Op It Hearrenfean is foar it byld fan Fedde Schurer in nij plak fûn. Der wie gauris krityk op it plak dat it dêr de lêste tiid hie. Sneon 25 july om 11.00 oere sil it ûntbleate wurde oan de Tsjerkestjitte.
It byld waard yn 1974 yn in gersstripe oan it Van Harenspad set. It stie mei it gesicht nei de Heidebuorren, it plak dêr’t Schurer wurke by de Heerenveense Koerier. Doe’t yn 1988 it Gemeenteplein oanlein waard is it by de Wettertoer set. Troch de terrassen dy’t dêr kamen, kaam it byld net mear ta syn rjocht. Dêrom dat it, op inisjatyf fan freonen en de widdo fan de makker, Guus Hellegers, no yn de gersstripe oan de Tsjerkestjitte in plak kriget.