Skriuwwedstriid: Ferslaan Grutte Pier… mei wurden

Foto: Geart Tigchelaar

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.
 
Grutte Pier daget jo út
Skriuw in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht oer wat foar Pier it iennichste wie dat telde: FRIJHEID. Hoe’t jo dat tema útdjipje, is oan jo; dêr binne jo alhiel frij yn. Fragen dy’t jo op paad helpe kinne soene: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr’t er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld? Hoe is frijheid belibbe troch de iuwen hinne? Hoe sjocht frijheid derút? Binne wy yn 2020 noch wol frij, as yndividu of as groep? Hoe is dat yn Fryslân, yn Nederlân en wrâldwiid?

Spulregels
* De tekst is op syn heechst 1500 wurden lang.
* Jo meie yn it Frysk of Nederlânsk skriuwe.
* De ynstjoerings wurde anonym beoardiele.
* Alle ynstjoerings wurde bondele yn in boek.
 
De sjuery bestiet út:
– Willem Schoorstra, skriuwer, û.o. fan it boek oer Grutte Pier: Pier – de profesij fan bline Simen.
– Meindert Bylsma, skriuwer, âld-ûnderwizer en Kimswerter.
 
Foar de winners
De priisútrikking sil om 28 oktober hinne wêze, de stjerdatum fan Pier, yn Hotel Grutte Pier te Kimswert. Earste priis: Tegeltablo besteande út 28 tegels fan Pier, makke troch Sjoukje Tijssen fan FRIEStile te Kimswert. Twadde priis: Oernachting yn Hotel Grutte Pier yn Kimswert foar twa persoanen.

Facebooktwittermail

Jou in reaksje

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *