Digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ fan Tresoar

Ijsbaan Hijum | Hendrik Elings

Wy koene dit jier wer op de pleatslike iisbaan reedride mar wat bart de rest fan de tiid mei dizze iisbanen? Fan alles: der wurdt op sporten, fee rint der op of it stik lân jout romte foar rêst en besinning. Om dizze oare kant fan in iisbaan sjen te litten, hat Tresoar in digitale presintaasje opsteld. Fan 21 maart o/m 24 maaie 2021 wurde de Fryske iisbanen yn ruste yn byld brocht mei de digitale presintaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’. 

Op de webside en de sosjale-mediakanalen fan Tresoar wurde skilderijen fan Hendrik Elings, swart-wyt foto’s fan Baukje Venema en gedichten fan alve Fryske dichters sjen litten. Sa fertelle sy op keunstsinnige en ynspirearjende wize it maaitiidsferhaal fan njoggen Fryske iisbanen. Yn in fideosearje fertelle de keunstners en dichters de ferhalen en wurdt it publyk meinaam yn de wrâld fan de iisbanen èn yn ‘e wrâld fan ’e keunstners sels.

Selfieboerd

Kinst sels ek meidwaan oan de presintaasje troch foto’s fan (dysels op) iisbanen te dielen mei de hashtag #iisbaanynemaaitiid. Tresoar hat by njoggen iisbanen yn Fryslân in selfieboerd pleatst. By dizze iisbanen kinst mei it selfieboerd op de foto: Wijckel, Nijelamer, Bakkeveen, Burdaard, Sint Jacobiparochie, Aldtsjerk, Blessum, Munnikezijl en Hijum. 

Boek ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’

By de digitale presintaasje heart it boek mei deselde titel ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ mei skilderijen fan Hendrik Elings, foto’s fan Baukje Venema makke mei in 19e-iuwske houten kamera, en de gedichten fan alve ferskate  dichters. Dat binne Johan Veenstra, Henk van der Veer, Hein Jaap Hilarides, Elmar Kuiper, Gerard de Jong, Nyk de Vries, Eeltsje Hettinga, Albertina Soepboer, Baukje Wytsma, Elske Kampen en Janneke Spoelstra. 

De digitale presntaasje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ is in gearwurking fan Hendrik Elings, Baukje Venema, alve Fryske dichters, foarmjouwer Monique Vogelsang, fideomakkers Petra van der Molen en Rob Pieters, Utjouwerij Louise en Tresoar. 

Facebooktwittermail

Oprop Transpoesie yn Brussel

It TRANSPOESIE projekt waard yn it neijjier fan 2011 start yn Brussel, ta eare fan de Europeeske Dei foar Taal- en Linguistyske Diversiteit, dy’t elts jier fierd wurdt op 26 septimber.

As ûnderdiel fan dit projekt fynt der elts jier in poëtysk poadium plak dêr’t dichters út hiel Europa wei oan meidogge en mekoar en it publyk ynspirearje. Oft dat dit jier op lokaasje wêze sil of online, is no noch net te sizzen. De ôfrûne jierren hawwe Nyk de Vries, Janneke Spoelstra en Elmar Kuiper it Frysk mei gloede fertsjintwurdige. De dichters ha op it evenemint foardroegen út harren wurk en ien fan harren gedichten wie te lêzen yn it iepenbier ferfier fan Brussel.

Wolsto gading meitsje nei in plakje op dit Brusselske, EU- en poëtyske poadium, dan is dizze oprop wat foar dy. Meld dy foar 11 april oan troch oan it bestjoer fan it Skriuwersboun in mail te stjoeren mei in gedicht dy’tst graach foardrage wolst op it festival.

In ûnôfhinklike sjuery sil in kar meitsje út de oanmeldings en komme ta in foardracht oan de organisaasje fan Transpoesie. Neist ús bestjoerslid, Ammerins Moss-de Boer, oersetter en tolk Ingelsk dy’t foar har wurk regelmjittich sels op it poadium de mikrofoan yn hannen hat, kinne wy dit jier bôgje op de ûnderfining fan Alex Riemersma, lektor Frysk & Meartaligens oan NHL Stenden en provinsjaal adviseur taalbelied, en dichteresse Janneke Spoelstra, dy’t yn 2018 de Fryske literatuer fertsjinwurdigje mocht yn Brussel en fan wa it wurk al yn meardere talen útjûn is.

Mear oer Transpoesie is hjir te lêzen: www.transpoesie.eu/

Facebooktwittermail

Online-kursus ‘Proaza skriuwe’

In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal.

Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan?

Yn dizze kursus ‘proazaskriuwen online’ fan Tresoar krije de kursisten fia Meet troch skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch.

Yn de lessen krije de kursisten online ynformaasje; de kursisten geane  thús mei opdrachten oan de slach en stjoere dy per mail op.

Feedback fan de kursusliedster giet ek oer de mail. Wa’t derneist ferlet hat fan feedback fan de oare kursisten kin dat oanjaan. Fragen fan kursisten oer de stof wurde per mail of – as it kin – online behannele.

It foardiel fan dizze kursus online is dat elk, oft men in ferhaal of in hiele roman skriuwe wol, meidwaan kin, trochdat elk persoanlike begelieding per mail krijt.

De kursussen binne op moandeitejûn fan 20.30 oere oant 21.30 oere, en wurde jûn yn it Frysk.

Jetske Bilker (1960) is ôfstudearre yn Literatuerwittenskip, skriuwt proaza sûnt 1988, wie proaza-kritikus en publisearre fjouwer romans en in ferhalebondel.

Ynformaasje

  • De kursus is rjochte op it skriuwen fan proaza
  • 6 jûnen
  • Data: moandei 1 maart, 15 maart, 29 maart, 12 april, 26 april maaie en woansdei 26 maaie
  • Tiid 20.30 – 21.30 oere
  • Doelgroep skriuwers: begjinnende en/of betûfte skriuwers
  • Dielnimmers krije op de earste jûn algemiene skriuwynfo
  • Opjefte foar 1 april by ynfo@tresoar.nl
  • Kosten € 80,00. Dat bedrach graach oermeitsje op NL15 RABO 0127 5942 64 fan Tresoar, ûnder fermelding fan: Skriuwkursus Proaza
  • De fier- en skriuwtaal is Frysk
  • It minimale oantal dielnimmers is 5.
  • Tresoar organisearret dizze kursus

Facebooktwittermail