Winners Essaypriis bekendmakke

Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.

(foto: Sjieuwe Borger)

De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.

Facebooktwittermail

In keninklike rispinge

Ofrûne moandei wie it Keningsdei, en ik doar hast wol te wedzjen dat minsken op de rommelmerk stapels mei (âlde) boeken kocht hawwe. Mar foar wa’t nocht hat oan nije útjeften, dy binne der fansels ek west de ôfrûne tiid.

Us leden hawwe hiel wat ôfskreaun, en der komt de kommende wiken allinnich mar mear by, want der steane wat presintaasjes op de aginda!

In lyts oersjoch…

Elmar Kuiper – Wytbekroek (Hispel)
Sintraal tema yn Wytbekroek is de dea. Dizze fûgel (roek) jout mei syn stim en eigen aksint, boadskippen oan ’e dichter en lêzer troch. Elmar Kuiper tekenet lyrysk en ritmysk, bonkich en liiflik op wat de fûgel sa al skrast en bekrast. Hy praat mei syn heit en mem, wikselet kaaimominten út syn jeugd, koart en krekt beskreaun, ôf mei mominten út it hjir en no. Guon fersen ferwize nei oare dichters. Yn oare fersen lit er de noed oer de wrâld en de leafde foar syn bern trochklinke. Wytbekroek is Kuiper syn achtste Frysktalige bondel.

Paul van Dijk – Tys & Teske (Afûk – Ljouwert)
Yn stee fan mei Tomke, kinne bern no Frysk leare mei Tys en Teske. De ferhalen fan Tys en Teske steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harsels yn de aventoeren en reagearje op wat se sjogge en hearre. It earste boekje is skreaun troch Paul van Dijk. It boekje is fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ­’e kunde komme kinne mei Tys & Teske.

Jan-Hendrik Woudstra – Fryske Flarden (De Pinne)
Fryske Flarden is in yntinse, persoanlike samling fan wurden dy’t ûntstien binne út stilte, leafde en it libben sels. Jan Hendrik Woudstra lit yn dizze bondel sjen hoe’t tinzen, oantinkens en gefoelens har foarm fine yn it Frysk. Te keap fia de boekhannel of op de eigen website.

Martinus Jellema – Nederlands is Fries met een Frans(ch)e tongval (Aspekt)
Net yn it Frysk, mar wol oer it Frysk! In boek oer wurden, betsjutting, relaasjes en de oarsprong fan… alles dêrtuskenyn. Oeral te keap, mar fansels it leafst gewoan by de lokale boekhannel of op de website fan Martinus sels.

Facebooktwittermail

Rispinge jannewaris 2026

Troch drokte is der al tiden gjin Rispinge mear makke, mar dat betsjut dat de beam no tsjokfol hinget mei prachtige ripe fruchten! Alles lekker troch mekoar: berneboeken, fiksje, gedichten… Us leden skriuwe prachtich wurk! (Binne wy wat fergetten? Jou it dan even troch!)


De ierde giet troch minskehân teloar – Durk van der Ploeg (Het Nieuwe Kanaal)

Ta eare fan syn 95-ste jierdei ferskynt dizze nijste, benearjend aktuele roman.

Aling Koudenburg, learaar biology, wurdt der ûnrjochtlik fan betichte dat er ien fan syn studinten tenei west hat. Dat bringt him sa fan ’e wize dat er net langer ûnder de minsken doart te wêzen en dêrom siket er oar wurk. Hy sollisitearret en kriget in baan as fûgelwachter op in ûnbewenne eilân foar de Dútske kust. Troch min waar, hurde wyn, in stoarmfloed en mei in ûnferwachte gast moat er flechtsje foar heech wetter. Dy flecht rint út op in lange dramatyske reis.

Geller – Gabriëlle Terpstra (DeRyp)

Geller is derfan oertsjûge dat se nergens foar doocht. Se fynt harsels dik, dom, ûnsjoch en dêrom absolút ûnynteressant. Mei smoken, seks, sûpen en drugs besiket se dat byld te feroarjen. Se rint fêst en beslút te ferhúzjen nei in wengroep. Dêr moetet Geller wûnderlike types.

Gabriëlle Terpstra publisearre al gedichten en koarte ferhalen yn ferskate literêre tydskriften. Mei it kollektyf Pauper Poëzie brocht se meardere wurken út, ûnder oare in dichtbondel yn risoprint. Har bondel Tjintwurdich is alles better kaam út yn 2024. Geller is har earste roman.

Fier dyn eigen taal. Vier je eigen taal. Celebrate your own language (Frysk en Frij)

Oerfloedich nij poëzygenot: 222 dichters oer it tema taal yn sa’n 70 ‘lytse talen’!

In wjukslach tsjin ‘e blauwe loft – Piter Boersma (Hispel)

Yn dizze alfde dichtbondel fan Piter Boersma stiet in grut ferskaat oan poëzy, sawol wat foarm as ynhâld oangiet: it giet om fjouwerrigels, trijerigels, strofyske al of net rymjende gedichten, frije fersen, koarte en lange gedichten, ynhâldlik lit de dichter him út oer syn ferhâlding mei natuer en kosmos, it belibjen fan syn omjouwing, giet it om oertinkings oangeande it libben.

Hjerstkeal – Elmar Kuiper (Hispel)

Elmar Kuiper debutearre yn 2004 mei de bondel Hertbyt. Sûnt ferskynden fan him 7 Fryske bondels. Foar de bondel Ferlosboartsje waard him yn 2025 de Gysbert Japicxpriis takend. Ta gelegenheid dêrfan is Hjerstkeal útbrocht, in lytse blomlêzing mei fersen dy’t Kuiper sels útsocht hat.

Grûnwetter – Remco Kuiper (DeRyp)

Grûnwetter is in rike bondel dy’t sêft fan toan is. Yn hechte, mar linige taal set de dichter it lichte neist it swiere, op in tige persoanlike wize. Dit yn in lânskip dat feroare is, mei hieltyd it wetter dat troch de grûn syn gongen fynt, it ferline suveret, de boarne siket. Foar it earst is Remco syn poëzy no bondele.

Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) – Janneke Spoelstra (gearstaller) (Afûk)

Wat it is, of wêze kin, om jin te bejaan yn ’e Fryske literatuer, en dan spesifyk foar froulju, dêr giet dit boek oer. Wêr komt de ynspiraasje wei? Wat binne de hindernissen? Binne de kânsen foar elkenien like grut? Hoe sit it mei de genderbalâns yn ’e Fryske poëzy? Hoe sjocht de Fryske literêre ljedder derút? Skriuwe manlju mear as froulju? Publisearje froulju minder gau? Wêrom is de Gysbert Japicxpriis foar poëzy sûnt 1986 noch net ienkear wer nei in frou gien? Hoe sjogge de ynterviewde froulju nei dizze saken?

Dit boek is in update fan Jelma Sytske Knol har boek, ‘út syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân (1993), mar hat syn eigen oanpak en útwurking. Om in byld te sketsen fan hoe’t it fierder gien is mei de froulju yn ’e Fryske literatuer, en dan benammen yn de Fryske poëzy, ynterviewde Janneke Spoelstra tsien fan harren, kollega-dichters, want se dichtet sels ek. Spoelstra skreau ek in ynlieding by de ynterviews en skôge de antwurden.

Sipke sjocht stjerkes, De geheime doar – Lida Dijkstra (Rubinstein/Afûk)

Twa nije boeken fan Lida: yn it earste, Sipke sjocht stjerkes, fynt Sipke it mar dreech om in wurkstik oer planeten te meitsjen. Dêrom nimt pake Pipermûs him mei nei it Planetarium fan Eise Eisinga yn Frjentsjer. Tegearre ûntdekke se hoe’t it sit mei it sinnestelsel… en de romte dêr foarby.

De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip.

Oan ‘e ein fan De Oere. It ferhaal fan de famylje Zwart út Moddergat – Anne-Goaitske Breteler (Afûk)

Oan ’e ein fan De Oere fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart. It grutste part fan harren libben wennen de net-troude broers Pieter, Jan, Dirk en harren suster Wytske mei-inoar op it âlderlik stee: in pleats yn Moddergat. It troch Breteler optekene famyljeferhaal bringt de lêzer ticht by in bysûnder gesin dat nettsjinsteande grutte feroaringen trou bleau oan it leauwen, oan elkoar en oan it âlde hiem. Oan ’e ein fan De Oere jout in unyk ynsjoch yn in wrâld dy’t net wer weromkomt. It is in portret fan ferlies en fassinaasje – mar ek fan de fraach: wat betsjut it as in famylje, en harren erfgoed, ynhelle wurdt troch de tiid en driget wei te wurden?

Ut de sketsboeken fan Pier Feddema – Elske Schotanus (gearstalling) (Stichting Pier Feddema en útjouwerij DeRyp)

Pier Feddema (Eanjum 1912-Balk 1983) makke part út fan de keunstnersgroep Yn ’e line. Neist syn ekspressionistyske skilderijen binne tal fan sketsboeken fol mei spontaan fêstleine observaasjes bewarre bleaun. As keunstner wurdt Feddema yndield by de ‘Fryske ekspresjonisten’, mar syn sketsen en tekeningen binne fan alle tiden. Foar dit boek is in seleksje makke út de steapels sketsboeken fan Pier Feddema en Elske Schotanus makke der in ynlieding by.

Spegelrinner – Paul van Dijk (Afûk)

Spegelrinner giet oer dreambylden, binnenlûden, de simmer en de see, it no, de takomst en it ferline. It lyrysk ik is geduldich en wachtet – op in moeting. Spegelrinner is in konfrontaasje mei it eigen ferline, in syktocht yn ’e spegel, nei himsels.

Paul van Dijk is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen. Sa makke er ferhalen, yllustraasjes en ferskes foar bern en skriuwt er gedichten foar folwoeksenen. Syn gedichten binne mearke-eftich en ryk oan bylden.

Facebooktwittermail

Algemiene Ledegearkomste op 5 juny 2025

Hjoed binne de stikken nei de leden stjoerd foar de Algemiene Ledegearkomste op 5 juny. De wurklist stiet ek by de dokuminten op dizze reachside. Mochten der noch leden wêze dy’t de stikken graach op papier tastjoerd krije, dan kin dat fansels. Even maile nei it bestjoer!

Wy sjogge graach sa folle mooglik leden op 5 juny.

Facebooktwittermail

Rispinge hjerst 2024

En samar ynienen is it novimber! Dat betsjut dat it wer tiid is om in moaie list te meitsjen fan it wurk dat de ôfrûne moannen ferskynd is. En dat is in moaie list! Om’t hjoed ek it Boekefeest is, en de Fryske Boekewike moarn begjint, is it fansels sa dat in soad skriuwers nij wurk yn dizze perioade oanbiede. Dus, nei de winkel, dan krije je der ek noch gratis in ekstra boek by!

Fan ús leden allinnich al binne de folgjende wurken ferskynd (en folgjende wike komme der noch in pear by…):
Marga Claus – Libbe (Afûk)
Durk van der Ploeg – De neidagen (Het nieuwe kanaal)
Martsje de Jong – oersetting De rôf fan de Fryske mummy fan Jorrit de Klerk (Afûk)

Al earder yn it jier ferskynd, mar in bytsje ûndersnijd en dêrom no even wer yn it sintsje: Tiemersma, Koos – Koade read (Het Nieuwe Kanaal)
Gabrielle Terpstra – Tsjintwurdich is alles better (Hispel)


En yn it Nederlânsk:
Lida Dykstra – De wonderverteller, over de reizen van Marco Polo (Luitingh-Sijthoff)
Jetske Bilker – Spiegel en sonde (Noordboek, eigen oersetting fan Spegel en sonde)
Tjeerd Schuhmacher – De vuurtorenwachter en zijn dochter (Elikser)
Reina&Greetje – Lang zal eland leven (Aurora Concepts)
Joke Pas – Leven (Trivium Uitgeverij)

Folgjende wike folget der noch in koarte list!

Facebooktwittermail

Twatalige bondel fan Jan Hendrik Woudstra – Levensadem

Jan Hendrik Woudstra presintearre ôfrûne moanne yn It Geboutsje yn Drachtster Kompenije syn sechsde dichtbondel: ‘Levensadem’. Woudstra lies op dizze middei foar út syn nijste bondel. Njonken gedichten is in ‘Levensadem’ ek in famyljeferhaal opnaam. Dit jier is it hûndert jier lyn dat Jan Modderman fermoarde waard. It ferhaal giet dat hy de oerpake wie fan Jan Hendrik. Wilens it skriuwen fan dit famyljeferhaal wiene der ûntjouwingen dy’t nei hûndert jier antwurd joegen.

‘Levensadem’ is al te keap by útjouwerij De Pinne of by Woudstra sels fia inGedichten7@gmail.com (ISBN 9789403733319).

Facebooktwittermail

Jacobus Quirijn Smink 31-1-1954 – 27-1-2024

Krekt foar syn santichste jierdei moatte wy ôfskie nimme fan in bysûnder lid fan It Bûn. In dichter dy’t yn syn wurk romte joech oan alle fasetten fan it libben, ljocht en tsjuster, fertriet en bliedskip, leafde en sykte. Mei syn bondel ‘Sondelfal’ wûn er mei rjocht de Gysbert Japicxpriis. Ek as redaksjelid fan Hjir en Ensafh. en as oersetter fan wrâldliteratuer hat er de Fryske literêre wrâld kleur jûn.
Sûnt er wer werom ferhúze nei Sondel sloech er gjin gearkomste fan it Bûn oer; ek op it Skriuwerswykein wie er der koart by en begjin dit jier hawwe we tegearre noch proaste op in moai jier. Wy sille him misse.

De útfeart is freed 2 febrewaris yn Sondel, mar ek online (De Haven, Sondel) te folgjen.

Ut Sondelfal (2009):

Spilest hieltyd itselde deuntsje
Op ‘e lier sikerwier
Biddeste mar wat ta dyn God

Gun har it feest fan de ûnderwrâld
Wat ferlern giet
Yn in omsjoch
Sjoch der net nei om

In prachtich In Memoriam is ek te lêzen op de reachside fan De Moanne. In biografy oer it libben fan Jacobus sil yn 2024 ferskine.

Facebooktwittermail