Joery en Nine Bonsma binne krekt ferhuze. Fan de stêd nei in doarp. No wenje se mei heit en mem nêst pake en beppe. Allegearre Bonsterkes op ’e terp! Foar de bern is it earst wol wennen. Nine hat al gau in freondintsje, mar Joery wol ek sa graach in boartersmaat ha. Soe dat slagje mei syn nije avensearskuon?Freegje heit, mem, pake of beppe mar gau om foar te lêzen. Of miskien kinst it sels!
De Bonsterkes op ‘e terp is it aksjeboek yn de perioade 29 septimber oant en mei 31 oktober.
De Boskberch, dêre yn it Drintsk-Fryske Wâld, draacht al iuwenlang in grut geheim yn him. Nimmen dy’t it wit. Yn Geheimen út ’e Boskberch nimme de trije slakken Bearend, Sofy en frou D. dy mei de berch yn. Do leaust dyn eagen én dyn earen net, ast ûntdekst wat him dêre, yn dy berch allegear ôfspilet.
De karakters en aksessoires yn Geheimen út ’e Boskberch binne makke fan recycled materiaal sa as âlde sjirts, tafellekkens, fearkes út Rôversguod, plakbaltsjes, strykkralen, rommellaadfynsten, fûgeltsjesân, brânhout, rommelmerkskatten, klaai en stiennen.
Nei dy iene dei, doe’t Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau – in oar wurd ha’k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op ‘e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade.
Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.
In nij boek is skreaun troch Dolf Verroen en Mindert Wijnstra mei prachtige yllustraasjes fan Babs Wijnstra. De boekpresintaasje fûn plak yn Wytgaard by T.J. Roordaskoalle. It earste eksimplaar waard oanbean oan Kommissaris fan de Kening, Arno Brok. Oan de ein fan de presintaasje krigen alle bern fan groep 3 o/m 8 in eksimplaar fan it boek.
De oanbieding betsjutte tagelyk in moaie ôfsluting fan it trajekt van Dolf Verroen en Mindert Wijnstra as skoalskriuwers yn Wytgaard. Beide sette der in punt achter. Mear ynformaasje: De Schoolschrijver.
Fan ‘e middei wurdt de debútbondel fan Paul van Dijk presintearre yn Workum.
Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk” rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen.
Paul van Dijk (1981) is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers “Etude yn ‘e rein” krige er de Rely Jorritsmapriis.
Op 21 maart 2018 is foar 150 earsteklassers fan ‘e Hafû op it Dockinga College yn Dokkum de oersetting fan Gideon Samson syn young adultboek Zwarte zwaan (yn it Frysk oersetten troch Geart Tigchelaar mei as titel Swarte swan) presintearre. Geart hat dêr eksamen Frysk dien en hat sadwaan yn ‘e mande mei syn âld-dosinte Gretha Hoekstra de middei organisearre. Jelle Bangma prate it barren oan inoar. Hjirby in koarte synopsis:
Rifka hat wat geweldichs betocht. Se betinkt altiten al goeie dingen, mar sa goed as no is it hast noait. Ja, okee, Duveke seit dan miskien wol dat it net kin, mar wat wit dy der no fan? Rifke lit har troch net ien tsjinhâlde. Se sil de hiele wrâld foar gek sette. In goed skûlplak fine. Dat is it wichtichst. Rifka moat dêr klean en iten ferstopje, en dêrnei harsels. Wilens krije har âlden twa prachtige brieven en dan giet alles fêst krekt sa’t se it úttocht hat. It is in yngewikkeld plan. Gelokkich is Rifka it tûkste famke fan ‘e wrâld. Mei in lyts bytsje help fan Dueke wurdt dit de stunt fan ‘e iuw. Rifka hat oan alles tocht. Dus wat kin der noch misgean? Neat dochs?
Ljouwert – Sân nominaasjes meitsje kâns op in priis yn it ramt fan de wedstriid Fersier in fers, sa makke de sjuery juster bekend. Albert van der Kooij, direkteur fan Frisian Design Factory, Elmar Kuiper, byldzjend keunster en dichter, en Nina Peckelsen, yllustrator, hawwe har bûgd oer de ynstjoerings.
By de Junior-edysje fan de priisfraach binne der fiif nominaasjes: Fimke Haytema (15) út Koudum, learling fan Bogerman Koudum foar har keunstsinnige reaksje op it fers Nachtkeamer, Yaling van der Werf (15) fan Húns, learling fan Bogerman Wommels foar syn reaksje op it gedicht Paradysfûgel, Sarina Huijser (15) fan Snits en Andries Bos (14) út Boalsert, beide learling oan it Nordwin College yn Snits foar harren reaksjes op de fersen Proefrit en Syn namme foarby, en ta beslút Marijke Kuperus (13) en Janiek Kloostra (12) út Nijewier, learlingen oan it Dockinga College, foar harren reaksje op it gedicht Proefrit.
Wat de Senior-edysje oanbelanget, hat de sjuery twa nominaasjes takend: Jentsje Fekkes út Koudum foar syn artistike reaksje op it fers Wille, en Janke Dijkstra fan it Hearrenfean foar har reaksje op de liettekst Jo Hear, dy’t foar it oanbegjin.
Alles byinoar wiene der foar de earste edysje fan dizze wedstriid 45 ynstjoerings. 38 foar de Junior-edysje en sân foar de Senior-edysje. De wedstriid Fersier in fers is in inisjatyf fan Friesch Dagblad, Cedin en it Skriuwersboun, ta eare fan de 75e edysje fan Ferstival, de Fryske foardrachtswedstriid foar jongerein. Op sneon 16 desimber, as ûnderdiel fan de finale fan de foardrachtswedstriid yn it Posthuistheater op it Hearrenfean, wurde de winners bekendmakke.
Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden. Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.
It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen. En lês dêrby ek in koarte passaazje of gedicht foar.
Sa hoopje wy mei-inoar in smûke jûn mei lekker iten te belibjen wylst wy yn inoars omreizgje. Wolle jo mei-ite, dat kin fergees, mar opjefte is wol wichtich, fansels foar de bestelling fan de catering. Yntrodusees binne wolkom. Graach opjaan foar 13 desimber 2017 fia it e-mailadres bestjoer@skriuwersboun.nl en dan hoopje wy jo op 16 desimber yn Feanwâlden te sjen.
De Theun de Vrieslezing 2017 belooft iets bijzonders te worden. Het thema is dit jaar Theun de Vries en de muziek. In het enorme oeuvre van Theun de Vries (zo’n 160 titels!) zitten veel publicaties waarin musici en componisten een grote rol spelen. Bekende titels zijn o.a De Première, Motet voor de kardinaal, De dood kwam met muziek en Bruiloftslied voor Zwaantje.
Muziekliefhebber, zanger en violist Theo Laceulle heeft voor deze concertlezing enkele verrassende keuzes gemaakt uit het muzikale werk van Theun de Vries. Hij zal ze kort toelichten.
De door Laceulle uitgekozen fragmenten uit de muziekromans worden omlijst door pianiste Mirsa Adami. Zij studeerde als uitvoerend musicus met lof af aan het Sweelinck Conservatorium. Adami is momenteel repetitor bij de Nieuwe Opera in Amsterdam en geeft regelmatig recitals in binnen- en buitenland. Zo was ze te horen op het Prinsengrachtfestival en in het Concertgebouw in Amsterdam.
Mirsa Adami speelt tijdens de lezing o.a. muziek van Bach, Debussy, Albeniz, Scarlatti, Puccini en Mozart.
Ook wordt het eerste exemplaar van het bibliofiel uitgegeven gedicht Scarlatti van Theun de Vries aangeboden aan Alexandra de Vries, dochter van de auteur. Datum: Vrijdag 6 oktober Plaats: Schierstins, Haadstrjitte 1, 9269 SW Feanwâlden Aanvang: 20.00 uur Entree: 8 euro Reserveren: info@schierstins.nl Tel.: 0511-472937
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen, en jo foarkarren te ûnthâlden foar in folgjende besite. As jo op ‘Ja’ klikke, akseptearje jo it brûken fan ALLE cookies.
Wy brûke op ús webside cookies om jo in goed wurkjende webside oanbiede te kinnen. De essensjele cookies wurde troch jo browser op jo kompjûter opslein omt se nedich binne foar it funksjonearjen fan de webside. Wy brûke ek cookies fan tredden foar it analysearjen fan besites oan ús webside. Dizze cookies wurde allinnich opslein yn jo browser as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo kinne dizze cookies ek útskakelje. De webside kin dan wol wat oars wurkje of reagearre.
Essinsjele cookies binne needsaaklik om de webside goed funksjonearje te litten. Dizze kategory befettet allinne cookies dy’t de basisfunksjes en feiligenskomponinten fan de webside funksjonearje litte. Dizze cookies bewarje gjin inkelde persoanlike ynformaasje.
Alle cookies dy’t net strikt needsaaklik binne om de webside funksjonearje te litten en dy’t spesifyk brûkt wurde om persoanlike data fan brûkers te sammeljen lykas analytics, advertinsjes en oare yntegrearre komponinten wurde beskôge as net-needsaaklike cookies. It is ferplicht om tasizzing fan de brûker te krijen foardat dizze cookies yn wurking set wurde op de webside.