjerkeliet. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 250, publikaasje fan it liet op ’e webside fan Krúspunt, en de opdracht oan in komponist om by it liet in wize (as dy der noch net is) of in setting (by in besteande wize) te komponearjen.
It liet hoecht net oarspronklik yn it Frysk skreaun te wêzen, mar mei ek nij oerset wêze. In liet yn ien fan de oare memmetalen yn Fryslân mei ek ynstjoerd wurde, as der mar al in Fryske oersetting by is.
De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.
Lieten dy’t op hokker wize ek al yn in Fryske oersetting publisearre binne of brûkt wurde, kinne net ynstjoerd wurde.
By it brûken fan besteand materiaal (itsij wizen, itsij in tekst dy’t oerset is) moat de komponist of skriuwer neamd wurde, mei it plak dêr’t dit orizjineel publisearre is.
e ynstjoerder jout troch yn te stjoeren tastimming; – dat syn of har liet publisearre wurdt op de webside fan Krúspunt, mei fermelding fan alle auteursgegevens. – dat syn of har liet publisearre wurdt troch Krúspunt, op pepier, digitaal of yn in bondel, mei fermelding fan alle auteursgegevens
De ynstjoeringen sille hifke wurde troch in saakkundige sjuery, dy’t alle jierren beneamd wurdt troch it bestjoer fan Krúspunt, en dy’t bestiet út in musikus, in letterkundige en in téolooch. Yn prinsipe wurdt alle jierren ien sjuerylid nij beneamd, en kinne sjueryleden trije jier efterinoar meidwaan. Leden fan de sjuery en guon dy’t yn ’e organisaasje behelle binne binne útsletten as priiswinner.
Mear as tritich dichters fan alderhanne postuer, gender, tongfal en poëtika hawwe harren opjûn foar de Grutte Gedichtejûn dy’t Frysk literêr tydskrift Ensafh alle jierren hâldt. De edysje fan dit jier sil plakfine yn kafee Marktzicht te Drachten. It kafee is de eardere jachtweide fan Rink van der Velde, dat de muorren binne al wend oan literatuer. Ineke van der Heide sil foarlêze út it op ’e selde dei by útjouwerij Hispel ferskinend boek mei berneferskes Broek mei bûsen. Muzikale ôfwikseling wurdt fersoarge troch de Grunneger trûbadoer Bert Hadders. Tagong ta de poëzymaraton is fergees. De jûn begjint om 19:30 oere, mar kom op ’e tiid, want it smûke kafee sit samar fol!
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 13 maaie o.s.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl
Altyd op ’e lêste donderdeg fan jannewary fynt in de bibliotheek fan St.-Anna de gedichte-aven plak. D’r doen elk jaar ’n prot mînsen an met. Dut jaar is de gedichte-avend op donderdeg 31 jannewary 2019. ’t Begint om 19.30.
Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim opgeve fia info@bildtsaigene.nl, maar jim kinne ok even na de bibletheek belle (06-45657383) of even delkomme.
En ’t maakt niet út wer’t ’t gedicht over gaat. Ok niet at ’t Bildts, Frys of Nederlâns is. ’t Mâg ’n sels skreven gedicht weze, maar ok ’n al bestaand gedicht. Jim sien wel, wij doen niet soa moeilik. Hopelik doen jim dat ok niet en wort d’r niet stind en binne d’r weer ’n prot foordragers en foordraagsters fan de pertij.
Kommende snein organisearret útjouwer Eddy van der Noord (Utjouwerij Louise) yn it Grouster Sylsintrum in Bildtse Brunch. Hy fertelt dan wêrom’t er de Biltske bondel Ofskaid en útsicht (2018) sa’n bysûnder boek fynt en hoe’t de bondel ta stân kommen is. Auteur Hein Jaap Hilarides, by RIXT moannedichter fan jannewaris, sil in pear ferhalen, stikkys en gedichten foardrage. Byldzjend keunstner Hendrik Elings lit sjen mei hokker materiaal oft er de tekeningen makke hat. Syds Wiersma, âld-Grouster en dichter, sil inkelde gedichten oer ôfskied en útsicht foardrage. De muzyk wurdt fersoarge troch Hein Jaap en Hendrik. Sy spylje Biltske nûmers. Tuskentroch servearret Marleen Kelderman mei har meiwurkers waarme en kâlde brunsjhapkes. Lês fierder by De Grouster.
Klik hjir foar mear ynfo oer de bondel Ofskaid en útsicht.
Op 27 jannewaris wurdt troch It Pottebakkershûs yn Warkum de Midwinterferhaletocht organisearre. Der wurdt mei de earste groep om 13:30 oere úteinsetten op de iuwenâlde skipswerf ‘De Hoop’. Dêrnei start om it healoere in nije groep oant 16:00 oere.
Nei de werf wurde jo nei ferskillende unike lokaasje brocht, lykas it rom fan in seilklipper, de stâl fan in pleats, de koken fan in histoarysk pân en de âlde smidderij.
Skriuwer en dichter Paul van Dijk sil optrede mei syn kompaan en skriuwer Thys Wadman.
Kosten binne € 20 euro de persoan. Der kin ek in Midwintermielsop servearre wurde foar in mearpriis fan € 7,50.
Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.
Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt. De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.
De see is in wichtige ynspiraasjeboarne foar de minske. Rêst, romte, wiidsheid, sinne, wyn, gouden strannen… Wy genietsje der fan en yn de literatuer en byldzjende keunst is de see in wichtich ûnderwerp. Yn it temawykein ‘De see, de see’ sille wy dy rol fan de see yn de keunst neier ferkenne. Oan de hân fan in ‘wyntrochwaaid’ gebiet, Fryslân, leare wy hoe’t oanfanklik benammen de bedrigingen fan de see ûnderfûn waarden. Fan 1900 ôf oan ûntstie der in oare hâlding, wêryn’t de see in plak fan skientme, refleksje en in stapke tebek wurdt. Dy ûntjouwing yn ús hâlding wjerspegelet har prachtich yn de Fryske literatuer en keunst, tink oan Tsjêbbe Hettinga en Gerrit Benner. Yn inkelde lêzings, foardrachten en in kuier sille wy ús ferdjipje yn literatuer, keunst en lânskip. Harkje en sjen, mar ek meidwaan oan it oersetten fan inkelde seegedichten fan Frysk nei Nederlânsk en oarom.
It wykein is fan 24 oant en mei 26 maaie en fynt plak op de Folkshegeskoalle op Skylge. Sjoch foar it programma op de webside fan Sirkwy of fan de Folkshegeskoalle sels.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.