Annet Bouma wint Fryske foardrachtskriich FeRstival

Annet Bouma fan Surhuzum hat de 76e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtswedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean makke se mei har foardracht fan it gedicht ‘Dyn namme’ fan Tsjitske Sijtsma de measte yndruk op de sjuery. “Annet hat ús in skilderij sjenlitten. Se libbe har fantastysk yn en hie in prachtige mimyk”, sei sjueryfoarsitter Romkje Bosma.

Foto: Cedin

Yn de kategory ‘Trochsetters’, foar twadde- en treddeklassers, wie it earste plak foar Elise Westerhof fan Eastermar. Sy die dat mei it gedicht ‘Israël’ fan Jelle Bangma. By de ‘Starters’, foar earsteklassers, droech Mare de Jong fan Akkrum it moaiste foar, mei it fers ‘De earste kear’ fan Ciska Noordmans. Der diene 33 dielnimmers oan de finale mei, op de foarkrigen kamen yn totaal 110 dielnimmers ôf.

Jongerein en Fryske poëzij
FeRstival waard yn 1942 troch de Fryske Underwiisrie ynsteld. Doel wie om de belangstelling te befoarderjen foar poëzy, en dan benammen foar de Fryske. Boppedat fûnen de inisjators it wichtich dat learlingen ûnderfûnen hoe’t it is om op in poadium te stean. Yn al dy jierren hawwe hiel wat pubers meidien dy’t it letter makke hawwe op de planken. Tink oan Rients Gratama, Nynke Laverman, Tet Rozendal en Theun Plantinga.

Alle winners op in rychje
Starters (earsteklassers)
1.    Mare de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
2.    Ineke Reitsma – Easterwierrum – Sevenwolden Grou
3.    Anda Braam – Balk – Bogerman Balk

Trochsetters (twadde- en treddeklassers)
1.    Elise Westerhof – Eastermar – Liudger Burgum
2.    Hannah Marije Vlieg – Ljouwert – Beyers Naudé Ljouwert
3.    Sanne de Heer – Mantgum – RSG Magister Alvinus Snits

Toppers (fjirdeklassers en heger)
1.    Annet Bouma – Surhuzum – Lauwerscollege Bûtenpost
2.    Benthe de Jong – Akkrum – Beyers Naudé Ljouwert
3.    Sanne Hoeksma – Twizelerheide – HAVOtop Burgum

Facebooktwittermail

De parallaks fan Janneke Spoelstra

Yn De parallaks, dy’t in simmerhealjier tusken Ljouwert en It Amelân beslacht, komme trije froulike haadpersoanen oan it wurd: Famk dy’t tritich wurdt, Lokke dy’t fyftich en Wyb dy’t santich wurdt.
Alle trije identifisearje se harsels as lesbysk, mar troch it ferskil yn leeftiid is it perspektyf hiel oars. De libbens fan ‘e froulju rinne soms mei-inoar op, mar úteinlik folgje se alle trije har eigen wei.

De parallaks is de earste roman fan Janneke Spoelstra (Hijum 1962). De skriuwster, dy’t wennet yn Alde Leie, publisearre twa dichtbondels: Goeie is it wachtwurd (Utjouwerij Frysk en Frij 2004) en Langst fan ‘e dagen (Friese Pers Boekerij 2011). In treddenien, Wij yn ‘e draaimûne, ferskynde tagelyk mei dizze roman.
Yn 2008 publisearre Spoelstra, yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen, de ferhalebondel In Jikse-libben, dy’t as ien fan ‘e tsien Fryske boeken yn 2013 op de Frankfurter Buchmesse ûnder de oandacht brocht waard. Se sette de ferhalebondel sels oer nei it Nederlânsk. Under de titel Wat ze dan dacht ferskynde dy oersetting yn 2013 by Utjouwerij Elikser.

Utjouwer: Afûk

Facebooktwittermail

In stjer leafhawwe / Een ster liefhebben / To love a Star fan Simen de Jong

Laurence Alma Tadema waard yn 1865 yn Brussel berne as âldste dochter fan de Frânske Marie Dumoulin en de Fryske skilder Lourens Alma-Tadema.
Laurence skriuwt fan jongs ôf oan en koesteret har oanlis op in protte mêden. Har wurk bestiet út gedichten, romans, toanielstikken, oersettingen en pamfletten. Krekt as har heit wurdt se in wrâldboarger, in kosmopolyt troch opfieding en brede ynteresse.
Oars as by de yn it algemien sinnige ferbylding fan har heit – wolkeleas en freugdefol lardearre mei optimisme – treffe we by Laurence meastentiids in djippergeande wanhoop en ekstaze oan. Lourens ferbyldet mei syn pinsiel in fiere wrâld en bringt in ryk ferline ta libben. Laurence is yn har skriuwen yn petear mei har inerlik.

Utjouwer: Hispel

Facebooktwittermail

Pûlen-yn-de-pot fan Sjieuwe Borger

Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe’t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.

Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben.

De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.

Utjouwer: Elikser

Facebooktwittermail

Reaksje op kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’

Hjirûnder kinne jo de tekst lêze sa’t dy nei alle fraksjes gien is as reaksje op de nije kultuernota ‘Kultuer oan ‘e Kime’ fan Provinsje Fryslân. André Looijenga hat út namme fan ‘e leden fan It Skriuwersboun op 12 desimber by de Byldfoarmjende Steatekommisje yn it Provinsjehûs ynsprutsen.

Ljouwert, 12 desimber 2018

Rju achte leden fan Provinsjale Steaten,

Mei fernuvering hawwe wy yn it útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime de plannen foar de weroriïntaasje fan de kulturele ynfrastruktuer fan Fryslân lêzen. De leden fan it Skriuwersboun binne ferbjustere hoe’t yn dat beliedstik it Fryske kulturele fjild redusearre wurdt ta de twa grutste publykslûkers: popmuzyk en toaniel.

Yn it útfieringsprogramma lêze wy faak dat de ‘talichheid’ en de ‘meartaligens’ fan de kultuer yn Fryslân in sterk punt wêze soe. Yndied! Mar wy meitsje ús grutte soargen, omdat dy moaie wurden oer ‘talichheid’ net eksplisyt ferbûn wurde oan it skreaune Frysk, net ferbûn oan literatuer yn it Frysk, en ek net oan de ‘makers’ dy’t har spesjalisearje yn it skriuwen yn it Frysk. De skriuwers, de dichters, de oersetters wurde nammentlik nergens neamd yn de nije beliedsnotysje!

Der hawwe dan ek gjin fertsjintwurdigers fan it Fryske literêre fjild meipraat yn de petearen foar it ûndersyk Fryslân – lân van krêft en kânsen. Wy begripe net wêrom’t dy net útnûge wiene.

It Skriuwersboun hat fûnemintiele beswierren tsjin de teneur yn de beliedsnotysje Kultuer oan ’e Kime, dat kultuer yn Fryslân ûndergeskikt makke wurdt oan ekonomyske doelen. Keunst en kultuer wurdt benammen delset as in middel ta it fuortsterkjen fan fêstigingsklimaat en toerisme. Dit bedriget de autonomy fan de keunst. Dit liedt neffens ús ek ta in ynhâldlike útholling. Wy ferwachtsje hieltyd mear keunst dy’t mei in toeristyske blik, oerflakkich en stereotyp, nei Fryslân en de Fryske mienskip sjocht.

Foar echte kulturele ynnovaasje hjir yn Fryslân is kennis nedich, net allinnich in ‘ferhaal’, mar djipper geande kennis fan de eigensinnige Fryske kontekst en ús Fryske talen.

As it giet om it plak fan de Fryske taal yn de kulturele ynfrastruktuer, is it saneamde Bidbook Frysk oer meartaligens in teloarstelling. Dat Bidbook is net folle mear as in reklamefolder oer de aktiviteiten fan ‘Lân fan Taal’ yn 2018. Neffens it Skriuwersboun is der in beliedsstik nedich dat folle breder en djipper yngiet op it Frysk yn it provinsjale kultuerbelied. Literatuer yn it Frysk is ommers it anker fan it Frysk as kultuertaal. Ek foar bygelyks heechweardich lokaasjeteater yn it Frysk binne mear ferbinings mei de literatuer essinsjeel.

It Skriuwersboun freget Provinsjale Steaten om derop oan te stean dat Fryske literatuer in folweardich plak krijt yn de kulturele ynfrastruktuer fan it kommende desennium.

Wat neffens ús nedich is, is in aparte notysje oer it provinsjale literatuerbelied, – dy’t de skriuwers net weimoffelet ûnder de ‘taalbefoardering’. Wy freegje om in notysje mei in blik dy’t breder is as allinnich subsydzjebetingsten, mar dy’t bygelyks ek in antwurd hat op in bettere marketing fan Fryske boeken en op mear ynternasjonale útwikseling fan Fryske skriuwers en harren wurk.

It Skriuwersboun sprekt de hope út dat Provinsjale Steaten helpe kin om sa it plak fan de literatuer yn it Fryske kulturele fjild better te boargjen as yn dizze plannen it gefal is.

Ut namme fan de leden fan it Skriuwersb

Facebooktwittermail

De parse oer Steatemerk fan 12 desimber

Yn in folle kommisjeseal kamen tolve ynsprekkers út de kulturele sektor mei skerpe krityk op de nije beliedsnota ‘Kultuer oan ‘e Kime’. Bestjoerslid André Looijenga spriek dêr út namme fan ‘e leden fan It Skriuwersboun. Hjirûnder binne inkelde artikels sammele oer dy middei en jûn op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Ljouwerter Krante fan 12 desimber

Omrop Fryslân fan 12 desimber

Omrop Fryslân fan 13 desimber

Frysk Deiblêd fan 13 desimber

Ljouwerter Krante fan 14 desimber

Foto: Omrop Fryslân
Facebooktwittermail

It libben fan in Labbekak – Jeff Kinney
oersetten troch Martsje de Jong

Het leven van een Loser: Fryske edysje.

It libben fan in Labbekak is it earste diel yn ’e megasuksesfolle searje It libben fan in Labbekak fan Jeff Kinney. It ferhaal fan in ûnferjitlike antyheld.

Sjoerd fynt it libben in hel. Op ’e middelbere skoalle moat er him steande hâlde tusken ÛNDERKRÛPERS út ’e brêgeklasse en folgroeid ROSMOS dat him al skeart. Op in dei krijt er fan syn mem in leech DEIBOEK. ‘Ast mar net mienst dat ik “leaf deiboek” hjir en “leaf deiboek” dêr begjin te skriuwen.’

Utjouwerij: De Fontein

Facebooktwittermail

Bestjoer It Skriuwersboun pakt kâns ta ynsprekken oangeande Kultuernota

Op 12 desimber komt ûnder oaren it ûnderwerp ‘Utfieringsprogramma weroriïntaasje Fryske kulturele ynfrastruktuer’ oan ’e oarde yn de Steatemerk. Jûns is der in mooglikheid ta ynsprekken by de Byldfoarmjende Steatekommisje. It bestjoer fan it Skriuwersboun wol dêr gebrûk fan meitsje om de reden dat de Fryske literatuer amper neamd wurdt. In tal algemiene beswieren dy’t it Skriuwersboun op it aljemint bringe wol is dat de fokus bot leit op ’e útfierende keunst en de festivals. Dat is in fierdere marginalisearring. Boppedat moat foar’t der útfierd wurde kin, teksten levere wurde, mar dy lykje no út de loft te fallen. Fierders wurdt kultuer ûndergeskikt makke oan ekonomyske doelstellings. De fokus ferskoot nei kultuer as toeristelûker, sadat in ynhâldlike útholling driget. In oar wichtich punt is ûnderwiis, want by de basis moat it begjinne, en dy basis is spitigernôch fierstente ûnfoldwaande.

De byienkomsten fan ’e Provinsje binne iepenbier, dat jo kinne jo ek opjaan om te kommen troch in mail te stjoeren nei statengriffie@fryslan.frl

De stikken dêr’t it om giet binne hjir te riedplachtsjen.

Facebooktwittermail

Kursus skriuwen foar lokaasjeteater – mei Bouke

Foto: Geart Tigchelaar

It ôfrûne jier hat der al it ien en oar te dwaan west oangeande toaniel binnen It Skriuwersboun. Under oaren hat Bouke Oldenhof in jûn fersoarge om oer syn fak te fertellen yn syn kafee Rolbrêge op ‘e Tynje. Takom jier fersoaget Bouke foar Keunstwurk in Kursus skriuwen foar lokaasjeteater.

Klik op hjir foar mear ynformaasje en de mooglikheid om jo op te jaan.

Facebooktwittermail