Njoggende bondel fan Abe de Vries as e-book

ALDSYL – Tongersei 14 maart is te Aldsyl presintearre de njoggende dichtbondel fan dichter en Gysbert Japicxpriis laureaat Abe de Vries, titele Mienskar.
 
De bondel is subsydzjefrij ta stân kaam en papierfrij inkeld as e-book útbrocht. De pdf is fergees del te laden fia www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com en it Facebook-account fan de auteur.

Mienskar befettet 35 sonnetten dy’t har rjochtsje tsjin it fan minsken ferjarre (keunst)klimaat yn Fryslân en foarmet op syn eigenwize wize in wjerlûd fan Rintsje Sybesma syn Ta de moarn.
 
Abe de Vries (1965, Winaam) debutearre yn 2002 mei de bondel De weromkommer yn it ûnlân en krige yn 2005 foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004) de Gysbert Japicxpriis takend. Underskate fan syn bondels waarden dêrnei noch nominearre foar ‘de Gysbert’.

Facebooktwittermail

Set Fryske literatuer earst goed op ‘e kaart

Ljouwert wol him kandidaat stelle foar de titel City of Literature. It Skriuwersboun sjocht kânsen en stiet derop oan dat de Fryske literatuer goed op ’e kaart set wurdt.

Op 14 febrewaris lêstlyn hat It Skriuwersboun de listlûkers fan ferskate politike partijen útnûge om mei-inoar te praten oer de Fryske literatuer en oer it provinsjale belied ta befoardering fan dy literatuer. Neist de politike diskusje hawwe wy yn poëzijfoardrachten de skientme fan it Frysk sjen litten. Mei in kwis ha wy wat fan de skiednis fan ús literatuer toand en yn in kollum krige de produksje fan hjoeddeisk Frysk proaza klam.

Op de jûn yn Tresoar wienen in protte Fryske skriuwers oanwêzich, ryp en grien. Skriuwers dy’t net allinnich skriuwe, mar ek aktyf binne op poadia, foarlêze op skoallen en yn biblioteken. De Fryske literatuer libbet as in hert. Sjoch mar nei al dy nije berneboeken dy’t ferskine en it omtinken foar it wurk fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga en Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja.

It Skriuwersboun wol der by de folksfertsjintwurdigers op oanstean om it belang fan de Fryske literatuer – no en yn ’e takomst – foar eagen te hâlden. Benammen no’t Ljouwert him kandidaat stelle wol foar de prestisjeuze titel UNESCO City of Literature, wurdt it heech tiid om mei-inoar de ynfrastruktuer ûnder de loep te nimmen.

As Skriuwersboun sjogge wy mooglikheden om op ferskate terreinen de posysje fan de Fryske literatuer fuort te sterkjen. De ‘ynfrastruktuer’ om Fryske skriuwers en de fersprieding fan harren wurk te stypjen is yn de ôfrûne desennia hieltiten smeller wurden. Dêrmei bedoele wy ûnder oare de boekepromoasje troch Boeken fan Fryslân, yn literatuer spesjalisearre meiwurkers by Tresoar en de Fryske Akademy, en de oanwêzigens fan Fryske literatuer yn de regionale media.

Boeken fan Fryslân is tsjintwurdich ûnderbrocht by de Afûk. De nije opset fan de Sutelaksje wurket. Om de marketing fan it Fryske boek duorsum te fersterkjen binne lykwols mear minsken (fte’s) nedich as de Afûk dêr no foar hat. Mei romte foar ekstra minsken yn de organisaasje kin de boekepromoasje profesjoneler en diverser oanpakt wurde om mear lêzers te berikken.

By de foar Fryske literatuer essinsjele kulturele ynstellingen Tresoar en Fryske Akademy (dy’t troch de provinsje mei bekostige wurde) wurdt it tal meiwurkers mei ekspertize yn Fryske literatuer aloan lytser. Op dy wize giet kennis oer it Fryske literêre erfskip foar de Fryske mienskip ferlern. As wy yn Fryslân it Frysk serieus nimme, heart dêrby dat de literatuer yn it Frysk bestudearre en tagonklik makke wurdt. De provinsje is yn de posysje om derfoar te soargjen dat mear profesjonele minsken sok wurk dwaan kinne.

Ynternasjonale kontakten binne in ferriking foar de yndividuele skriuwer, mar ek foar de Fryske literatuer yn it algemien. Dêrmei bedoele wy net allinnich dat it Frysk yn kontakt stean moat mei oare minderheidstalen, dat kin likegoed mei lytse en sels mei grutte talen. Yn it bûtenlân is men in folweardige bûtenlânske skriuwer, net sasear in skriuwer yn in minderheidstaal.

De provinsje is in grutte jildsjitter foar Omrop Fryslân. As men earne jild oan útjout, mei men dochs ek freegje om in tsjinprestaasje. It soe in tige grutte opstekker foar de literatuer wêze as der in strukturele literêre programmearring kaam by Omrop Fryslân.
Wy sjogge in grutte kâns foar Ljouwert om de titel binnen te slepen, mar dêrfoar moatte ûnderskate fjilden al gearwurkje.

De polityk moat njonken de ynstituten ek de skriuwers derby belûke en oarsom: mei-inoar de skouders derûnder om de literatuer op de Fryske, nasjonale en ynternasjonale kaart te setten. En dêrmei binne wy by dyjinge bedarre dêr’t it om draait: jo as lêzer.

Geart Tigchelaar is sikretaris fan
It Skriuwersboun

Publisearre yn de Ljouwerter Krante op 12-03-2019 en op ynternet.

Facebooktwittermail

Literêre jûn op 30 maart

Boeken fan Fryslân organisearret op 30 maart o.s. in literêre jûn mei meiwurking fan Jan Siebelink (auteur fan it Boekewikegeskink ‘Jas van belofte’), Jetske Bilker (oersetter fan it Boekewikegeskink), Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands) en Eeltsje Hettinga (Dichter fan Fryslân). Oanfang: 20.00 oere. Lokaasje: Dûnsskoalle Saco Velt, Saccramentsstrjitte 19, Ljouwert. Tagongskaarten à € 7,50 binne fan hjoed ôf te keap by Boekhandel Van der Velde Ljouwert, de Afûkwinkel en fia de Afûkwebsjop.

Facebooktwittermail

Tsjechysk boek oer Fryske literatuer

Yn Tsjechië wurdt in bedrach fan € 15.000 frijmakke foar it skriuwen en publisearjen fan in skiednis fan ’e Fryske literatuer yn it Tsjechysk. Dat bedrach is tasein oan Professor Wilken Engelbrecht troch de Fakulteit Letteren fan ’e Palacký Universiteit fan Olomouc.

Professor Engelbrecht wie yn april 2018 ien fan ’e sprekkers op ’e earste konferinsje foar Fryske geasteswittenskippen Conference on Frisian Humanities, in ûnderdiel fan LF2018, dat plakfûn yn De Harmonie. Hy spruts dêr doe oer wat der oer Fryske literatuer yn East-Europa bekend wie.

Foto: Kristýna Erbenová

Professor Engelbrecht krige de finansjele fergoeding fan ’e Universiteit fan Olomouc foar in boek oer Fryske literatuer mei op grûn fan stipe fan ’e Fryske Akademy.

Facebooktwittermail

Ljouwert wol City of Literature wurde

Foto: Lucas Kemper

Op tongersdei 28 febrewaris waard de balâns opmakke oangeande Ljouwert Kulturele Haadstêd. Dêr waard troch Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur fan LF2018, bekend makke dat Ljouwert besykje sil de titel fan UNESCO City of Literature yn ‘e macht te slepen: ‘As wy UNESCO City of Literature wurde, jouwe wy de Fryske literatuer in ynternasjonaal poadium.’

Facebooktwittermail

Kollum Douwe Kootstra op Ensafh

De kollum dy’t Douwe Kootstra útsprutsen hat op de jûn ‘Polityk moetet Literatuer’ op 14 febrewaris is no te lêzen op de webside fan Frysk literêr tydskrift Ensafh.

Dêr sitte wy dan wer, it espeltsje usual old Frisian cultural suspects, krekt as fjouwer jier lyn, op itselde plak. Wat wie ’t doe in fleurige jûn. Ja, gesellich, mar fierder in winterjûnenochtfoarstelling dy’t yn de resinsjes mei muoite ien stjerke helle. Allegear o sa leaf foar elkoar, doe, dy akteurs, benammen neat sizze, mar boppe al dy optimistise listlûkers – want zetelwinst! zetelwinst! – seach ik skiere wolkjes hingjen mei twa dúdlike teksten, ôfhinklik fan de grutte fan de partij. Earste tekst: ‘Mei ik asjeblyft ek ris meidwaan?’, en, de twadde tekst: ‘Wa komt yn ’e beneaming foar in fjouwerjierrige kick out?’ It is altyd itselde fertoan, want it is ommers koälysjepolityk. Hawar, it formaasjeresultaat sit hjir jûn gesellich by ús.

Foto: Haye Bijlstra

Lês fierder op Ensafh.

Facebooktwittermail

Frysk boekebal

Op sneon 2 maart is de ôftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. Hy skreau it Fryske boekewikegeskink Rosmos datst de hiele moanne maart kado krigest by oankeap fan € 12,50 oan boeken. Dizze jûn  op it programma: fansels de útrikking fan it earste eksimplaar fan it kadoboek Rosmos oan deputearre Sietske Poepjes. Fierder master tattoeëarder Rinto dy’t smoute ferhalen fertelt en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille. Kom del, it is gratis! Ynrin fan 20.00 oere ôf, start programma om 20.30 oere. Lokaasje: Neushoorn, Ruiterskwartier 41 yn Ljouwert.

Facebooktwittermail

De takomst fan ‘e frisistyk yn Nederlân: Sympoasium

It liket net goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk.

Wa’t de frisistyk – de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde – fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan sa’n fjirtich, fyftich jier lyn, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechlearen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol VU as UvA), Utert en Leien. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich.

Mar op dit stuit binne der gjin bysûndere heechleararen Frysk mear en is de frisistyk oan de RUG en UvA ûnderbrocht yn bredere programma’s. It resultaat is dat de universitêre frisistyk yn Nederlân net allinnich sterk ynkrompen is, mar ek dat der in opfolgingsprobleem ûntstien is. By de Fryske Akademy is ûndertusken it aksint ferskood nei skiednis en sosjolingwistyk. Der binne gjin jonge frisisten mear mei in fêste oanstelling op dat ynstitút.

It tal faktydskriften is lytser wurden en it útwikseljen fan ideeën en oparbeidzjen yn projekten tusken Amsterdam, Grins, Ljouwert en Leien mei gjin namme ha. De útwikseling fan dosinten en studinten tusken Grins en Kiel is stilfallen.

Om koart te kriemen, it liket net al te goed te gean mei de frisistyk yn Nederlân. Dy fêststelling foarmet de oanlieding ta it organisearjen fan in kongres oer de takomst fan de frisistyk. Libbet de frisistyk noch of is dy dissipline in ûnbrûkber wurden erfstik út in noch net sa fier ferline? Is der wol plak foar sa’n lyts fak, no’t opliedingen hieltiid mear studinten hawwe moatte om oerlibje te kinnen? En is der (noch) genôch politike wil om de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal te stypjen?

Trije heechleararen frisistyk, universitêre dosinten en minsken út it fjild sille foar it buordsje. De dei wurdt ôfsletten mei in rûnetafelpetear tusken Geart de Vries (HSL) en in ferskaat fan eksperts waans miening fan grut belang is, lykas beliedsamtners fan de provinsje Fryslân, fertsjinwurdigers fan de Frysktalige mienskip, HBO-dosinten en in taalkundige fan it Meertens Instituut.

Datum, tiid en plak
Freed 29 maart 2019, 10.30-16.00 oere. Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlde

Tagong en opjefte
Meidwaan oan it sympoasium is fergees. Graach yn it foar – foar 25 maart – opjaan fia baly@fryske-akademy.nl (y.f.m. sealkapasiteit en lunsjfoarsjenning)

Mear ynformaasje oer it programma folget ynkoarten.

It sympoasium wurdt organisearre troch de Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit te Grins (SFFYRUG) yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Facebooktwittermail